Berne: 05-03-1953, De Pomp
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Eppie Dam is op 5 maart 1953 berne yn De Pomp (Kollumerpomp), yn in agrarysk fermidden. Hy folge de oplieding ta ûnderwizer en wurke as sadanich earst op Urk en letter yn Balk. Op dit stuit wennet er yn Sleat.
Eppie Dam is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Yn tsjerklike rûnten hat er namme makke as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy't passe yn de ferskillende perioaden fan it tsjerklik jier. Hy docht dat tegearre mei Hindrik van der Meer dy't de melodyen fan de lieten komponearret. Dam publisearret yn it Frysk, it Nederlânsk en yn it dialekt fan syn bertedoarp, it Pompsters.
Dichter
Eppie Dam debutearre yn 1978 twa kear, de dichtbondel Mei de jierren en de ferhalebondel Strie oerdwers ferskynden beide yn datstelde jier. Dêrnei duorre it fiif jier foardat der wer in dichtbondel fan him útkaam, de bondel Tusken juster en jûn (1983). Yn de perioade 1983-1986 publisearre er alle jierren in dichtbondel. Goddeleaze tiid ferskynde yn 1984, de bondel mei sonnetten, Fjouwer fertikaal, yn 1985. De measte fersen út Fjouwer fertikaal wiene tusken 1980 en '85 al publisearre yn Trotwaer. Tegearre mei Margryt Poortstra joech er yn 1985 ek noch de bondel Boulân út. De titel slacht op de Iselmarpolders, De Noardeast- en de Flevopolder, dêr't de beide dichters doe wennen. Fan de yn totaal santjin gedichten dy't yn de bondel steane, binne de earste tsien fan de hân fan Eppie Dam, de lêste sân fan Margryt Poortstra.
Yn 1986 joech er wer twa bondel yn it ljocht: De kaai ûnder de klok, in bondel dêr't de dichter yn wrakselet mei syn dichterskip, en Te lange lêsten. Yn Te lange lêsten hat Eppie Dam by 14 ôfbyldings fan skilderijen fan Henk Pietersma gedichten skreaun. It is in prachtich útjûn boekje, dêr't de gedichten ek selsstannich fan lêzen wurde kinne, mar yn kombinaasje mei de ôfbyldings fan de skilderijen in ekstra diminsje krije. Njonken poëzy yn it Fysk publisearre Dam ek in bondel mei fersen yn it Pompsters, De Pomp (1988), it mear nei it Grinslanners útskaaiend dialekt fan syn berteplak. De krapoan tweintich fersen yn De sachte tufkes fan dyn Lister (1993) binne opdroegen oan de ferstoarne heit fan de dichter. De bondel Leaf en nuddels (1998) befettet boartlike fersen, de 'leaf' fersen, en gedichten mei in skerpe ûndertoan, de 'nuddel' fersen.
Yn 2004 kaam syn tolfte dichtbondel Neigeraden it noarden út. Dam giet yn syn dichtwurk gauris werom nei syn ferline. Werom nei syn bertestreek yn it noarden fan Fryslân dêr't er grut waard en dêr't syn woartels lizze, werom nei de ienkennige en ienkleurige wrâld fan doe. Yn Neigeraden it noarden besiket de dichter oan de hân fan in swart-wyt foto fan syn ferline, dat ferline efternei noch yn te kleurjen mei it dynamysker each fan hjoed. Dat docht er ek by wurk fan skilders fan De Ploeg, de keunstrjochting dy't yn de jierren tweintich besocht om it noarden de gloede te jaan dy't it fan natuere yn him hat.
Yn 2009 ferskynde de bondel Blausucht. Neffens de foarige bondel is Blausucht minder griis fan karakter en kwa tematyk minder strang opboud. It earste gedicht fan de bondel begjint sa: 'Hjir liet in skilder syn palet / en groeiden út 'e ravaazje / fan kleuren tûzen fearren.' Hy behannelet allegear ûnderwerpen, lykas ynderlike twastriid of it ferfleanen fan de tiid. Dêrneist bestiet de bondel ek út gedichten dy't skreaun binne foar persoanen, bygelyks Foppe de Haan, of dy't makke binne by skilderijen fan ûnder oare Rembrandt en Vermeer. Dat lêste docht er faker, lykas yn Mem sjoch boi (2012). Yn dy bondel stiet de Mem sintraal, in mem mei leafde en beskerming, mar ek mei eangst en pine. De bondel waard nominearre foar de Gysbert Japicxpriis 2013.
Yn it skift Oarmans fearren yn Blausucht hat Eppie Dam gedichten fan oaren oersetten, fan bygelyks William Blake en William Butler Yeats. Yn Fallend ljocht (2014) docht er dat wer. Yn it skift Net út eangst foar de dea hat er 19 fersen fan Czesłosz Miłosz oersetten. De titel fan dat skift past by de hechte tematyk fan de bondel; it giet oer ôfbrek en ferlies. Ofbrek en ferlies fan libben, mar ek fan it leauwen. It wurdt persoanlik mei't Dam de sykte fan Huntington hat, in harsensykte, wat gauris yn de bondel oan de oarder komt. It earste gedicht begjint sa: 'It is griis en it sit yn 'e holle. / It is in riedsel, safolle is bekend, / en it komt foar bij mar fyftjinhûndert minsken.' De bondel krige de Gysbert Japicxpriis 2017 takend. Dêrom ferskynde yn 2017 in twadde printinge fan de bondel.
Dat Eppie Dam yn syn wurk ferskate kanten útgiet, bewiist syn bondel De aap foar de bokkewein - Wat noch te rymjen yn 2016 (2017) wol. Yn dy bondel leveret de dichter in ferslach fan it jier 2016, mei oanslaggen, klimaatferoaring, in swalkjende polityk en sa mear. De minske wol foarút, mar 2016 wie it jier fan de aap. Humor is dan ek in machtich wapen, neist de earnst. Tagelyk ferskynde yn 2017 in sammelbondel mei poëzy fan Dam nei 2000 ûnder de titel Koproer. Yn dy twatalige seleksje kriget men in goed byld fan it dichtwurk fan Dam.
Om 2020 hinne brocht Dam meardere bondels út yn gearwurking mei in keunstner. Dêrby kaam Een dier is ook maar een mens ta stân mei help fan crowdfunding. Foar Inez Timmer sette er yn 2021 in oantal lieten fan Joni Mitchell oer yn it Frysk.
Proazaskriuwer
Nei syn debútbondel Strie oerdwers en soartgelike ferhalen (1978), kamen der noch twa ferhalebondels út fan Eppie Dam: De ûnderste stien (1982) en It burd fan Fidel Castro (1995). Foar de Stichting It Fryske Boek skreau er yn 1989 it boekewikegeskink, de novelle De tomaat. De tomaat wie it earste boek dat spesjaal skreaun wie as boekewikegeskink yn it ramt fan de Fryske boekewike. Yn It burd fan Fidel Castro wurdt it tema fan in skynwerklikheid, in literêre werklikheid, tsjin de saneamde werklikheid delset. Werklikheid en fiksje geane ynelkoar oer. Yn it titelferhaal skriuwt er: 'do kinst op papier dingen boppe wetter helje dêrst yn dyn dageliks libben wolris gedachten op hiest, mar dêrst dan bang foar bist omdatst de gefolgen net oersjen kinst. Of krekt al, mar dan kinst der miskien net foar ynstean. Net in mins is folslein baas oer syn eigen libben, in skriuwer al oer dat fan syn personaazje.' Eppie Dam krige trije kear in Rely Jorritsma-priis mei in ferhaal: yn 1973 mei In apel fan ljocht, yn 1975 mei Bijke en yn 2015 mei Monolooch út it pakhûs.
Berneboeken
Syn earste Fryske berneboek Spinaazje mei spikers en oare ferhalen kaam út yn 1986. It boek Achlum Nobusco en de meunsternimmers skreau er yn 1992 as aksjeboek foar Fryske bern yn de jierlikse sutelaksje fan de stichting It Fryske Boek. Foar it boek Dingeman krijt wjukken, krige er yn 2001 de Simke Kloostermanpriis. It is foar Eppie Dam in útdaging om in berneboek te skriuwen dat ek nijsgjirrich is foar âldere lêzers, in boek dat op meardere nivo's lêzen wurde kin. Op Dingeman krijt wjukken hat er dan ek likefolle reaksjes hân fan folwoeksen as fan jonge lêzers. Ek yn syn berneboeken boartet Dam mei ferskillende werklikheden. Dat komt foaral ta útering yn it boek Wouter en de 24-trui, wêryn't de jonge Wouter magyske krêften krijt as er syn trui mei it nûmer 24 oanhat.
Yn in fraachpetear yn it blêd Impuls fan 1989 seit Dam, dat er net hâldt fan moralisearjende boeken, mar benammen yn syn berneboeken wol bepaalde wearden trochjaan wol. Hy tinkt dêrby oan ferdraachsumens, earlikens en solidariteit. Syn berneboeken geane oer saken dy't de bern fan no dwaande hâlde, skreaun yn eigentydsk Frysk. De bernebibel Woord voor Woord fan Karel Eykman sette Eppie Dam oer yn it Frysk, hy ferskynde yn 1998 ûnder de titel Wurd foar Wurd.
Nei Dingeman krijt wjukken ferskynden der noch ferskate berneboeken, lykas Fjouwer dappere mûskes (2012) en Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters (2017). Yn 2014 krige Eppie Dam foar Fjouwer dappere mûskes it IBBY Certificate of Honour for Writing, en hearde it boek dat jier by de bêste fyftich berneboeken wrâldwiid. Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters waard foardroegen foar de IBBY Honour List 2020.
Sport
Eppie Dam is yn de Fryske literatuer omtrint de iennige yn waans wurk de sport en dan benammen it fuotbaljen in wichtich tema is. Yn 2001 ferskynde fan syn hân it boek Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. It boek kaam tagelyk yn in Fryske en in Hollânsktalige ferzje út. Yn de Vita-rige fan útjouwerij Bornmeer, in rige biografyen foar de jongerein, ferskynde in boek oer de legendaryske fuotballer Abe Lenstra út. Foar ûnderskate Fryske blêden en kranten hat Eppie Dam kollums skreaun. Kollums oer sport, mar letter ek oer oare ûnderwerpen sa as taal, literatuer, ûnderwiis en natuer. 65 fan dy kollums binne bondele en útjûn yn in boek mei de titel Damstikken (1997). Yn syn poëzy komt de sport bytiden ek nei foarren. Sa hat er yn Blausucht in gedicht skreaun foar Foppe de Haan en giet der in gedicht oer âld-fuotballer Gerald Sibon.
70 jier
Ta gelegenheid fan syn santichste jierdei fersoarge Abe de Vries in skôging oer de betsjutting fan Dam op de literêre webside fan Tresoar.
Wurk
Novelle
1989: De tomaat (Boekewikegeskink nû. 1)
Ferhalebondels
1978: Strie oerdwers en soartgelike ferhalen
1982: De ûnderste stien
1995: It burd fan Fidel Castro
Berneboeken
1986: Spinaazje mei spikers en oare ferhalen
1989: Babbelegûchjes
1990: Mei bleate fuotten op bêd en oare ferhalen
1991: Jelma
1992: Achlum Nobusco en de meunsternimmers (aksjeboek foar de Stifting It Fryske Boek)
1993: Wouter en de 24-trui
1995: Tachtich yn 'e bocht
1999: Dingeman krijt wjukken
2001: Pier en de bakkesbal
2005: Mezen meitsje toch gjin rúzje? Bisteferhalen fan Antoon Koolhaas. Oerset en bewurke foar bern.
2007: Lytse man
2007: Abe, in byld fan in spiler
2007: Abe, een beeld van een speler
2009: De elandkop fan omke Romke
2012: Fjouwer dappere mûskes (mei Gerrit Terpstra)
2017: Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters. Mei lino's fan Lienke Boot (2020: Nederlânstalige edysje)
2021: A is fan aapke (yll. Ankemarije Dam)
Dichtwurk
1978: Mei de jierren
1983: Tusken juster en jûn
1984: Goddeleaze tiid
1985: Fjouwer fertikaal
1986: De kaai ûnder de klok
1986: Te lange lêsten, fersen fan Eppie Dam by skilderijen fan Henk Pietersma
1988: De Pomp, Gedichten yn ut Pompster dialekt
1990: Boulân (mei Margryt Poortstra)
1993: De sachte tufkes fan dyn Lister
1995: De hûnsdagen
1998: Leaf en nuddels
2004: Neigeraden it noarden
2009: Blausucht
2012: Mem sjoch boi
2014: Fallend ljocht
2015: De tafel (by skilderijen fan Gerrit Terpstra)
2017: De aap foar de bokkewein
2017: Koproer - In kar út gedichten nei 2000 (Frysk-, en Nederlânsktalich)
2018: Ienkennich lânskip (mei fotograaf Gijs Dragt)
2018: It leafst bin ik in fûgel (mei oaren)
2020: Omstreken (gedichten by wurk Johan Haanstra)
2021: Een dier is ook maar een mens (yn gearwurking mei Janine van Zeeland)
Liturgyen en lieten
1983: Wat in gelok (bernebibellieten, skreaun troch Eppie Dam en Folkert Verbeek)
1990: Wat in gelok 2 (bernebibellieten, troch Eppie Dam, Folkert Verbeek en Margryt Poortstra)
1993: Eén zwaluw maakt zomer
1994: Een kinderlied voor de wereld
1994: Komen als geroepen
1994: Hoe sille wy fan frede sjonge?
1995: Uit hetzelfde hout gesneden
1996: Ik zie, ik zie wat jij ook ziet
1997: Hannah en de omgekeerde wereld
1998: Minsken fan 'e dei
1999: Hoe zullen wij van vrede zingen? (út it Frysk oerset troch Jan Popkema)
1999: De mantel van geefdoor
2000: Weg van de psalmen
2003: Clamantis en de amandelboom
2006: De keunst fan it libben
2008: Johann Sebastian Bach, Matteuspassy (oerset út it Nederlânsk neffens Jan Rot)
2008: Wurd fan de berch
2010: Wylst de wrâld fan wille skattert.
2011: Eigen wijs en eigen weg, 7 nieuwe liederen voor wie vogelvrij wil zingen
2011: Ut genegen fjoer, refleksjes op de skepping
2011: Uit de chaos het licht, reflecties op de schepping
2011: Himel en ierde bewege, 26 nije geloofslieten
2011: De wrâld ús went
2012: Sinnebylden, de lanlik bekende lieten fan Eppie Dam en Hindrik van der Meer yn Fryske bewurking.
2013: Ticht bij hûs bin ik geboaren (berneliturgy)
2014: Fakkeldragers yn ’e wyn
2014: Mei de adem fan Eden (by ‘De Skepping’ fan J.R. Kloosterman)
2014: Miskien moat ik myn hert ferstean (Tomas-kantate)
2015: De tijd is nabij Cantate voor de 40-dagen-tijd
2016: De weareld noch te winnen. In kantate foar it libben
2019: Sjongteksten foar it muzykteaterstik 'Titus, leven tussen stilte en stress'
2021: In frjemdling yn Jerusalim (in Fryske passy, yn gearwurking mei Gerben van der Veen)
Ferskaat
1997: Damstikken, in kar út de kollums fan Eppie Dam
2001: Foppe: Portret fan in bysûnder gewoan minske / Foppe: Portret van een bijzonder gewoon mens
2007: De stayer. De weg van Henk Kroes
2007: De skoskerinner. De wei fan Henk Kroes
2013: Oer de wjuk - Fryslâns moaiste fûgelpoëzy (gearstaller)
2013: Nije bloei. In kar út it dichtwurk fan Jan Ritskes Kloosterman (gearstalling)
2017: Lietteksten by it muzykteater Elk sines fan Teater De Kliuw yn septimber
2019: Dof fiolet is 't west (oersetting 16 sonnetten fan Dèr Mouw)
2020: Wat in koffer seit - Fersen út Theresiënstadt (oersetting)
2020: Boechbylden (in seleksje gedichten fan Slauerhoff, besoarge yn it Frysk troch Eppie Dam en Abe de Vries)
2022: Baas giele taksy (oersetting nûmers Joni Mitchell foar Inez Timmer)
Prizen
1973: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal In apel fan ljocht
1975: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Bijke
1995: Priis fan de berneboekesjuery foar Wouter en 24-trui
1996: Priis fan de berneboekesjuery foar Tachtich yn 'e bocht
2001: Simke Kloostermanpriis foar Dingeman krijt wjukken
2015: Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Monolooch út it pakhûs
2017: Gysbert Japicxpriis foar Fallend ljocht
2018: Kultuerpriis Fryske Marren (foar Ienkennich lânskip)
Nominaasjes
2013: Simke Kloostermanpriis foar Fjouwer dappere mûskes
2013: Shortlist Gysbert Japicxpriis 2013 foar Mem sjoch boi
2017: Gysbert Japicxpriis foar Fallend ljocht
2019: Simke Kloostermanpriis foar Tsjilp!
2020: IBBY foar Tsjilp!
Mear ynformaasje
Opnamen Operaesje Fers
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Hedwig Terpstra, fraachpetear Ensafh 29-09-2017
Abe de Vries, fraachpetear Friesch Dagblad, 20-05-2017
Rixt Oenema, LC 28-09-2017 (oer winnen GJ-priis)
Rynk Bosma, fraachpetear Balkster Courant 19-10-2014
Bouke Oldenhof, LC 16-10-2017 (oer Fallend ljocht en nominaasjes)
Abe de Vries, besprek Fallend ljocht Friesch Dagblad, 30-12-2014
It Fryske Gea, nominaasje IBBY 2020
Yke Bremer, Nieuwsblad van Noordoost Friesland 16-03-2021 (oer yllustraasjes fan Janine van Zeeland by Een dier is ook maar een mens)
Elisabeth Post, LC 16-04-2021 (oer Een dier is ook maar een mens)
Rianne Kramer, FD 03-07-2021 (oer Een dier is ook maar een mens)
Lodewijk Born, FD 10-09-2021 (oer In frjemdling yn Jerusalim)
Elisabeth Post, LC 18-03-2022 (oer nije Fryske passy)
Rudolf Nammensma, LC 11-04-2022 (besprek Fryske passy)
De Moanne, 19-08-2022 (oer Baas giele taksy, oersettingen fan lieten Joni Mitchell foar Inez Timmer)
Media
Tresoar Treast Telefyzje
Fjouwer dappere mûskes foarlêzen troch Eppie Dam
'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.
© Tresoar, 21-04-2021
Dit binne de portretten dy't Gerrit Terpstra makke fan Eppie Dam n.o.f. de takenning fan de Gysbert Japicxpriis 2017: