Berne: 03-04-1981, Snits

Libben en wurk

Paul van Dijk is hikke en tein yn Warkum. Hy gie nei de hafû op de RSG Magister Alvinus yn Snits. Dêrnei folge er de oplieding ta dosint Ingelsk oan NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Op it stuit wurket er as learaar Ingelsk oan it Bogerman College yn Balk.

Hy stiet bekend as in kreative tûzenpoat. Skriuwe en tekenje docht er al fan jongs ôf oan. Hy is ek muzikaal. Hy spile earst by De Beugelband, letter by Skarl, by it Brijbek Quintet en skreau muzyk foar teaterselskip De Paupers fan Henk de Boer. Hy spile ek toetsen by de band Yldau, dy’t mei it nûmer Fjoer it festival Liet 2012 wûn.

Yn 2008 komponearre er filmmuzyk foar trije animaasjes fan skilderijen fan Jopie Huisman. Yn dy aktiviteiten wurket er in soad gear mei oaren. It skriuwen, as tige yndividuele bezichheid, fynt er lykwols ek hearlik. Skriuwen sjocht Van Dijk as ien fan syn wichtichste aktiviteiten. Hy kin dêr in soad fan himsels yn kwyt: eangsten, dreamen en tinzen. Al dy kreativiteit komt byelkoar yn syn berneboeken. Van Dijk skriuwt syn ferhalen mei ferbyldingskrêft en humor. Syn protagonisten, faak bern, meitsje ûngewoane dingen mei wat har uteinlik ta in ynsjoch bringt. Neist it gebrûk fan alliteraasje, healwize grappen en sels betochte wurden stribbet er dernei om de fantasijwrâld te keppeljen oan de deistige realiteit, mei tema’s fan no lykas âlden dy’t útinoar binne, freonskip of narje.

Sûnt 2009 hat Van Dijk syn eigen berneteaterselskip Knûkel. De ôfrûne jierren skreau er dêr in ferskaat oan stikken foar, bygelyks Renske wol stoer wêze. Hy makke ek de muzyk en ûntwurp en bespile de poppen. Doe’t de lêste foarstelling spile wie, spiet it him dat de tekst dêr eins mei ferlern gie. Hy hie altyd al yn de holle om ris in berneboek te skriuwen en de ein fan de teaterfoarstelling wie de oanlieding om dêrmei te begjinnen. Sa kaam it boek mei deselde titel as de teaterfoarstelling ta stân. De skriuwer makke sels de yllustraasjes by it boek. Dat die hy ek by it ferfolch, De Kening fan Juster. Beide boeken geane oer Renske en har nuveraardige pake Marius.

Yn 2013 fersoarge Paul van Dijk de Fryske oersetting út it Ingelsk fan it boek Myn moaiste mearkes. It boek befettet in samling fan tsien bekende mearkes fan de Bruorren Grimm, Hans Christian Andersen en oaren.

Yn 2014 krige er fan Tresoar de opdracht om it jierlikse ‘Aksjeboek foar bern’ te skriuwen yn it ramt fan Swalk, Frysk op toernee 12-21 septimber 2014. Dat resultearre yn de publikaasje fan De wûndertoeter fan Hindrik Bûter. Maria del Grosso [1] omskreau it boek as 'spannend, mar ek humoristysk'.

Mei de publikaasje fan Famke fan snie yn 2018 makke Van Dijk syn debút as dichter, in bondel dy't yn 2022 bekroand waard mei de D.A. Tammingapriis. Liedend tema is it ferlies fan syn dochterke dat yn 2012 ferstoar. De oansetten foar de bondel ûntstiene út syn gewoante om moarns foar it iten wat te skriuwen wei. Yn de gedichten fertelt Van Dijk hoe't er troch dat ferlies rekke waard en ûndersiket er wat der doe yn him omgie. Oare tema's binne de bosk, de Súdwesthoeke, muzyk en keunst. Abe de Vries [2] seach 'ferrassende' fersen, mar ek rigels dêr't oan te sjen wie dat 'it om in debút giet'. Hy karakterisearre de gedichten sa: 'De ôfwikseljend lichte, teare, dan wer wrange toan hat soms wat mearke-eftichs of surrealistysks'. Hy einige mei de fêststelling dat in eventuele twadde bondel ien wêze soe 'om absolút nei út te sjen'.

Yn 2020 kaam Van Dijk mei Omke Ule past op, in troch himsels tekene printeboek dat er makke foar syn soan Hidde.

Boarnen foar dit stik
[1] Maria del Grosso, LC 16-09-2014
[2] Abe de Vries, FD 02-06-2018

Bibliografy

Proaza
2011: Renske wol stoer wêze!
2012: De Kening fan Juster
2014: De Wûndertoeter fan Hindrik Bûter
2020: Omke Ule past op (printeboek)

Poëzy
2018: Famke fan snie

Ferskaat
2018: Nei de top (ferhalebondel, mei oaren)
2022: De bjusterbaarlike baron (yllustraasjes troch Paul van Dijk)

Oersettingen

2013: Myn moaiste mearkes. Oersetting út it Ingelsk. Oarspronklike titel: Usborne illustrated fairy tales (2007)

Teaterteksten
2009: Renske wol stoer wêze! (teatergroep Knûkel)
2010: De Poets van de Schoenmaker (teatergroep Knûkel, foar it Jopie Huismanmuseum)
2010: Knip! (teatergroep Knûkel)
2015: De Wûndertoeter (meartalige foarstelling foar Tresoar, teatergroep Knûkel)
2016: It Feestbist (teatergroep Knûkel)
2017: De striid (Iepenloftspul Top en Twel, tegearre mei Jurjen Faber)

Prizen
2016: Rely Jorritsmapriis (gedicht: Etude yn 'e rein)
2018: Rely Jorritsmapriis (gedicht: Kintsugi foar in diggelbast)
2022: D.A. Tammingapriis (foar Famke fan snie)

Mear ynformaasje
Oer Knûkel, LC 23-09-2011
Wijd en Zijd 28-11-2012
Sietse de Vries, LC 30-11-2012 (fraachpetear)
Sietse de Vries, LC 16-03-2018 (fraachpetear oer Famke fan snie)
Elmar Kuiper, LC 28-09-2018 (resinsje oer Famke fan snie)
Yntroduksje Buchmesse 2019 (Famke fan snie)
Balkster Courant, 17-10-2019 (oer ferfilming ferhaal De helm út Oer de top)
LC 04-05-2022 (oer takennen D.A. Tammingapriis)

©Tresoar, 15-02-2023

(Foto auteur: Marcel Hectors)