Berne: 05-02-1929, Nijlân

Libben en wurk

Klaas Feenstra is berne yn Nijlân (gemeente Wymbritseradiel). Hy hat de Mulo A en B folge en hat letter de fakdiploma’s foar de gemeente-administraasje helle en wurksum west as gemeente-amtner.

Skriuwerij
As dichter hat Klaas Feenstra benammen nei syn pensjoen fan him hearre litten. Sawol yn de Frysktalige blêden Frysk en Frij, De Stim fan Fryslân, as yn de literêre tiidskriften De Moanne/Trotwaer, Hjir en Ensafh, as op de Fryske skriuwerskalinder en yn ferskate artikels yn de Ljouwerter Krante. Gedichten fan syn hân binne opnommen yn de bondels De molkfarder (1998), Dichter op spoor (2004), Heldedichten (2005) en Kunst over Bomen-Bomen over Kunst (2005).

Ta in dichtbondel mei eigen wurk kaam it earst yn 2004 mei Guozzekloft. Yn 2008 folge Hege flecht en yn 2017 Fol fan blommen.

De fersen fan Klaas Feenstra ‘…geane faak oer it libben fan de dichter sels. Hy brûkt in heldere formulearring en dêrtroch binne de fersen goed nei te kommen.’ (Friesch Dagblad, 28-02-2009). Yn de Leeuwarder Courant wurdt der oer skreaun: ‘Neist de romte foar de frije foarm hat er in soad omtinken foar klank (rym), strofe-opbou en byldspraak yn tradysjoneel-sletten fersen.’ (13-05-2008). It tydskrift Ensafh. skriuwt: ‘…ek it frije fers mijt de dichter net, in boek dêr’t in grut engaazjemint yn útkomt mei wille oan taal.’

Tekstbydragen fan Klaas Feenstra binne te finen yn Burgum Wâld- en Wetterdoarp (1993); Te stoel en te bank (1999); Mijn elfstedentocht (2008); Bokwerd en ander gegriem (2009); 50 jier Fryske Krite Dr. G. A. Wumkes Burgum (2010).

De top40-band Lace hat syn fers PC omwurke ta in liet en opnommen yn it repertoire. Fierders is der in gedicht fan Klaas Feenstra opnommen yn de bondel It heiteleaze bern.

Biografy
2004: Guozzekloft
2008: Hege flecht
2017: Fol fan blommen

Prizen
2003: Earste priis by it 150-jierrich jubileum fan de PC yn Frjentsjer mei it fers PC.
2004: Twadde priis, mei it gedicht In waarme jas, by it opgean fan it Bonifatius hospitaal yn MCL
2008: Tredde priis op Nasjonale Gedichtedei, mei it gedicht dingen

Mear ynformaasje
Utjouwerij Frysk en Frij
You Tube: De dichter en de keatser, foarlêzen troch Klaas Feenstra

©Tresoar, 06-02-2019