Berne: 15-02-1908, Sondel
Ferstoarn: 03-06-1983, Feanwâlden

Libben en wurk

 

Lipkje Post-Beuckens keas by har earste literêre publikaasje út skrutelens de namme fan har mem, Ypk fan der Fear, as skûlnamme. As dichteresse brûkte se it pseudonym Ella Wassenaer en fierder hat se har, benammen by har publikaasjes yn kranten en tydskriften, ek noch ferskûle efter 'Frou X', 'Gelke Meintsje' en 'Beitske Bûterblom'.

Lipkje Beuckens waard berne op 15 febrewaris 1908 te Sondel en hoewol't hja mar fjouwer jier yn Gaasterlân wenne hat en doe mei har âlden ferhuze nei Rotsterhaule en letter nei It Hearrenfean hat har Gaasterlânske eftergrûn har wêzen en har skriuwerskip beynfloede. Nei har debút yn 1943 mei de rige, nei it naturalistyske útskaaiende, sketsen ûnder de titel Utskot publisearre se yn 1947 Land en volk van Gaast en Klif, in trochlibbe skildering fan natoer en lânskip fan har bertegea mei in beskriuwing fan de histoarje, mei staaltsjes fan byleauwe en folksferhalen, resepten, legindes en âlde wiisheden.
Likefolle as Gaasterlân hat sûnder mis it kalvinsitysk leauwe dêr't hja yn opbrocht is, bydroegen ta har foarming. Lipkje Beuckens waard oan de Kristlike Kweekskoalle yn Ljouwert oplaat ta ûnderwizeres en hat - nei de oarloch fannijs, doe't hja al troud wie en de soarch foar fiif bern krigen hie - lange jierren foar de klasse stien, letter as learares Frysk en skriuwen, dêr't hja in MU-akte foar helle hie, oan de LEAO te Ljouwert en de Pedagogyske Akademys yn Dokkum en Drachten. Hja is yn 1938 troud mei Wigle Post en hat fan doe oant har dea yn 1983 yn Feanwâlden wenne.

Njonken har wurk yn skoalle en yn 'e húshâlding hat Ypk fan der Fear altyd skreaun. In pear dingen yntrigearren har: de leafde, de fraach, hoe't it lot fan de minske beskaat wurdt en syn ferhâlding mei God. De skriuwster hie in grut ynlibbingsfermogen yn de minsklike siele, in ûnberonge ferbyldingskrêft en in hertstochtlike skriuwdrift. Njonken in berneboek en in tal mear sjoernalistike wurken, skreau hja in tal novellen, in ferhalebondel en tsien romans.

Yn al har wurk spylje froulju de haadrol en opfallend faak binne dat útsûnderlike figueren, soms miswoeksen en ferhûddûke, soms mei in ropping en besieling dy't mystike foarmen oannimt. Ypk fan der Fear skrille der net foar tebek om te rikken nei de sterkste ekstaze en de djipste fertwiveling. De kritisy priizgen de skriuwster om har moedich taasten nei wat gruts, hja hiene wurdearring foar har dryste konsepten, mar moasten wolris konstatearje, dat har macht oer taal en styl en har kompositoarysk fermogen net earlik foldwaande wiene om folslein slagge boeken ôf te leverjen. Dêrby hat hja ek wolris motiven en tema's oan wurk fan oaren ûntliend.

In tekoart oan behearsking, miskien in faai punt by har proaza, hat har as dichteresse fersen yn 'e pinne jûn fan in foar har tiid ûnbekende direktens en hertstochtlikens. As Ella Wassenaer brocht hja trije dichtbondels út. De eksperimintele dichters dy't yn Fryslân yn de jierren fyftich nei foaren kamen, beskôgen Ella Wassenaer as ien fan har en har earste bondel Reade runen is yn 1959 dan ek ferskynd as spesjaal nûmer fan it eksperimintele literêre tydskrift Quatrebras. Yn lêste bondel, dy't folle gewoaner is wat de foarmjouwing oanbelanget, publisearre Ella Wassenaer opfallend iepenhertige fersen, dêr't in sterke passy út sprekt.

Hja wûn fjouwer kear in Rely Jorritsmapriis en yn 1979 hat Ypk fan der Fear nei oanlieding fan har roman De dei is jong de Gysbert Japicxpriis krigen foar har hiele oeuvre, mar benammen foar har histoaryske romans.

Literatuer
1973: Freark Dam: Tekst en Utlis
1993: Jelma Knol: 'út syn aerd wei froulik', de Fryske dichteressen en it misferstân, s. 38-51
1998: Hanneke Hoekstra: The Orthodoxy of the Heart. Faith, Fryslân and Feminism in the
Novels of Ypk fan der Fear
1999: Ph.H. Breuker yn Ta him dyn begearte (út de rige Fryske klassiken): in artikel oer
skriuwer, boek en útjeften.
1999: Lipkje Post-Beuckens, Ypk fan der Fear, Ella Wassenaer. (Teksten fan it sympoasium hâlden op 24 april 1999 yn de Menniste tsjerke yn Feanwâlden.) Byskriften nûmer 25.

Wurk

Proaza
1943: Utskot
1949: Ta him dyn bigearte (2de pr. 1957; 3de pr. 1981; 4de pr. 1999)
1952: Ik en menhear
1953: De breugeman komt (2de pr. 1981)
1959: De deade by de libbene
1961: Ek in minske
1966: Eilân fan de silligen (2de pr. 1981)
1968: De man mei it famke
1970: Ien lyk minder
1974: Us Atsje
1978: De dei is jong
1981: Eros yn de stikels (ferhalen)
1984: In fatsoenlik famke
1988: In earme swalker yn 'e wrâld

Poëzy
1959: Reade runen (2de pr. 1974)
1978: Yn runen ritst
1981: Fernijd fiergesicht

Ferskaat
1947: Land en volk van gaast en klif
1948: Puppe en poppe (berneboek, 2de pr. 1981)
1949: Veenklooster
1953: De schilder Martin van Waning
1954: It wurdt skielk wer simmer (oersetting fan Keerlke fan W. Siefkes)
1974: Us Atsje
1980: Land en mens van gaast en klif

Oersettingen
1956: De bruidegom komt (De breugeman komt, oersetting Aize de Visser)
1960: Tot hem uw begeerte (Ta him dyn bigearte, oersetting Aize de Visser)

Prizen
1955: Rely Jorritsmapriis (ferhaal)
1966: Rely Jorritsmapriis (fers)
1967: Rely Jorritsmapriis (fers)
1968: Rely Jorritsmapriis (fers)
1979: Gysbert Japicxpriis (foar har histoaryske romans)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Ferslach útrikking Gysbert Japicxpriis, LC 12-10-1979
Operaesje Fers: Ypk fan der Fear/Ella Wassenaer

©Tresoar, 06-02-2019