Berne: 24-09-1961, Ljouwert

Libben en wurk

Anne Feddema waard berne op 24 septimber 1961 yn Ljouwert. Syn heit hie in kapperssaak oan it Cambuersterpaad. Nei syn middelbereskoalletiid studearre er in tiidlang oan de Ljouwerter keunstakademy Vredeman de Vries.

Letter krige er de kâns om mei in stipendium in postakademyske oplieding te folgjen oan Ateliers ’63 te Haarlim. Hy krige dêr begelieding en stipe fan ferneamde keunstners lykas Jan Dibbets, René Daniëls en Marlene Dumas.

Alsidich keunstner
Anne Feddema is in alsidich keunstner. Hy is aktyf as dichter, skriuwer fan kollums, skilder, muzikant en performer. ‘Troch mei mear dissiplinen dwaande te wêzen, hâldst it mear yn beweging en yn dialooch,’ sei Feddema dêr sels oer yn in fraachpetear mei Gerbrich van der Meer [1].

Radiokollums
Yn 1983 frege Omrop Fryslân Anne Feddema om foar syn radioútstjoeringen in kollum te fersoargjen. Feddema sei ta en skreau syn kollums, dy’t er ek sels foarlies, yn it Liwwarders. Sa linkendewei sierde er syn Liwwarders op mei eigen fynsten, hy yntrodusearre nije wurden om de taal libben en by de tiid te hâlden. Net elkenien koe dat wurdearje, mar Feddema boude mei syn radiokollums in grutte skare fans op, dy’t in protte nocht belibben oan it wjerfarren fan figueren as Grouwe Douwe en Appie Hamstra, dy’t Feddema ta libben brocht yn syn kollums. ‘De Carmiggelt fan Fryslân’ waard er wol neamd. Nei de 250ste fûn er it genôch en sette er der in punt efter. Lykwols fan april 2002 oant ein 2006 wie er fannijs as kollumskriuwer te hearren, oant der troch in reorganisaasje fan de programmearring by de omrop in ein kaam oan de aktiviteiten fan Feddema by de radio.

Dichter
Skriuwt Anne Feddema syn (radio-)kollums yn it Liwwarders, dichtsjen docht er yn it Frysk. Syn earste gedichten ferskynden yn 1990 yn de Frysk literêre tydskriften Hjir en Trotwaer, letter publisearre er ek yn it ynternettydskrift Kistwurk. Yn 1998 en 1999 droech er as Frysk dichter syn fersen foar op it poadium fan Poetry International te Rotterdam.

Debút
Feddema debutearre yn 1997 mei de bondel Slapstickiepenbierings. Hy toant him yn syn keunstsinnige uteringen besibbe oan it Dadaïsme, in streaming yn literatuer, muzyk en byldzjende keunst dy’t ûntstie fuort nei de Earste Wrâldoarloch. It Dadaïsme fersette har tsjin de gongbere oardering yn de keunst, omdat dy de besteande maatskiplike oardering befêstige. It wie in protest tsjin de as sinleas fielde oarloch. Fan twa by dy keunstrjochting oansletten keunstners, Kurt Schwitters en Hans Arp, hat Feddema fersen oerset yn it Frysk. Se binne bondele troch Museum Smallingerland yn Drachten. Yn syn besprek hie Henk van der Veer neist kompliminten foar it oarspronklike taalgebrûk en de orizjinele titels ek each foar dy Dada-kant yn it wurk fan Anne Feddema [2]. Piter Yedema seach Feddema syn debút ‘as fuotnoat by de Fryske letteren, mar yn potinsje liedend nei in net te kearen fernijing’ [3]. Tjitte Piebenga koe net folle mei Slapstickiepenbierings wurde [4]. Hy fûn de fersen ‘komselden hilarysk, meinimmend, spits, kiteljend, stekkerich of komysk byneed, nee, se ferwurde ta wurdsnoeren mei in foarleafde ta grutte (eigenskips-)wurden en ynflauwe klisjees’.

Reidhintsje
It wurk fan Anne Feddema kin net allinnich beflapt wurde ûnder Dadaïsme, der binne mear typearrings op syn wurk fan tapassing. Yn 2005 ferskynde syn twadde dichtbondel, Reidhintsje op ’e Styx. Resinsint Abe de Vries neamde Feddema yn syn besprek fan de bondel in lyrysk absurdist [5]. ‘Ut tal fan fersen blykt dat de dichter, mei techniken ûntliend oan absurdistyske en dadaïstyske foargongers utering jaan wol oan wat him beweecht, oan wat er leafhat, oan wêr’t er fan yn ’e betsjoening rekke is’. En ek ‘Feddema skriuwt in humoristysk, betiizjend soarte fan poëzij dy’t de spot hat mei grammatika, betinkt omraak nije wurden en smyt yn syn fersen faak de hiele keunstskiednis oeral’ [6]. In oar opfallend fenomeen yn sawol syn skilderkeunst as syn literêre wurk is it grut tal bekende komponisten, skriuwers en skilders dy’t dêryn figurearje. Dat giet fan Bach, Mozart, Liszt, Picasso, Poulenc en Dali oant Nietzsche, Reve en Strawinsky. Nochris Abe de Vries (Farsk, 2005): ‘De fraach is fansels; wat moat al dat keunstnersguod yn dizze poëzij?’ – ‘…it twangmjittige referearjen – want dat is it – oan ferneamde keunstners moat te krijen hawwe mei de funksje fan De Keunst yn dizze poëzij. Dy is, om it mar ris populêr te sizzen, ien wurden mei it libben: libben en keunst binne net mear fan inoar te ûnderskieden. Yn alles wat der yn it deistige libben plak fynt, trillet de keunst mei, kleuret de keunst de barrens, easket in plak op yn de teksten. Feddema moat wol in geweldich belang takenne oan de keunst – en dan benammen oan skilders en komponisten’ [7].
Yn 2009 krige Feddema foar syn twadde bondel de Gysbert Japicxpriis.

Letter dichtwurk
Yn Torpedo’s los (2010) seach Eppie Dam foaral mear fan itselde: ‘Hoelang kin de ienling fierder yn de formule dêr’t er him al yn bewiisde?’ Hy fûn it tiid wurden dat Feddema mear fan syn persoanlike kant sjen lit, mear as yn dizze bondel alteast [8]. Cornelis van der Wal [9] wie wat dat oanbelanget positiver: ‘De kreativiteit spat der ôf!’ It persoanlike en mear ferdjipjende seach Eppie Dam wól yn Op myn stjerbêd wol ik tate ha, Feddema syn fjirde bondel út 2013 [10]. Hy neamde as foarbyld bespegeljende fersen oer de dea.

Koarte ferhalen
Njonken poëzy skriuwt Feddema ek proaza. Ferhalen fan him waarden publisearre yn de Leeuwarder Courant en literêr tydskrift Hjir. Yn boekfoarm ferskynde in ferhaal fan syn hân yn de sammelbondel It each fan de griffioen (2006).
Skúnpútsersgúd (2009) is in blomlêzing fan ferhaaltsjes yn stedsdialekt dy’t Feddema tusken 1985-1991 en 2002-2006 makke foar Omrop Fryslân. It binne neffens Jaap Krol ferhalen oer lytse minsken dy’t har steande besykje te hâlden yn de grutte wrâld [11]. Hy koe him goed fine yn de fergeliking dy’t Pieter de Groot makke mei Carmiggelt en priizge de bondel fanwege de humor: ‘Ik haw my bytiden dealake’.
De triennen fan Cheetah
(2014) is Feddema syn earste Frysktalige ferhalebondel. It binne ferhalen dy’t earder ferskynden yn literêre blêden as Hjir, Ensafh en De Moanne. Jaap Krol seach troch de ferbining tusken stjerlike minsken en ûnstjerlike ferneamdheden as de skilder Kandinsky, mar ek troch it úttekenjen fan de wrâld as grut en absurd dekôr in foarmfêste bondel [12]. Doeke Sijens stelde fêst dat de ferhalen hieltyd wer fris en nij binne [13]. Hy joech de bondel fjouwer fan de fiif beskikbere stjerren.

Sa is Anne Feddema in skriuwer/byldzjend keunstner mei in eigen lûd en kleur. De wize dêr’t er ûnderwerpen as ûnmacht, dea, dream en eangst op syn eigen groteske manier mei ferwurket soarget derfoar dat Feddema in unyk plak ynnimt yn de Frysk literêre wrâld.

Boarnen foar dit stik
[1] Friesch Dagblad, 25-01-2006
[2]Trotwaer, juny 1998
[3] Hjir, maaie 1998
[4] Leeuwarder Courant, 13-03-1998 (diel 1, 2, 3 en 4)
[5] Farsk, 2005
[6] Farsk, 2003
[7] Farsk, 2005
[8] Leeuwarder Courant, 05-11-2010
[9] Friesch Dagblad, 11-01-2011
[10] Leeuwarder Courant, 16-08-2013
[11] Friesch Dagblad, 24-10-2009
[12] Friesch Dagblad, 21-02-2015
[13] Leeuwarder Courant, 27-02-2015

List fan belangrykste literêre wurk


Poëzy

1997: Slapstickiepenbierings
2005: Reidhintsje op ’e Styx
2010: Torpedo's los
2013: Op myn stjerbêd wol ik tate ha

Proaza
2006: Ferhaal yn It each fan de griffioen (sammelbondel, gearst. troch Ernst Bruinsma en Baukje Wytsma)
2009: Skúnpútsersgúd (Liwwadder ferhalen, earder foarlêzen foar Omrop Fryslân)
2014: De triennen fan Cheetah

Prizen
2007: Margaretha de Heerpriis fan de gemeente Ljouwert foar syn skilderkeunst
2009: Gysbert Japicxpriis (dichtbondel Reidhintsje op ’e Styx)
2016: Rink van der Veldepriis foar De triennen fan Cheetah

Nominaasjes

2015: Longlist Gysbert Japicxpriis mei De triennen fan Cheetah

Mear ynformaasje

Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Anne Feddema syn eigen weblog
Brosjuere 10 books from Friesland 2016

©Tresoar, 30-01-2019