Berne: 08-02-1964, VEendam

Babs Gezelle Meerburg wurket oan de learare-opliedingen Frysk en Nederlânsk bachelor en master oan NHL Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Har heit wie G.A. (Govert Alettinus) Gezelle Meerburg (1918-2005), dy’t literêr aktyf wie ûnder it pseudonym Marten Sikkema.

Libben en wurk

Se studearre Dútske en Fryske taal- en letterkunde oan de Ryksuniversiteit Grins. Yn 1997 promovearre se op it ûndersyk ‘Hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne'. "De smearlappen" fan Anne Wadman en "Fabryk" fan Trinus Riemersma as 'fernijende' Fryske romans.
Fan 1991 oant 1999 wurke se as letterkundich ûndersiker by de Fryske Akademy. Doe publisearre se ûnder oaren oer de 19-iuwske literatuer, bygelyks oer folksferhalen, Harmen Sytstra en syn tydskrift Iduna.
Se is spesjalisearre yn Fryske letterkunde en literatuerskiednis en wurke mei oan de skiednis fan de Fryske literatuer, Zolang de wind van de wolken waait (2006) en de opfolger dêrfan, Salang’t de beam bloeit (2018), skreaun troch Joke Corporaal. Dat boek ferskynde ek yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk ta gelegenheid fan Leeuwarden-Fryslân Kulturele Haadstêd 2018.
Sa út en troch skriuwt se skôgingen foar literêre tydskriften en hâldt se lêzingen. Se is meiwurker fan de website 'Lêzen foar de list Frysk' en deskundich op it mêd fan literatuerdidaktyk en ûndersyksbegelieding fan (aspirant-)leararen.

WURK

Publikaasjes
1997: ‘Hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne'. "De smearlappen" fan Anne Wadman en "Fabryk" fan Trinus Riemersma as 'fernijende' Fryske romans
2001: Innich Frysktalich: poëtikale opfettingen yn Fryslân tusken 1840 en 1850
2006: De 100 mooiste Friese gedichten (red. mei Jetske Bilker)
2006: Zolang de wind van de wolken waait, skiednis fan de Fryske literatuer (red. mei oaren)
2013: Friesische Märchen (wersjoene werútfjefte e-book, red. mei Jurjen van der Kooi)
2018: Salang’t de beam bloeit (red. mei oaren)
 

Mear ynformaasje
Sietse de Vries LC 31-10-1997 (ynterview n.o.f. de promoasje)

Foto Tresoar - Haye Bijlstra

©Tresoar, 28-04-2020