Berne: 05-04-1963, It Hearrenfean

Libben en wurk

Edwin de Groot is berne en opgroeid op It Hearrenfean, mar hy wennet sûnt 2001 op ’e Haske en wurket as teamlieder OK by sikehûs De Tjongerschans.

'Myn earste gedichten skreau ik as bern yn it Nederlânsk. Dy publisearre ik yn eigen behear en dy bundeltsjes sutele ik dan út by freonen en famylje,' seit Edwin de Groot yn in fraachpetear mei Durk Visser fan de Jouster Courant. 'Hoewol’t myn heit learaar Ingelsk wie, kom ik net echt út in skriuwerslaach. Mar ik hie al jong belangstelling foar taal. As bern lies ik graach en as tiener begûn ik, dus earst yn it Nederlânsk, gedichten te skriuwen.'

Yn datselde ynterview seit De Groot dat it skriuwen fan poëzy foar him in rêstpunt foarmet en in soarte fan meditaasje is, ek omdat er fan himsels ferbaal nochal ekstravert is. Yn syn dichtsjen komt lykwols in oare, mear beskôgjende en mankelike kant fan him nei boppen. In grut foarbyld foar Edwin de Groot is de dichter C.O. Jellema (1936-2003). 'Lêze dy man', is syn oprop yn de persoanlike notysjes by syn earste bondel. Yn syn tredde bondel hat De Groot in Fryske oersetting opnommen fan Jellema syn markant fers Drijfjacht.

Dichter

Edwin de Groot begûn as dichter yn it Hollânsk, mar debutearre yn 2005 yn de Fryske taal mei it gedicht Slachfjild. Hy publisearre op de literêre ynternettydskriften Farsk, De Contrabas en yn de tydskriften Hjir, Ensafh en De Moanne.

Syn earste Fryske bundel Ik skip ferskynde yn 2008 by útjouwerij Bornmeer. Yn dizze bundel falt op dat De Groot faak gebrûk makket fan sitaten út popsongs fan bygelyks Nick Cave en Talk Talk, dy’t him ta motto en ynspiraasje tsjinje. Besprekker Harmen Wind diene dizze sitaten wat keunstmjittich oan, mar hy neamde de sfearbeskriuwingen fan De Groot in sterk punt en fûn dat syn poëzy 'mei bewende wurden in persoanlike sizzenskrêft berikt.' De tematyk fan De Groot is, njonken de klassike tema’s lykas leafde, natoer en fergonklikheid, yn dizze bondel ek rjochte op de tsjintwurdige ynfloed fan de yndustrialisaasje op it lânskip.

Oer Net foar te dragen fersen, in skift út de twadde bondel Tongfal fan De Groot, dat giet oer de ferstoarne heit fan de dichter, sei besprekker Eppie Dam: 'It binne teare, tagelyk nochteren fersen, frij fan sentimint, dêrmei romte meitsjend foar gefoel.' Oer it sterkste part fan dizze bondel, it tredde skift mei twa breedsprakige gedichten, sei Dam dat De Groot 'mear te sizzen hat neigeraden er mear fertelt en wiidweidiger ferhellet'.

Yn 2013 ferskynde De Groot syn tredde bondel In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind, mei, sa't de dichter yn in fraachpetear mei Hedwig Terpstra oanjoech, as tematyk 'de einichheid en betreklikheid fan it libben en it dichtsjen'. Klaas van der Hoek seach de bondel sa: 'Mei In hazze is in lokkich bern hat Edwin de Groot in nijsgjirrige bondel ôflevere. Syn poëzy is kwa tematyk, byldzjend fermogen en idiomatyske rykdom besibbe oan dy fan syn generaasjegenoaten Simon Oosting (1959) en Abe de Vries (1965), en stekt dêr perfoarst net feal by ôf'.

Yn 2016 folge Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see, in hommaazje oan twa rigels fan de Poalske dichteres Wislawa Szymborska:

Je bent - je moet voorbijgaan.
Je gaat voorbij - en alles is oké.

Ut dy rigels wei filosofearret De Groot oer syn besef fan it tydlike fan de dingen. Mei wikseljende konklúzjes jout hy dat foarm yn taal.

Yn 2018 waard de Nederlânsktalige ferzje útbrocht ûnder de titel Zelfs een Tibetaan belandt uiteindelijk in zee. Resinsint Hans Franse hie alle lof foar dizze bondel, al fûn er it spitich dat de Fryske orizjinelen net opnommen binne: 'Een authentiek geluid in beeldend Nederlands, waardoorheen ‘it Heitelân’ verbeeld en verklankt wordt: aardse poëzie van grote kracht, mede door de soms heel bijzondere woordkeus, vaak met neologismen die eveneens iets authentieks hebben. De bundel getuigt ook van de hoge kwaliteit van de Friese poëzie, een bijzonder stukje literatuur in ons Nederlandse taalgebied. Alleen daarom al is deze "cross over" van belang'.

Edwin de Groot hat fan it Skriuwersboun jierrenlang organisator west fan it ‘Literêr Sirkwy', tsjintwurdich is er redaksjelid fan Ensafh.

List fan belangrykste wurk

Poëzy
2009: Ik skip
2010: Tongfal (mei foto's fan Tjibbe de Jong)
2013: In hazze is in lokkich bern / Een haas is een gelukkig kind
2016: Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see (Nederlânsktalige ferzje yn 2018)
2021: Noas tsjin 't glês

Ferskaat
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)

Prizen
2007: Rely Jorritsmapriis (gedichtesyklus: 'Yn it omgean')
2015: Rely Jorritsmapriis (gedicht: 'Kom der noch mar ris om; in ûnbedoarne prins op in kleurfêst wyt hynder')
2016: Rely Jorritsmapriis (gedicht: 'It rinfermogen fan in net útiten kwestje')
2017: Rely Jorritsmapriis (gedicht: 'Foarhinne trof ik by de seedyk in goede stoel')
2018: Rely Jorritsmapriis (gedicht: 'Sa as di wynd fan dae vlkenum waait')
2022: Rely Jorritsmapriis (gedicht: 'Wy bin' klaai')

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 15-02-2013 (fraachpetear)
Hedwig Terpstra, Ensafh. 18-01-2013 (fraachpetear oer In hazze is in lokkich bern)
Klaas van der Hoek, Konsenylje 06-08-2018 (besprek In hazze is in gelokkkich bern)
Hans Franse, Meander 27-05-2018 (besprek Zelfs een Tibetaan belandt uiteindelijk in zee)
Eppie Dam, LC 03-02-2017 (besprek Sels in Tibetaan belânet op it lêst yn see)

©Tresoar, 03-08-2022