Berne: 18-10-1977, Beetstersweach

Mirjam van Houten waard berne yn Beetstersweach. Op dit stuit wennet se op De Himrik. Se is bekend wurden as skriuwer en yllustrator fan berneboeken.

Libben
Nei in jier Romaanske talen en kultuer studearre te hawwen, stapte se oer nei de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden om dêr fierder te gean mei in stúdzje Nederlânsk. Nei't se ôfstudearre wie, gie se oan 'e slach by de Friesland Post, dêr't se ek al in staazje dien hie. Nei seis jier waard se ynternetredakteur by Partoer, in provinsjale organisaasje dy't gemeenten advisearret op it mêd fan soarch en wolwêzen.

Wurk
As bern skreau en tekene Mirjam van Houten al in soad. De teltsjebeam fan Diet Huber wie ien fan de earste Fryske boeken dy’t se lies. Se fûn it sa moai dat se Diet Huber in brief skreau (se wie doe in jier as 9), mei dêryn wat gedichtsjes dy’t se skreaun hie. Huber reagearre dêrop en sa ûntstie in koarte brievewiksel. Neist it skriuwen hawwe ek it tekenjen en yllustrearjen altyd har belangstelling hân. As autodidakt ûntwikkele se ek dat talint sadanich dat se it ynsette koe by har skriuwen.

Doe't de Afûk in grut foarlêsboek útbringe woe, stjoerde se hjirfoar in pear teksten en yllustraasjes yn. Yn in fraachpetear [1] mei Sietse de Vries sei se hjiroer: 'Myn man sei dat ik ek wat tekeningen opstjoere moast, mar dy fûn ik sels noch net goed genôch. Op syn advys ha'k it dochs mar dien. Dêr bin ik efterôf bliid mei. De tekeningen steane net allinne by myn eigen ferhalen, mar de Afûk hat my frege om ek noch in ferhaal fan ien fan de oare skriuwers te yllústrearjen'.

It wie in goed begjin fan mear. Yn 2016 kaam se mei Tije, in boek oer in jonkje dat fan it plattelân nei de stêd ferhuzet. Yn it boek sit in soad fan harsels. Mirjam van Houten [1] hjiroer: 'Doe't myn broer it lies, sei er: sa'n jonkje dat amper wat sizze doar yn in groep, der sit in soad fan dysels yn. Dêr wie ik my ûnder it skriuwen net fan bewust, mar doe't er dat sei tocht ik: it soe bêst kinne'.

Neist in nominaasje foar de Ibby Honourlist waard it boek ek nominearre foar de Simke Kloostermanpriis fan 2019. By de Faeröerske útjouwerij Bókadeild Føroya Lærarafelags waard dit boek yn 2020 útbrocht ûnder de titel ‘Tije – drongurin og rottumaðurin’, dit as resultaat fan in gearwurking mei de Afûk.

Yn 2022 waard Mirjam van Houten de Diet Huberpriis takend foar By beppe útfanhûs.


Boarnen foar dit artikel
[1] Sietse de Vries, LC 02-09-2016

Bibliografy

Berneboeken
2007: Van heksen, trollen en glazen bollen (mei oaren)
2010: Wie heeft hier met verf lopen smijten? (mei oaren)
2011: Vijf draken verslagen (mei oaren)
2012: Er zit een feest in mij! (mei oaren)
2013: It grutte foarlêsboek (mei bydrage Mirjam van Houten)
2016: Tije
2017: It kadootsje / Het cadeautje (diel fan it Taalkado, dat âlden fan de Provinsje krije by de berte fan in bern)
2017: Tomke troch it jier (mei oaren)
2018: Tomke en syn freontsjes (mei oaren)
2021: By beppe útfanhûs
2022: Jelle en juf

Nominaasjes
2018: Ibby Honourlist (foar Tije)
2019: Simke Kloostermanpriis (foar Tije)

Prizen
2022: Diet Huberpriis foar By beppe útfanhûs

Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 09-09-2022 (fraachpetear n.o.f. it winnen fan de Diet Huberpriis)
Mirjam van Houten, eigen webside

©Tresoar, 12-10-2022

(foto auteur: Tresoar Haye Bijlstra)