Berne: 31-05-1946, Sibrandahûs

Libben en wurk

Ytsje van der Heide is berne yn Sibrandahûs ûnder de reek fan Dokkum. Letter ferhuze de famylje nei de ‘Lege Midden’ by Aldeboarn, dêr’t Ytsje opgroeide.

Nei har skoaltiid wurke se as foarljochtster by it PEB (Provinciaal Electriciteits Bedrijf). Se troude mei Maurits Hettinga, mei wa’t se op in pleats fuort by Koudum kaam te wenjen. Tegearre krigen se in soan en in dochter.

Mei skriuwen is Ytsje Hettinga al jong begûn, opstellen skriuwe op skoalle fûn se moai en de jierren dêrnei skreau se gauris in liet of in tekst foar in bysûndere gelegenheid. Yn dy tiid begûn se ek mei toanielspyljen. Har skriuwen krige in stimulâns doe’t de ôfdieling Koudum fan de Bond voor Plattelansvrouwen har 40-jierrich bestean fierde. Tegearre mei har suster Pytsje skreau se in programma mei sketskes en lietsjes dy’t se ek tegearre foar it fuotljocht brochten. It programma sloech oan en nei oanlieding dêrfan skreaunen se in langer duorjend kabaret stik mei de titel ‘Spegelbeeld’. Dat programma waard opfolge troch ‘Gewoan tillefoan’. Mei beide programma’s hawwe de susters sawat tsien jier optredens yn de hiele provinsje fersoarge.

Yn deselde tiid begûn Ytsje Hettinga ek mei it skriuwen fan ferhalen en gedichten, gedichten fan har hân waarden publisearre yn de ‘Lyrische Courant’, in bylage fan de Leeuwarder Courant (LC). Har ferhalen ferskynden yn de F-side, de wyklikse Frysktalige pagina fan de LC en it Friesch Dagblad (FD). Yn it earstoan skreau se har gedichten ûnder skûlnamme Hetty van Coluuidun, mei har skûlnamme joech se ek de skieding oan tusken har poëzy en har skriuwen foar toaniel.

Hettinga ûntwikkele har as in alsidich skriuwster, foar de tekstwinkel fan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert skriuwt se teksten op fersyk. Dat kin fariearje fan taspraken oant  gelegenheids-gedichten en ynliedings. Dêrnjonken skriuwt se revu’s en lietteksten.

Begjin jierren njoggentich folge se by Bouke Oldenhof in kursus toanielskriuwen, dat stimulearre har om op dat paad troch te gean. Mei noch in pear oare toanielleafhawwers rjochte se de toanielgroep SULT op (1996). De toanielploech spile stikken út it wrâldtoaniel as ‘Ajaks’ fan Sophocles en ‘De Bloedbruiloft’ fan Federico Garçia Lorca. Ytsje Hettinga soarge foar de oersettings fan de measte stikken en spile yn benei alle stikken mei.

Njonken it oersetten fan toaniel skreau se sels ek nije stikken; foar Tryater makke se in sêne foar ‘Hertejacht’ en yn gearwurking mei de stichting Keunstwurk skreau se in jûnfoljend stik mei de titel ‘Wachtsjend Wetter’, dat yn 1999 en de jierren dêrnei, rûnom yn de provinsje spile is. De beide ienakters ‘Wer’ en ‘It iten is klear’ skreau se respektivelik yn 2003 en 2005. As toanielresensint leveret se bydragen oan it Friesch Dagblad.

Koarte ferhalen fan har hân ferskynden yn it FD, it literêr tydskrift Hjir, yn ynternettydskrift Farsk en yn Foar de frou, dêrnjonken wurke se mei oan de F-side, de Frysktalige pagina fan LC en FD (1997-2007). Ferhalen fan har hân binne opnaam yn de sammelbondels 20 Simmer ferhalen (2000), Nije Fryske winterferhalen (2001) en yn De riedsels fan it hert (2003). Fersen fan Ytsje Hettinga binne publisearre yn de Fryske Skriuwerskalinder en yn bondels fan Fersefariaasje (útjûn foar de jierlikse foardrachtskriich foar learlingen fan it fuortset ûnderwiis). Fierders hat se bydragen levere oan de bondel It libben rûn (mei teksten foar berte, trou en rou), oan Myn hert dat trillet my ( útjûn nei oanlieding fan it 400ste bertejier fan Gysbert Japicx), oan Do bliuwst wol, do wol, Fryslân nei 2000.

Yn 2007 ferskynde fan har in bondel mei koarte ferhalen. Har debútbondel kaam út ûnder de titel Lange fingers en tichte skuon. It boek befettet 26 ferhalen en sketsen. Hettinga skriuwt realistysk, soms anekdoatysk, fakentiids fan út in froulik perspektyf. Is de sfear yn de sketsen licht en humoristysk, yn de langere ferhalen komme swierdere tema’s as ynsest, selsmoard en ûnderdrukking foarby. Yn 2002 krige se de Rely Jorritsma-priis foar har ferhaal Oessy.

Bibliografy

Proaza
2007: Lange fingers en tichte skuon (ferhalen)
2021: Hiemhûn en oare ferhalen

Ferskaat
2022: It grutte swijen (mei Jan de Vries)

Toaniel
1995: Lamme wjukken (ienakter foar St.U.F.T.= Stifting Útjouwerij Frysk Toaniel)
1997: Hertejacht (foar Tryater, mei oaren)
1999: Wachtsjend wetter (St.U.F.T.)
2003: Wer (teatergroep Sult)
2005: It iten is klear (ienakter)
2009: De nacht fan de Stroffelstiennen (iepenloftspul Donkerbroek)
2012: Wat in feest (teatergroep Sult)
2013: Neat/Niets (ienakter)
2018: It leafst bin ik in fûgel (mei oaren)
2022: It grutte swijen (oer de moard op Piebe Hoekema, beskreaun oan 'e hân fan wat Jan de Vries oer dizze saak publisearre hat)

Oersettingen (toaniel)
1995: Wis - (in wier bard ferhaal) (fan Jeroen van den Berg)
1995: Barkhorst (in turbo realistysk kampingdrama yn tolve sênes) (fan Jeroen van den Berg)
1996: Serenade (fan Slawomir Mrozek)
1997: Ajaks (fan Sophocles)
1998: Klaas&Klaske (fan Odon von Horvath)
1999: Om Eleonor (sênes út ‘Om Elenonor’, in bewurking fan de roman fan Virginia Woolf The Years, fan Mouna Borgesius)
1999: De stille besoarger (fan Harold Pinter)
2000: Net alle dieven komme ûngelegen (fan Dario Fo)
2001: Kyp Kwaiut (fan Slawomir Mrozek)
2002: Keunst (fan Yasmina Reza)
2005: Memmetrilogie (fan Rob de Graaf)
2007: Rinoseros (fan Eugèni Ionesco)
2009: Omke Wanja: sênes út it libben op it lân yn fjouwer bedriuwen (fan Anton Tsjechov)
2015: Krang (frij nei Ivanov fan Anton Tsjechov foar teatergroep Sult)
2022: It grutte swijen (yn gearwurking mei Jan de Vries)

Prizen
2002: Rely Jorritsma-priis (ferhaal ‘Oessy’)
2013: Earste priis ferhalewedstriid Boerderij
2013: Tredde priis ferhalewedstriid KFFB
2015: Tredde priis ferhalewedstriid Skriuwersboun e.o.

Mear ynformaasje
Wikipedy
Elisabeth Post, LC 17-09-2021 (oer Hiemhûn en oare ferhalen)
Maria del Grosso, LC 29-04-2022 (oer It grutte swijen)

©Tresoar, 20-04-2022