Berne: 10-07-1937, Sumar
Ferstoarn: 10-09-2019, Ljouwert
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
byldmateriaal
-
biografy nl
Hedzer Tamme Hooijenga waard berne yn Sumar en groeide op yn Sumarreheide. Nei syn skoaltiid yn Garyp en Drachten op de lânbouskoalle troude er yn 1966 en kaam te wenjen yn Burgum om net lang dêrnei te ferfarren nei Droegeham, dêr't er in supermerk begûn. Yn 1971 gie er nei Marrum om yn it wurk by de bakker, letter siet er op in SRV-wein, om yn 1986 yn Ljouwert-Huzum in winkel yn tabak te begjinnen.
Wurk
Underwilens krige Hooijenga hieltyd mear nocht oan it skriuwen. Dat resultearre yn in oantal fersen, ferhalen en in feuilleton yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant. Om ek goed yn it Frysk skriuwe te kinnen, folge er by de Afûk in pear kursussen. Dêrmei wie de basis lein om te set mei syn earste boek.
Dat waard Unrêst op Sumarreheide, in plysjeroman út 2009, publisearre by de KFFB. It ferhaal spilet him ôf yn Sumarreheide, in plak dêr't de skriuwer sels wenne hie. Jetske Bilker [1] lies in wat klisjeemjittich boek, dat as detective net hielendal út 'e ferve kaam. Wol hie se wurdearring foar de beskriuwing fan it folk op de heide: 'Al mei al is Unrêst op Sumarreheide net in spannende detective mar wol in oade oan de âlde mantsjes fan de heide wurden'. Jaap Krol [2] sleat him hjirby oan troch ien fan dy heidemannen te werkennen as 'ien dy't sa út in boek fan Rink van der Velde liket te kommen'.
Syn twadde boek, De man fan tolve heech, folge twa jier letter. Ek hjir giet it om in speurdersroman, al is it no in sjoernalist dy't in smoarch saakje oan it ljocht bringt. Yvonne Dijkstra [3] wie 'posityf ferrast' troch de kwaliteit fan dit boek. Sawol de beskriuwingen fan de personaazjes as it ferhaal sels hold har oant de ein ta yn 'e besnijing: 'Al mei al hat Hooijenga it him flikt om in stevige Fryske misdiedroman ôf te leverjen. Knap wurk!'
Syn lêste boek, De wraak fan de puzelman, waard publisearre doe't de skriuwer al problemen mei syn sûnens hie. Diskear stiet it konflikt tusken in rike skevel en in bargeboer sintraal. De publikaasje makke de skriuwer noch mei, yn 2019 is er te Ljouwert nei in lang siikbêd ferstoarn.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jetske Bilker, LC 29-05-2009
[2] Jaap Krol, FD 13-02-2010
[3] Yvonne Dijkstra, FD 06-08-2011
Bibliografy
Romans
2009: Unrêst op Sumarreheide
2011: De man fan tolve heech
2018: De wraak fan de puzelman
Ferskaat
2014: It achtslaan wurdich (mei in ferhaal fan Hedzer Hooijenga)
Mear ynformaasje
Mensenlinq
©Tresoar, 18-09-2019