Berne: 23-04-1969, Sint-Jabik
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Hein Jaap Hilarides is berne en opgroeid yn Sint-Jabik, in doarp yn de Bilthoeke fan Fryslân.
Thús waard Biltsk praten, mar syn mem is Frysk. Sadwaande learde er beide talen. Hilarides studearre miljeukunde oan it Van Hall Instituut yn Ljouwert en Grins. Dernei die er yn dieltiid in learareoplieding Ingelsk en in stúdzje Frysk.Yn syn wenplak Amsterdam wurket er as learaar. As muzikant hat er begjin jierren njoggentich diel útmakke fan de Frysktalige popgroep Wiegels Wjukkelmasine. No is er aktyf as pianist/sjonger yn de Rebound Boogie Bent. De Bildtstalige lietsjes binne fan syn hân.
As dichter debutearre Hein Jaap Hilarides yn Hjir (1998, nû. 2), it blêd dêr’t er letter fan yn de redaksje komme soe. Hy dichtet benammen yn it Frysk en it Biltsk, mar ek yn it Nederlânsk. Syn Frysktalige debútbondel Tersk ferskynde yn 2000 by útjouwer Frysk & Frij. Yn syn poëzy lit Hilarides sjen in waarnimmer te wêzen mei in skerp each foar details. Syn fersen lykje ympresjes út de natuer en it libben om him hinne, sawol stêd as plattelân, mei de dichter as taskôger. De lêste jierren brûkt er foaral it Biltsk as taal foar syn poëzy.
Mei kollega-dichter Tsead Bruinja stalde Hein Jaap Hilarides de twatalige sammelbondel Droom in blauwe regenjas / Dream yn blauwe reinjas - Een keuze uit de nieuwe Friese poëzie sinds 1990 / In kar út de nije Fryske poëzy sûnt 1990, gear. Yn de bondel is wurk byinoar brocht fan in generaasje Fryske dichters fan nei de Spiegel van de Friese poëzie (1994). De oanbieding fan de bondel waard folge troch in toernee troch Nederlân fan Fryske dichters fan wa’t wurk yn it boek opnommmen is.
Njonken gedichten skriuwt Hilarides ek koarte ferhalen, guon dêrfan binne publisearre yn Hjir, Trotwaer en De Bildtse Post, oaren binne opnaam yn sammelbondels as Fryske simmerferhalen (1997).
Yn 2003 krige er in wurkbeurs fan de provinsje Fryslân foar it skriuwen fan in roman. Joppe is yn 2008 útkommen yn de rige Fryske Modernen. It boek giet oer in jongkeardel dy't as ferfangende tsjinstplicht wurket op de myljeu-ôfdieling fan in gemeente. Jetske Bilker [1] priizge it boek fanwege de drûge styl, dy't har út en troch tinken die oan Het bureau fan J.J. Voskuil. Tagelyk wie se fan betinken dat dy styl net altyd goed útpakt, bygelyks yn de frijsênes of de beskriuwing fan de ynderlike tinkwrâld fan Joppe.
Yn 2009 folge de ferhalebondel De skeakeling. Eric Hoekstra [2] joech fiif stjerren: 'Dit boek kin sawol de gewoane lêzer oansprekke – troch de laach fan gewoane ferhalen – as de fynpriuwer – dy’t syn niget hat oan it subtyl kontakt mei de ferburgen ynderlike realiteit.'
Yn 2011 publisearre Hilarides syn tredde boek: Skoaljonge. It draait om de ferhâlding learaar-learling, fertroud terrein foar Hilarides om't er sels ek in ûnderwiis-achtergrûn hat. Ek yn Skoaljonge seach Jetske Bilker [3] plus- en minpunten. As pluspunten neamde se wer de akkurate beskriuwingen en de dialogen, mar se miste in trochrinnende line. Hilarides is neffens har gjin plotskriuwer: 'Dat is op himsels net in probleem, mar der moat wol ien of oare manier fan ûntjouwing wêze'.
Nei in ûnderbrekking fan seis jier waard yn 2017 De trekker fan Troje útbrocht. It boek draait om Frise Wassenaar, lobbyist yn Brussel, en syn twillingbroer en tsjinpoal Hero, dy't buorket op de pleats fan harren heit. Wylst Friso allegeduerigen siket om ferdjipping en by einsluten yn de striid om de Fryske identiteit in rol spilet, dêr sjocht syn broer net fierder as de pleats. Tagelyk spilet tusken beide broers in oare striid, nammentlik dy om Andrea, mei wa't earst Friso in relaasje hat.
De mieningen oer dit boek wiene ferdield. Jaap Krol [4] priizge it boek om de beskriuwing fan de relaasjes, mar miste de literêre krêft yn benammen de passaazjes oer de Fryske identiteit.
Friduwih Riemersma [5] dêrfoaroer hie gjin goed wurd oer foar De trekker fan Troje: 'Dizze roman hat alle begjinnersflaters dy’t mar mooglik binne: (inter alia) swak plot; minne aksje-ferhaal-dialoochferhâlding; infodumping, ek yn de dialogen, en dêrunder sidenlang skiedkundige trivialiteiten en founding myths fan Fryslân.'
Doeke Sijens [6] fûn it gegeven fan twa broers dy't sa ferskillend binne nijsgjirrich, tagelyk seach er in wat te breed opset boek mei as sterke punten de beskriuwingen fan it studintelibben yn Grins en de demonstraasjes tsjin de autoriteiten.
Yn 2021 die Hilarides mei oan it projekt 'IIsbaan yn 'e maaitiid', in digitale presintaasje [7] fan in tal iisbanen bûten de wintermoannen om. Underdiel hjirfan wie in tal gedichten dat op fideo ferskynde, wêrûnder 'Dooie iispret' [8] fan Hein Jaap Hilarides.
Boarnen foar dit stik
[1] Jetske Bilker, LC 25-04-2008
[2] Eric Hoekstra, Sirkwy
[3] Jetske Bilker, LC 17-06-2011
[4] Jaap Krol, FD 29-07-2017
[5] Friduwih Riemersma, Fers2 18-06-2017
[6] Doeke Sijens, LC 08-09-2017
[7] Tresoar 2021 - IIsbaan yn'e maaitiid
[8] Fideo 'IIsbaan yn 'e maaitiid (YouTube 16-04-2021)
Wurk
Proaza
2008: Joppe
2009: De skeakeling
2011: Skoaljonge
2017: De trekker fan Troje
2021: Beppe Xenia
Ferskaat
1997: Griene sjippe - ienakter yn trije dielen
1997: Fryske simmerferhalen (meiwurke oan)
2004: Droom in blauwe regenjas : een keuze uit de nieuwe Friese poëzie sinds 1990 / Dream yn blauwe reinjas : in kar út de nijste Fryske poëzy sûnt 1990 (Gearstaller, mei Tsead Bruinja)
2018: Ofskaid en Utsicht (ferhalen, stikkys en gedichten in 't Bildts)
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)
2020: De kraak van de kluis (teaterstik yn it ramt fan '75 jier frijheid')
Nominaasjes
2019: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei De trekker fan Troje
CD’s
2003: Taai as Bildtse klaai
2005: Slingerhaan
2007: Klaine kerktocht
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 26-05-2017 (fraachpetear n.o.f. De trekker fan Troje)
Webstek fan de skriuwer
Elisabeth Post, LC 18-09-2020 (oer De kraak van de kluis)
Sippie Miedema, FD 22-09-2020 (oer De kraak van de kluis)
Omrop Fryslân, 27-09-2020 (oer de online útfiering fan De kraak van de kluis)
Cilla Geurtsen, LC 28-09-2020 (besprek online útfiering De kraak van de kluis)
©Tresoar, 02-06-2021