BERNE: 21-01-1792, GROU
FERSTOARN: 12-12-1852, GROU

 

Libben en wurk

Tsjalling is ien fan de auteurs dy’t mei Joast en Eeltsje bekend waard as de bruorren Halbertsma fan ûnder oare de klassiker Rimen en Teltsjes.

Tsjalling Hiddes Halbertsma is 21 jannewaris 1792 berne yn Grou as (twadde) soan fan bakker en keapman Hidde Halbertsma (1756-1809) en Ruerdtsje Binnerts (1767-1809). Hy hie trije bruorren: Joast (1789-1869), Binnert (1795-1847) en Eeltsje (1797-1858). Se hongen sterk oaninoar. Broer Joast skreau oer Tsjalling: ‘Grutter leafhawwer fan mallichheden en grappen as ús Tsjalling wie der yn hiel Fryslân net.’

Nei de dea fan beide âlden yn 1809 moast er de saak fan heit draaiende hâlde mei’t Joast yn Amsterdam studearre en Eeltsje yn Ljouwert yn de kost wie dêr’t er nei de Latynske skoalle gie. Doe’t Binnert âld genôch wie, naam dy de saak oer. Tsjalling gie doe oan it wurk by in omke yn Grou, dy’t keapman yn bûter en tsiis wie. Hy naam nei ferrin fan tiid it bedriuw oer en boude it út. Hy waard in fermogend man, liet in grut nij hûs sette en klaaide him nei de lêste moade. Nei’t er de helte fan syn fermogen kwytrekke (mei belizzen), krige er in klap dy’t er net wer te boppen kaam. Fan 1850 oant syn dea hie er ek sit yn de Steaten fan Fryslân.

Tsjalling Halbertsma troude yn 1813 mei Tetsje Sjollema (1793-1836), fan Grou. In jier nei har ferstjerren troude er mei Reinskje van der Goot (1807-1862), ek fan Grou. Hy stoar 12 desimber 1852 yn syn berteplak Grou. Neffens broer Joast waard de famylje nei syn dea ‘in ferstruide keppel’. Ien fan syn soannen út syn earste houlik, Johannes Tsjallings Halbertsma (1827-1884) naam de bûter- en tsiishannel oer en ferhuze dy nei Snits ta. Halbertsma syn pakesizzers Hylke (1857-1932) en Herrius (1864-1920) rjochten dêr yn 1888 it molkfabryk Normandia op.

Yn 1817 begûn Tsjalling Halbertsma mei skriuwen, it earste wurk wie by de brulloft fan syn broer Binnert. Hy wie aktyf oant 1835 en dêrnei noch ynsidinteel oant 1841. Yn de lêste jierren fan syn libben produsearre er gjin nij wurk mear. Hy makke faak gebrûk fan pseudonimen as ‘Master Jouke’ en T.T. (Tsjalling Tsysker).

Syn wurk stie yn it skaad fan Joast en Eeltsje. Hy skreau folkslektuer mei satiryske of boartlike ynslach, dy’t de gewoane man oanspruts. Syn oeuvre is beheind en bestiet meast út rymkes ta gelegenheid fan feestdagen. Foar in part yn it Frysk, mar yn it begjin ek yn it Nederlânsk. Ek publisearre er yn almenakken. It earste wurk wie ‘Sets en Tsjerk yn Snitser Merk’ dat yn Suringar’s Almanak foar 1829 stie. Hy makke De Roeker, in tydskrift mei artikels oer aktualiteit, dêr’t er ek gedichten en teltsjes yn publisearre. Fan dat blêd binne fiif nûmers útkommen, yn 1832 en 1833.

Nei it ferstjerren fan alle trije bruorren Halbertsma is har proaza en poëzy yn 1871 publisearre ûnder de titel Rimen en Teltsjes. Op inkele gedichten en syn oandiel oan ‘De Skearwinkel fan Joutebaas’ nei bleau Tsjalling syn wurk earst bûten dy samling. Yn de fjirde werútjefte (1918) binne ‘De Wiersizzerij fan Maaike Jakkeles’ opnommen en noch in stikmannich gedichten en koartere teksten fan Tsjalling.

De Rimen en Teltsjes wurdt beskôge as in klassiker yn de Fryske literatuer en hat in krúsjale rol spile by de ûntwikkeling fan in nije literêre Fryske tradysje nei’t de taal trije iuwen dêrfoar hast allinnich as sprektaal brûkt wie.

WURK

List fan wurk (seleksje)
1817: Brulloftsfers of Mallichheid by de Brulloft (gedicht)
1829: Sets en Tsjerk yn Snitser Merk (gedicht)
1829: In Priuwke út Reintsje de Foks (passaazje út Rein de Foks)
1830: De Brune en de Bles (koart ferhaal)
1832: In Jûnpraatsje fan Oark en Sint (dialooch)
1833: Punthûn en Liuwe Lijer (teltsje)
1834: De Brulloft (dialooch)
1834: De Divel (teltsje)
1834: Yn 't Jier Doe't de Ko Bartele Hjitte (teltsje)
1835: De Skearwinkel fan Joutebaas (ramtferhaal mei ferskate koarte ferhalen en gedichten; mei Joast en Eeltsje Halbertsma)
1835: De Wiersizzerije fan Maaike Jakkeles (koart ferhaal)
1871: Rimen en Teltsjes, mei Joast en Eeltsje Halbertsma (11e printinge, 1994)

Mear ynformaasje
Wikipedia
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Redactie Neerlandistiek, 08-12-2020 ('Een joodse blackface bij de Halbertsma's')
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 17-03-1988

©Tresoar, 12-01-2021