Berne: 28-02-1961, Snits
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Ytsje Hoekstra is berne yn Snits. Sy folge de learare-oplieding Ubbo Emmius yn Ljouwert en dêrnei opliedingen yn Kommunikaasje en Bedriuwssjoernalistyk yn Grins en Utert, mar ek de stúdzje Fryske Taal en Kultuer oan de RuG.
Ytsje Hoekstra wurket as dosint/projektmeiwurker by in ûnderwiisynstelling. Har poëzy ferskynt ûnder it pseudonym Yva Hokwerda. Oare uteringen, lykas proaza, kollums ensafh. skriuwt se ûnder de eigen namme (yn it Nederlânsk: Ytje).
Hoekstra wie yn 2005 en 2006 redakteur en fan ein 2006 oant 1 jannewaris 2008 haadredakteur fan it literêr tydskrift Farsk. Farsk sette begjin 2003 út ein, earst allinne mei ynternetpublikaasjes, mar letter ek mei saneamde Farskskriften en Farsk jierboeken.
Yt(s)je Hoekstra publisearre ek yn de Ljouwerter Krante, De Volkskrant en ferskate bedriuwsblêden.
Henk van der Veer neamde de poëzy dy’t sy publisearret op har webloch ‘poëtise kaviaar’ nei oanlieding fan it ferskinen fan har earste dichtbondel Dûbeld fjouwerjen, yn 2008, dêr’t hy yn it Sneeker Nieuwsblad (29-06-2009) fan seit dat ‘de lêzer dy’t him/har iepenstelt foar dizze poëzy meigiet op dy poëtise kweeste en beleanne wurdt mei prachtige fersen.’
Yn 2021 die se mei oan 'Radio 'Moanneljocht' (foar de link: sjoch by 'Mear ynformaasje'), in projekt yn gearwurking mei Tryater wêryn't tsien skriuwers harren ynspirearje lieten troch de Tryater-foarstelling Nacht. In jier letter makke Ytsje Hoekstra diel út fan it projekt 'Oade oan de ko', in projekt oer kij en alle ferhalen deromhinne.
Bibliografy
Poëzy
2008: Dûbeld fjouwerjen (poëzy)
Oersettingen
2017: Oanfal. Firalen dl 2. Kathy Reichs.
Ferskaat
2004-2007: Farsk jierboeken (mei oaren)
2009: Friese liefde, koken met streekproducten (mei Miriam Velter)
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)
Prizen
2006: Rely Jorritsmapriis Dûbeld fjouwerjen yn 8
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese Literatuursite
Sietse de Vries, LC 31-03-2017 (fraachpetear)
Radio Moanneljocht, Omrop Fryslân 10-05-2021
Rixt, 07-12-2022 ('Oade oan de ko')
©Tresoar, 14-12-2022