Berne: 27-12-1865, Drylts
Ferstoarn: 11-11-1925, Drylts
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Teatse Eeltsje Holtrop is berne yn Drylts en hat dêr ek it grutste part fan syn libben wenne. Hy wie it twadde bern út in húshâlding fan fiif, syn heit wie skipsbouwer.
By de boargerlike stân stie er ynskreaun as Teerdze Eeltje, mar hy skreau himsels altyd as Teatse Eeltsje. As Teatse tsien jier is ferfart de húshâlding nei Appingedam, in pear jier letter sette se har yn Grins nei wenjen. Twa fan syn suskes komme dêr jong te ferstjerren. Op skoalle koe Teatse goed meikomme. Hy gyng nei de mulo en dêrnei folge er de kweekskoalle. Yn 1884 kaam er as jong ûnderwizer werom yn syn berteplak Drylts en is dêr oant syn dea ta bleaun.
Syn belangstelling foar literatuer utere him al op jonge leeftyd: hy wie op ’e hichte mei de Hollânske, Ingelske, Noarske en Deenske literatuer. Sels dreamde er der ek fan om ienris in grut skriuwer te wurden. Al hat it lang duorre foardat er mei eigen wurk nei bûten kaam, hy wie krapoan fjirtich doe’t er it gedicht ‘Drylts’ opstjoerde nei it Nieuwsblad van Friesland, foar de ‘Rijmwedstrijd over Frieslands Goën, Grietenijen, Steden, Dorpen en Gehuchten’. Dêrnei hat er in lange rige publikaasjes yn it ljocht jûn. Ferhalen fan syn hân ferskynden yn de Nieuwe Sneeker Courant (fan 1906 ôf). Ek de tydskriften Forjit my net, It Heitelân, Swanneblommen en Sljucht en Rjucht wiene in poadium foar syn publikaasjes, benammen foar syn koarte ferhalen. Dêrnjonken skreau er foar Sljucht en Rjucht koarte stikjes ûnder de skriuwersnamme Gerben Goasses. De bydragen bestiene út rymkes, sprekwurden, teltsjes, foardrachten en stikjes foar bern. Meast licht humoristyske stikjes mei in moralistyske ynslach, wêrby’t syn skriuwerij foar bern der kwalitatyf boppe út kipe.
Holtrop syn drankgebrûk waard in iderkear grutter probleem foar him. It gyng sa fier dat er, op oantrún fan oaren, yn 1909 it gemeentebestjoer frege om him earfol ûntslach te ferlienen. Hy moast dêrnei sjen om fan syn lyts pinsjoentsje en de opbringst fan syn skriuwerij troch de tiid te kommen.
In soad fan wat Holtrop skreau wie sûnder pretinsjes, koarte stikjes en bedoeld om de lêzer in noflik skoftsje tiid te besoargjen. Foar in part binne it troch him bewurke folksferhalen of stikjes fan oare skriuwers. Sa is bygelyks it stik ‘Lyk siket lyk’ (1907) in oersetting en útwreiding fan ‘Muwze-boaste’ fan Gysbert Japicx.
Dat Teatse E. Holtrop beskikte oer literêre talinten kaam benammen ta utering yn in pear fan syn langere ferhalen. Yn ‘Twa sisters’ liet er him as ras ferteller sjen, al hat it ferhaal te lijen fan in tefolle oan melodrama. It ferhaal ‘De man en de dea’, dat opnaam is yn It Heitelân (1921), is wat ynhâld oanbelanget lykwichtiger en wurdt noch altyd beskôge as ien fan syn bêste koarte ferhalen.
Syn grutste literêre prestaasje is lykwols de novelle De wylde boerinne. It ferhaal waard yn 1915 publisearre yn De Swanneblommen. Yn de Frysk literêre wrâld krige er yn it earstoan net folle wurdearring foar it ferhaal. Dat feroare doe’t Holtrop de novelle yn it Hollânsk oersette en yn it ramt fan in priisfraach opstjoerde nei it literêr tydskrift De Gids (1924). Syn ynstjoering waard beleanne mei in earste priis en publisearre yn it tydskrift. In jier letter ferskynde it ek noch as selstannige útjefte yn boekfoarm by Brandenburg yn Snits. Ynternasjonale wurdearring krige er doe’t De wylde boerinne opnaam waard yn in seleksje fan de bêste novellen, ferskynd sûnt july 1923 yn de Europeeske en Amerikaanske literatuer. It waard yn in Ingelske oersetting útjûn yn New York. Yn 1931 kaam it Fryske orizjineel út yn de rige ‘De Fryske Librije’ fan G.A. Wumkes.
Holtrop krige likemin wurdearring yn Fryslân foar syn oersettingen fan Shakespeares ‘Hamlet’ en ‘Julius Ceasar’. Tidens syn libben wie der gjin útjouwer foar te finen. Krekt nei syn ferstjerren kaam de erkenning en waarden se útjûn, respektivelik yn 1925 en 1928. Dr. Klaas Dykstra skreau yn syn dissertaasje oer fertalings yn it Frysk (1962) dat de taalbehearsking en it dichterlik talint fan Holtrop benammen yn syn Shakespeare oersettings sterk ta utering komt.
Yn it Hollânsk skreau Holtrop de mânske, histoaryske roman Voor de vrijheid. Roman uit degeschiedenis van Friesland uit het begin der 16e eeuw.
Hoewol’t Holtrop yn syn bêste wurk útstiigde boppe it nivo fan de folksskriuwers, waard er net talitten ta de rûnte fan de Jongfriezen. Al hie har foaroanman, Douwe Kalma, wol wurdearring foar syn Shakespeare oersettingen.
Teatse Holtrop is altyd frijgesel bleaun, de lêste jierren fan syn libben wenne er by syn suster Sjoerdsje. Doe’t sy kaam te ferstjerren waard it ek mei him hurd minder, in healjier nei har dea ferstoar hy ek, njoggenenfytich jier âld.
Wurk
Proaza
1905: Boaskje of bârne? - blijspil yn ien útkomste
1925: De wilde boerin - bekroonde novelle (Hollânske oersetting)
1930: De jas van Gabe - voordracht voor een persoon (Hollânsktalich)
1931: De wylde boerinne
1932: Voor de vrijheid - roman uit de geschiedenis van Friesland uit het begin der 16e eeuw
1945: Ynbannich forwar - út it forsprate wirk fan T.E. Holtrop (fersoarge en mei in ynlieding fan J. Piebenga)
1979: De wylde boerinne en oar wurk (útjûn mei ynlieding en bibliografy fan J. Knol)
2007: De wylde boerinne as stripferhaal (scenario/tekenwurk Richard Bos en Alexander Russchen/ tekst Willem Winters)
Oersettingen
1925: Hamlet, prins fen Denemarken (W.J. Shakespeare)
1928: Julius Ceasar (W.J. Shakespeare)
Prizen
1924: 1e priis yn novellepriisfraach fan De Gids foar De wilde boerin
Mear ynformaasje
Rianne Kramer, FD 12-10-2018 (oer toanielbewurking De wylde boerinne)
©Tresoar, 24-04-2019