Berne: 06-06-1947, It Hearrenfean
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
It grutste part fan syn libben hat Bennie Huisman wenne yn it hûs dat eartiids fan syn pake en beppe wie.
Yn dat hûs oan de Herenwal op It Hearrenfean is er yn 1947 berne. Syn âlden ferhuzen letter nei in nijbouwyk yn It Feen, mar Bennie hat yn syn bernejierren in protte tiid op syn berteplak, benammen by pake yn ’e skuorre, trochbrocht. Ek letter doe’t se yn Ljouwert wennen, dêr’t syn heit as muzyklearaar in baan krige hie, wie er noch geregeld op It Feen. Bûten wêze, fytse en op it Nannewiid sile en reedride, syn leafde foar, en ferbûnens mei it wetter, hat er dêr skipe.
Nei de middelbere skoalle folge Bennie Huisman in oplieding yn de muzyk, sang en piano. Tsien jier lang hat er muzykles jûn en koardirigent west. De gedachte dat er dat de rest fan syn wurksume libben dwaan moast, lake him net oan, hy naam ûntslach en folge in drama-oplieding. De ûnrêst dêr’t er letter oer skreau en song, blykt ek út wat er allegear by de ein hân hat; njonken de al neamde drama- en muzykopliedings bekwame er him ek yn technyk en yn talen, hy helle ûnder oaren de akte Frysk. Timmerje docht er ek graach, de measte ferbouwings oan syn eigen hûs hat er sels dien.
Mei skriuwen begûn Bennie Huisman yn de jierren santich. Fan it begjin ôf oan hold er him ek op dat mêd net oan ien rjochting; hy begûn mei it oersetten en werdichtsjen fan koarwurken út it Dútsk en mei it skriuwen fan musicals foar middelbere skoallebern, earst yn it Nederlânsk en letter ek yn it Frysk. Al gau skreau er sjongteksten en gedichten, dat resultearre yn 1978 yn de útjefte fan in gedichtebondeltsje (yn eigen behear) mei de titel Opgeande tiid. Foar it gedicht ‘Hjerst’, krige er yn 1974 in Rely Jorritsma-priis. Yn 1982 waard dy priis him twa kear ta kend, ien kear foar poëzij mei it fers ‘Hiem’ en ien kear foar proaza mei it ferhaal ‘De rop fan it wetter’. Hy debutearre yn boekfoarm yn 1990 mei in ferhalebondel, dy’t útkaam mei deselde titel as it earder bekroande ferhaal, De rop fan it wetter.
Yn de jierren tachtich sette Huisman útein mei in teaterprogramma ‘De sjonger’. It wie it earste fan in searje fan seis muzykteaterfoarstellings dêr’t Bennie Huisman mei foar it fuotljocht kaam. De twadde foarstelling ‘De skipper’, waard folge troch ‘De wite walfisk’, in programma oer it libben fan dichter en foardrachtskeunstner Wibren Altena. Nei it programma oer Altena makke Huisman in programma mei de titel ‘Op syk nei Eeltsje’, oer dokter/dichter Eeltsje Halbertsma fan Grou. It fyfde programma krige de titel ‘Weemoed en irony’, it lêste teater-programma joech er de titel ‘De Loftfytser’. Ferskeidene muzikanten fan namme hiene yn dy programma’s in oandiel, sa hawwe respektivelik Herman Peenstra, Jaap Louwes, Tseard Nauta , Corinne Staal, Frederike Kleefstra en Paul van Batenburg in belangrike bydrage oan de útfierings levere.
Njonken syn gruttere teaterfoarstellings giet Huisman ek al sûnt begjin jierren tachtich as sjonger-ferteller op in paad, hy begeliet himsels dêrby op piano en/of akkordeon. Huisman skriuwt syn lietsjes yn it Frysk, Nederlânsk en it Stedfrysk. Mar ek lietsjes út oare talen steane op syn repertwaar, hy hellet se út it Grunningsk, it Dútsk, it Italjaansk en it Ingelsk.
Bennie Huisman hat ferskate cd’s yn it ljocht jûn. Op de cd’s ‘Lietsjes’ (1995), mei Frederike Kleefstra, ‘Sânfurd’ (1998) en ‘It griene Liet’ (2004) binne de teksten en de muzyk meast fan syn eigen hân. Hy set ek besteande lietsjes oer of bewurket dy. Op ‘Fan de souder op de flier’ (2002), sjongt er njonken eigen wurk ek lieten op teksten fan Fedde Schurer, Wibren Altena en Eeltsje Halbertsma. Tagelyk mei de de cd ‘Lietsjes’ ferskynde de byhearrende bondel Skou (1996). Ek by de cd ‘Sânfurd’(1998), kaam in boekje mei deselde titel. Yn de by de cd’s ferskynde bondels steane njonken de teksten fan de lieten ek ferhalen en gedichten.
Sintrale tema’s yn it wurk fan Bennie Huisman binne syn fassinaasje foar it wetter en it skipperslibben, syn niget oan histoarje, langstme, leafde, aventoer en ûnrêst. Yn in soad teksten spilet de see in rol, as metafoar foar langstme en fergonklikheid. Yn al syn teksten, oft dat no lieten, gedichten of ferhalen binne, komme dy tema’s werom. Hy komt der yn nei foaren as immen dy’t grinzen ferkent en dy’t op syk is nei wat efter de kimen leit. Hy docht dat soms op poëtyske, in oare kear op yroanyske of op humoristyske wize.
By de cd ‘Fan ’e souder op ’e flier’ (2000) kaam de bondel Quatta-Reisskrift 2000 út. Huisman presintearre de bondel as in persoanlik ‘reis-tiidskrift’ dat alle jierren ferslach docht oan ’e hân fan in beskaat tema. Yn 2002 ferskynde it twadde diel Loftfytser en legetider en yn 2003 it tredde, Boatsje en leafde.
De yn 2005 útkommen cd ‘Waterland’ is fierhinne Nederlânsktalich. Nederlânske teksten skreau er in jier lang foar in VPRO-radio programma, dêr’t er alle wiken in liet yn song. Yn 2007 kaam de twatalige bondel Hûs oan see / Huis aan zee, út. De fersen yn it foarste part fan de bondel jouwe in soarte fan libbensoersjoch. Se geane oer de bernetiid, leafde, dreame en it lijen oan it foarbygean fan tiid.Yn it twadde part fan de bondel wol de dichter fuort, reizgje. Yn in fraachpetear mei Sytske de Boer (De Moanne, nû. 8, oktober 2007) seit Huisman: ‘Yn it twadde diel fan dizze bondel giet it bygelyks oer myn langst nei it Suden. Foar in part is dat in kultivearre literêre langst. It tema komt yn de Europeeske literatuer sûnt 1800 in hiel soad foar en dêr bin ik troch beynfloede. Mar ik gean net fuort. Yn ‘It liet fan de lêste reis’ skriuw ik: ‘Dat, ik doch earst noch in slachje / Troch it âld-fertroude gea. / Wannear sil ik my weagje achter Wolvegea?’
Septimber 2008 is der fan de hân fan Bennie Huisman in boek, mei de titel Eeltsje & ik, útkaam om de persoan, it libben en it wurk fan dokter Eeltsje Halbertsma fan Grou. Oanlieding foar it ferskinen fan dat boek is it feit dat it yn 2008 150 jier lyn is dat Halbertsma ferstoarn is. Tagelyk mei it boek is der in cd útbrocht mei de lietsjes fan Halbertsma en in tal nije fan Huisman oer him. Nei it útkommen fan it boek hat Huisman mei syn muzikale kornuiten ek wer in tal foarstellings dêr omhinne jûn. De kommende tiid wol er him mear op it skriuwen fan ferhalen talizze.
Yn 2014 begûn er mei de útjefte fan syn persoanlik digitaal moanneblêd Po@dium, mei dêryn alderhande teksten fan lietsjes oant reisferslaggen. Dit blêd is te finen op syn eigen webside (sjoch ûnderoan)
Wurk
Poëzij en proaza
1978: Opgeande tiid (fersen)
1990: De rop fan it wetter (ferhalen)
1995: Skou (fersen/ferhalen)
1999: Sânfurd (fersen/ferhalen)
2000: Quatta - reisskrift 2000
2002: Loftfytser en legetider (2e diel Quatta-rige)
2003: Boatsje en leafde (3e diel Quatta-rige)
2007: Hûs oan see / Huis aan zee
2008: Eeltsje & ik
2010: Lytse histoarje fan langst
2012: Wibren Altena, swalker yn 'e geast
2019: Sanfirdo
Prizen
1974: Rely Jorritsmapriis (fers: Hjerst)
1982: Rely Jorritsmapriis (fers: Hiem)
1982: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: De rop fan it wetter)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Bennie Huisman, eigen webside
Sietse de Vries, LC 20-09-2019 (fraachpetear oer Sanfirdo)
Eigen webside
©Tresoar, 17-03-2021