berne: 25-05-1920, heech
ferstoarn: 14-10-2000, snits
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
- Biografy Nederlânsk
Harmen Haringa waard yn 1920 berne yn Heech. Mei as foarbyld Rintsje Klazes Zijlstra begûn er te skriuwen en hat er ferskate boeken útjûn.
Libben en wurk
It húske dêr't er yn grutwaard, wie in lytse wente efter de 'Wide steech' (no ôfbrutsen). Syn jonge jierren bestiene út earmoede. Der wie bygelyks gjin jild om Haringa troch leare te litten. Hy hat acht jier legere skoalle dien. As 14-jierrige waard er nei Osingahuzen stjoerd om dêr yn it suvelfabryk te wurkjen. Hy wurke lang yn de suvel en klom op ta sjef tsiismakker.
Nei de oarloch, dy't hy foar in part trochbrocht yn Lemelerveld (Ov), troude er. Nei wer in koarte útstap nei Oerisel kaam de jonge húshâlding yn Aldeboarn en dêrnei yn Frjentsjer telâne. De lêste jierren fan har libben brochten se troch yn Snits. Hy leit begroeven op it tsjerkhôf fan de Hagha tsjerke yn Heech.
Haringa helle syn Fryske aktes en stjoerde fersen op nei lokale kranten en de Fryske Skriuwerskalinder. Dêrneist wûn er prizen mei it meitsjen fan slogans. Hy skreau in soad ferhalen, romans, berneboeken en gedichten. Syn grutte foarbyld wie Rintsje Klazes Zylstra, ék in folksdichter út Heech. De bewûndering foar syn eardere doarpsgenoat late ta it gearstallen fan de sammelbondel: Neiklank fan ’t ferline. Yn 1980 waard Haringa syn earste dichtbondel útjûn: Wylde Blommen. Der folgen mear bondels en oant syn dea gie er troch mei dichtsjen.
Yn novimber 2021 iepene de útstalling ‘SOAN-Heit in moeting’ yn Tresoar. Yn de útstalling komme de wrâlden fan fotograaf Simon Haringa en syn heit Harmen Haringa by inoar yn 24 trijelûken. Dy besteane út twa foto's en in gedicht. Haringa slút dêrmei postúm oan by de wrâld fan syn soan.
Bibliografy
Gedichten
1980: Wylde Blommen
1983: Fuotprinten nei kimen fan hope
1989: Weagjend libben 1 (eigen útjefte)
1991: Weagjend libben 2 (eigen útjefte)
Berneboek
1981: Ikel en Boekel ûnder de reuzen
Oars
1984: Neiklank fan ’t ferline. Samling gedichten fan Rintsje Klazes Zylstra, mei in ynlieding
Mear ynformaasje
Diane Romashuk, FD 16-11-2021 (n.o.f. tentoanstelling Tresoar)
Gitte Brugman, LC 07-01-2022 (n.o.f. tentoanstelling Tresoar)
©Tresoar, 09-02-2022