Berne: 08-05-1974, Haskerdiken
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Tialda Hoogeveen waard berne yn Haskerdiken, har jeugd brocht se troch op 'e Jouwer en yn Goiïngaryp.
Op har tweintichste gie se as au-pair nei Londen, dêr’t se wurke foar in skriuwer en akteur fan de Muppetshow en Monty Python en in regisseuse fan de musical Cats. Mei har reizge Tialda Hoogeveen de opfieringen fan dy musical del, hiel kultureel Ingelân troch.
Nei dy tiid folge se yn Amsterdam in oplieding kommunikaasje, mei letter ek noch sjoernalistike fakken yn Utert. Yn 2004 begûn se mei de oplieding ‘Proza voor kinderen’, in oplieding dy’t foaral ynsette op it oanbringen fan struktuer yn ferhalen. Net dat se skriuwer wurde woe, dat wie se neffens harsels altyd al: ‘Foardat ik skriuwe koe, makke ik al boekjes.’
Yn 2004 foarme it non-fiksjeboek Winterslaap har debút. Dêrnei folgen mear ynformative boeken oer de natuer, in ûnderwerp dat goed by Tialda Hoogeveen har ynteresses oanslút. Sa ferskynde yn 2019 Oerstoer, in boek oer de wolhierrige mammoet.
Ek it skriuwen fan gedichten hat Hoogeveen har belangstelling. In pear dêrfan waarden publisearre yn Querido’s Poëziespektakel en yn in bondel mei de 100 bêste gedichten fan de Turing Nationale Gedichtenwedstrijd. Dêrneist skriuwt se yn bondels en tiidskriften koarte ferhalen.
Yn 2017 kaam Hoogeveen mei Alstublieft mevrouw! – een geschiedenis van Nederlandse dienstmeisjes, trije jier letter folge troch De geur van hooi – hoe het boerenleven in Nederland veranderde, in boek dat wilens al in fyfde printing helle.
Omdat se it nuver fûn dat se har memmetaal net goed skriuwe koe, folge Tialda Hoogeveen yn 2017 in online kursus ‘Frysk skriuwen’. Sa koe se, ferwachte se, tichter by har gefoel bliuwe. It wurke, sa’t al gau bliken die mei de publikaasjes fan Wurden fan Timo (2021 – nominearre foar de Simke Kloostermanpriis) en Abe en de Aardichman (2022).
Yn 2021 waard Tialda Hoogeveen beneamd ta einredakteur fan De Moanne. Ek wie se skoalskriuwer yn Gerkeskleaster, De Gerdyk en op it Hearrenfean. Se wurket fierder as sjoernalist foar Vogelbescherming Nederland, Roots en Gooi en Eemlander en skriuwt ferhalen en artikelen foar bygelyks LinKk en Tsjek.
In jier letter waard har beneaming ta berneboeke-ambassadeur bekendmakke. ‘Ik fyn it in hiele eare om Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân te wêzen. Ferhalen ferbine ús mei elkoar en mei de wrâld. Ik haw der sin oan om it berneboek in noch grutter poadium te bieden’, liet se yn in fraachpetear mei de LC (02-10-2022) witte. As opfolger fan Lida Dykstra is se fan doel har benammen te rjochtsjen op jongerein fan 12-18 jier, de groep dêr’t de ûntlêzing it fûlst taslacht.
Publikaasjes
Poëzy
2011: Dansen op de maat (mei it gedicht ‘Was de was’, n.o.f. de Turing Nationale Gedichtenwedstrijd)
2012: Er zit een feest in mij (En/of God bestaat)
2018: Minnezinne in moerstaal (‘Tichterby’)
2019: Yn ‘e fierte
2019: It grutte foarlêsboek 2 - Oer rosa (mar mear oer Hinke)
Fiksje
2002: Verhalen van het bos (mei twa berneferhalen)
2011: Helden (mei oaren)
2021: Wurden fan Timo
2022: Abe en de Aardichman
Oersettingen
2022: Maia en har freonen (fan Larysa Denysenko)
Non-fiksje
2005: Winterslaap (yllustraasjes: Irene Goede)
2007: Lentekriebels (yllustraasjes: Irene Goede)
2009: Herfstpret (yllustraasjes: Irene Goede)
2010: Natuur is overal, een veldgids voor kinderen
2010: Zomerzon (yllustraasjes: Irene Goede)
2011: Helden (mei oaren)
2014: Stadstuinieren (yllustraasjes: Arne van der Ree)
2014: Alstublieft, mevrouw – een geschiedenis van de Nederlandse dienstmeisjes
2015: Ontmoet minuscule in de achtertuin
2016: Dieren in de tuin
2017: Waterloopbos (mei oaren)
2019: Oerstoer, over de wolharige mammoet en de rest
2020: Jodenvervolging
2020: De geur van hooi
2020: Inuit
Nominaasjes
2010: Longlist Turing nationale gedichtenwedstrijd
2020: shortlist Jan Wolkersprijs foar Oerstoer! – over de wolharige mammoet en de rest
2022: Simke Kloostermanpriis foar Wurden fan Timo
Mear ynformaasje
Webside auteur
Wikipedia
Schrijverscentrale
Gitte Brugman: LC 18-05-2020 (fraachpetear oer De geur van hooi)
Hinne Bokma: FD 20-06-2020 (oer De geur van hooi)
Rianne Kramer, FD 29-01-2021 (fraachpetear)
Yvonne Dijkstra, FD 27-02-2021 (besprek)
Sanne Poppe, FD 01-04-2022 (oer Maia en har freonen)
Elisabeth Post, LC 08-08-2022 (oer Abe en de Aardichman)
Elisabeth Post, LC 02-10-2022 (oer beneaming berneboeke-ambassadeur)
Nel Jensma, FD 26-01-2023 (oer Hoogeveen har start as berneboeke-ambassadeur)
Foto auteur: Joke Schut
© Tresoar, 01-03-2023