Berne: 09-07-1852, Nijlân
Ferstoarn: 12-07-1918, Ljouwert
Libben en wurk
Geertruida Christina (ropnamme Trui) Stellingwerf-Jentink is berne yn Nijlân op 9 july 1852 as bern út it twadde houlik fan Theodorus Jentink en Geertruida Christina van Hengelaar (1812-1893).
Heit wie dûmny (Nederlânsk-Herfoarme). Trui hie fiif healbroers en -susters dêr’t se net folle kontakt mei hie. Se waard beskermjend grutbrocht en krige privee-ûnderwiis. Om dat miljeu te ûntrinnen, gie se gauris nei in boer en learde dêr hynsteriden. Se learde yn it doarp de tsjinstellingen kennen tusken frijsinnigen en ortodoksen en tusken boeren en arbeiders. Se hie koart (polka)hier, wat wjerstân oprôp om’t froulju neffens bibelsk foarskrift lang hier ha moasten.
Yn 1873 kaam se, nei in optreden fan Winterjounenocht, yn kontakt mei Waling Dykstra. Mei de skriuwer en foardrachtskeunstner begûn se te korrespondearjen. Mar in diel fan syn brieven (út 1873-1882) is bewarre bleaun, om’t se in grut part fan har argyf ferbrând hat, sa die nei har dea bliken.
Se kaam yn de kunde mei Oebele Stellingwerf (1847-1897), skriuwer, sjoernalist en lykas Dykstra redakteur by it Friesch Volksblad. Op 7 desimber 1882 troude se mei him, tsjin it sin fan har âlden. Se wennen yn Ljouwert. Se krigen gjin bern. Trui Jentink stoar op 12 july 1918 yn Ljouwert nei in koart siikbêd. Se is 66 jier wurden.
Har ideeën oer tsjerke, maatskippij, sosjalisme en gehielûnthâlding kamen oerien mei de Friesche Volkspartij. Se sette har yn foar kiesrjocht foar froulju en skreau deroer yn it Friesch Volksblad. Ek wie se tsjin prostitúsje. Yn 1890 begûn se as propagandiste foar sosjalisme, drankbestriding en frouljusbeweging op te treden. Se hâlde tal fan lêzingen - 60 sprekbeurten yn 1891 - en die dat faak yn it Frysk.
Se skreau oer har opfettingen yn Evolutie, De Groene Amsterdammer, Leeuwarder Courant en De Vrouw (1888-1889). Yn 1896 waard se bestjoerslid fan de Nederlandsche Vereniging tot Afschaffing van Alcoholhoudende Dranken (NV).
Nei de dea fan har man wurke se om de kost te fertsjinjen as redakteur fan it Friesch Volksblad; se krige de namme ‘it krantewyfke’. Se skreau Fryske fúljetons, ferhalen mei in sosjale tendins. Fan 1900 ôf waard se redakteur fan it Friesch Weekblad, in blêd foar de lânbou. Om’t se in soad oer de plomfeesektor skreau, krige se ek de namme ‘it hinnewyfke’.
Yn de Ljouwerter wyk Westeinde is yn 1975 in strjitte nei har neamd: Trui Jentinkwei. Itty Sluis (1939-2011) skreau in histoaryke roman oer it libben fan Trui Jentink: Striid sûnder ein (2003). Neffens har fertsjinne Trui Jentink likefolle oandacht as Mata Hari. “Trui Jentink hat har op alle mooglike manieren ynset foar in bettere wrâld. Ik fyn dat se dêr net genôch foar betanke is.” Yn de besprekken fan it boek ûntstie diskusje oer de abortus dy’t Jentink neffens de roman ûndergien hawwe soe. Yn 2010 wie Trui Jentink nominearre as ien fan de hûndert grutste Ljouwerters fan alle tiden.
WURK
Primêr wurk
Friesch Volksblad (artikels)
Friesch Weekblad (artikels)
Sekundêre literatuer (seleksje)
1980: J.J. Kalma, Geertruida Christina Stellingwerf-Jentink (1852-1918)
1984: Megiel Muller, Reintsje Miedema, Trui Jentink, soasjaliste feministe, 1852-1918
2003: Itty Sluis, Striid sûnder ein
2003: Jelma Knol, De earste Fryske feministe (yn: De Moanne, jrg 2, nr. 3)
Mear ynformaasje
Biografisch Woordenboek van het socialisme en de Arbeidersbeweging in Nederland
Wikipedia
©Tresoar, 22-01-2020