Berne: 09-04-1945, Easterbierrum
Ferstoarn: 21-07-2005, Goutum

Libben en wurk

Jan Pieter Janzen waard berne yn Easterbierrum, dêr’t er ek opgroeide. Nei de Ryks-HBS yn Harns studearre er skiednis yn Grins. Tidens syn stúdzjetiid kamen syn sjoernalistike en organisatoaryske talinten al nei foaren. Hy wie mei-oprjochter fan Groniek, it tydskrift fan de Grinzer histoarisy en skreau ek geregeld yn Der Clercke Cronike, it algemien Grinzer studintewykblêd. Hoewol’t syn oplieding rjochte wie op it ûnderwiis, krige er nei syn ôfstudearjen in stêffunksje by de Fryske Kultuerried. Troch syn wurk by de Kultuerried krige er ek kontakten yn de Frysk-literêre wrâld en rekke sa belutsen by it organisearjen fan de earste boeke-sutelersaksje yn 1972.

Nei in pear jier benammen op it organisatoaryske mêd warber west te hawwen, begûn er syn fak, skiednis, te missen. Doe’t der yn 1974 in gelegenheid kaam om de oerstap nei it ûnderwiis te meitsjen, hat er dy kâns grepen en waard er learaar skiednis, en letter ek maatskippijlear, oan de Stedelijke Scholengemeenschap Leeuwarden (SSG).  Nei inkelde fúzjes waard de skoalle úteinlik ûnderdiel fan it Piter Jelles kolleezje. Doe’t it SSG yn 1993 25 jier bestie, wie Janzen skriuwer en hie er de einredaksje fan it jubileumboek, Maar binnen heerst een warme endynamische sfeer, dat de skoalle oanbean waard. Janzen hat 31 jier oan de skoalle ferbûn west, by syn ôfskie bea er syn kollega’s it boekje Het is mooi geweest oan, in bondeltsje mei in samling stikken fan syn hân oer it ûnderwiis.

Jan Pieter Janzen hie al yn syn h.b.s.-tiid niget oan literatuer, en it fenomeen boek yn it bysûnder. Syn ynteresse yn Fryske literatuer waard fersterke yn de tiid dat er by de Kultuerried wurke, hy naam doe in abonnemint op alle doetiidske Fryske tydskriften. Hy fernuvere him oer it grutte ferskil yn kwaliteit dy’t de blêden leveren. Al ridlik gau levere er sels bydragen yn de foarm fan fraachpetearen mei skriuwers dy’t mei skriuwen opholden wiene, de stikken dy’t er makke tegearre mei Gryt van Duinen, ferskynden yn Alternatyf. Yn datselde blêd krige er ûnder pseudonym D.E. Mus in rubryk mei de namme Stikken en brokken, hy skreau dêryn nijtsjes en nuveraardichheden út de wrâld fan keunst en kultuer. Letter krige er in soartgelikense rubryk yn moanneblêd De Strikel, it blêd dat him al gau frege om in sit yn de redaksje te nimmen. Janzen hat fan 1974 oant 1990 diel útmakke fan de redaksje fan De Strikel.

Hoewol’t jpj, sa as er syn stikken faak ûndertekene, yn de Frysk-literêre wrâld in wichtige rol spile as ‘chroniqueur’ en ‘oanjager’, hat er sels nea it ferlet hân om in bydrage oan de literatuer te leverjen, oars as it stimulearjen fan oaren om te skriuwen. Wol hat er in grut ferskaat oan bydragen levere oan de blêden dêr’t er diel útmakke fan de redaksje. In samling fan dy stikken en stikjes is byelkoar brocht yn de bondel En gjin ein (2001). Janzen wie yn 1996 by de redaksje fan Trotwaer kommen, in skoftsje letter waard er einredakteur fan dat blêd. Troch syn ynbring waard Trotwaer fan allinnich literêr in blêd mei in bredere opset, der kamen ek aktuele en kommintaarjaande stikken yn te stean. Yn 2002 waard Trotwaer, as literêr katern, ûnderdiel fan in nij algemien kultureel moanneblêd, dat ûnder de titel De Moanne ferskynde.

Janzen hat ek lange jierren redaksjeskriuwer fan De Vrije Fries west, it wittenskiplik jierboek fan it Frysk Genoatskip. Dêrnjonken wie er ferskeidene kearen foarsitter op de Skriuwersbounwykeinen op Koartehimmen, en hat er tal fan kearen foarumlieder of presintator west op literêre jûnen. Hy wie bestjoerslid fan it Skriuwersboun, fan de St. It Fryske Boek en fan de St. FLMD (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum), en wie sjuerylid fan literêre prizen, û.o. fan de Gysbert Japicxpriis.

Wurk


Ferskaat
1984: Boekje iepen - It Fryske boek 1934-1984 (mei Freark Dam)
1993: Maar binnen heerst een warme en dynamische sfeer : Stedelijke Scholengemeenschap Leeuwarden, 1968-1993
1997: Noem het erotisch - fiifentweintich jier foar de klasse
2001: En gjin ein - stikken en stikjes, 1972-2000

Mear ynformaasje
Jaarboek van de Nederlandse maatschappij voor de letterkunde 2002
Wikipedy

©Tresoar, 01-05-2019