Berne: 22-04-1921, Skoatter Uterdiken
Ferstoarn: 21-03-1996, It Hearrenfean
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Kees (Cees) Jongsma waard berne te Skoatter Uterdiken, in oantal pleatsen op in stripe lân tusken de Tsjonger en de Ychtendyk. Fan 1952 ôf buorke er op de Koaipleats ûnder Bantegea. Sûnt 1958 wie er lid fan de PvdA-fraksje yn de ried fan Lemsterlân, dêr’t er yn de jierren tachtich fan de 20e iuw ek wethâlder wie.
Fierder beklaaide er in soad funksjes yn alderhande agraryske organisaasjes. Yn 1986 stapte er út de polityk. Yn 2005 waard der by in útwreidingsplan yn Bantegea in tinkteken foar Kees Jongsma ûntbleate.
Tematyk en resepsje
Yn de earste oarlochsjierren begûn Kees Jongsma te dichtsjen. Hy publisearre se yn de Zuid-Friesland en it wykblêd Sljucht en Rjucht. Syn debútbondel, Boer en Dichter, ferskynde yn 1946 by útjouwerij Torenlaan te Assen. Hy socht syn ûnderwerpen yn it boerebestean en de natuer.
In twadde bondel, Under it ûleboerd, waard trije jier letter útbrocht by deselde útjouwer. Yn de Ljouwerter Krante waard dat wurk oantsjutten as ‘bluisterige boerefersen’ [1]. It lûd dat Jongsma hearre liet waard omskreaun as ‘hurd en wreed’, wêrby’t tagelyk fêststeld waard dat der ‘opgong’ yn syn wurk sit.
Jongsma waard beskôge as folksdichter en as sadanich opnommen yn Fryske folksdichters, in karlêzing dy’t Piter Terpstra fuort nei de oarloch gearstalde. Eins woe er wol op in wat heger, mear literêr nivo dichtsje, sa’t er yn in ynterview yn 1958 sei. Mar syn wurk as boer en oare drokten kearden dat foarnimmen op, lykas de fêststelling fan guon resinsinten dat er wol wat talint hie, mar dat der noch in hiele ûntjouwing folgje moast. Dat wurke net al te bemoedigjend, sa’t Jongsma letter tajoech yn in ynterview [2]. Dêrby fielde er him yn Súd-Fryslân ek in ienling, hielendal sûnt Freark Dam en Piter Terpstra ferfarden nei respektyflik Drachten en Ljouwert [3].
Yn de perioade 1970-1975 publisearre er yn Bolwerk, it orgaan fan it Instituut voor Landbouwcoöperatie in Friesland. Yn 1976 waarden dy fersen útbrocht yn de bondel Milieu. De gedichten geane oer de feroaringen dy’t Jongsma om him hinne seach: boerespultsjes dy’t ferkocht waarden oan rekreanten, it ferdwinen fan de mollefanger, masinen dy’t it wurk oernimme. ‘Ta ile hichten kliuwt dit dichtwurk net. It hat de fuotten yn de ierde, de eagen oer dit lânskip dat ús sa bitroud is’, sei Tiny Mulder derfan [4]. Tineke Steenmeijer-Wielenga koe har yn dy konklúzje fine: ‘It is gjin great, mar wol tige sympatyk dichtwurk’ [5]. Neffens Freark Dam is Kees Jongsma yn dizze bondel op syn bêst, in boekje om hieltyd wer yn hannen te nimmen [6]. Hy doelde dan op de sterke metafoaren dy’t de dichter brûkt: ‘Foaral as er jin yn in inkelde rigel mei in originele, faek hwat dryste byldspraek fiele, taeste en rûke lit hwat er mei syn sintugen en syn gefoel waernimt’.
Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 10-11-1950
[2] De Strikel, novimber 1970
[3] Leeuwarder Courant, 30-10-1957 (diel 1, 2, 3, 4 en 5)
[4] Friesch Dagblad, 26-03-1977
[5] Leeuwarder Courant, 25-06-1977
[6] Zuid-Friesland, 29-04-1977
Bibliografy
Poëzy
1946: Boer en Dichter
1949: Under it ûleboerd
1976: Milieu (mei foto’s fan J. D. de Jong)
Toaniel
19--: De Tekstra’s
19--: Stoarm!
Mear oer libben en wurk
Boeken, brieven, hânskriften etc. yn katalogus Tresoar
Pieter de Groot, LC 23-04-2021
©Tresoar, 26-05-2021