Berne: 03-03-1900, Groningen
Ferstoarn: 22-07-1981, Den Haag

Libben en wurk

Anne Jousma waard berne yn Grins, in pear moanne letter ferhuzen syn âlden nei Easternijtsjerk, dêr’t er opgroeide. Hy wie iennichst bern. Fan 1915 oant 1919 learde er oan de rykskweekssoalle fan Grins ta ûnderwizer.

Hy stie oan skoalle yn Lunteren, Aldtsjerk, Alddyk ûnder St. Jabik en fan 1929 oant syn pensioen yn 1965, te Den Haach. Yn Den Haach hat er oan in pear muloskoallen les jûn yn ferskate fakken, letter wie er haad fan in mulo. Hy wie troud mei Aukje Mook, tegearre krigen se twa dochters. As dichter debutearre Anne Jousma yn 1920 yn it tydskrift fan de Jongfryske mienskip Lyts Frisia. Yn 1922-1923 en fan 1967 oant syn ferstjerren yn 1981, makke er diel út fan de redaksje fan dat blêd. Jousma wie yn 1919 by de Mienskip kommen op oanstean fan Douwe Kalma. Doe’t Kalma in tal jierren letter in oare koerts foarstie fan de Mienskip, hat Jousma him weromlutsen, mar fan it gedachteguod fan de beweging hat er nea ôfstân naam.

Jousma kaam út in otterdoks-herfoarme miljeu, hy hat lykwols op in iepenbiere legere skoalle sitten. Doe’t er âlder waard, rekke er ‘los’ fan syn kalvinistyske eftergrûn mar hat dy nea fersmiten. Hoewol’t er altyd midden yn de mienskip libbe hat, fielde er himsels faak in ienling, ‘oars as oars’. Yn syn ynlieding fan de Samle Fersen fan Anne Jousma beskriuwt Freark Dam dat libbensgefoel: 'It haadwurd ‘ûnwenne’, dat by myn witten troch gjin oar Frysk dichter yn dy moai seldsume foarm sá brûkt wurdt of waard, liket wol de wichtichste kaai to wêzen om yngong te krijen ta de poëzy fan Anne Jousma. Syn Samle Fersen tsjûgje suver oan ien tried wei fan in libbensgefoel dat men faaks it bêst omskriuwe kin as langst en stribjen nei in harmonij dy’t oan diskant de dea net te forwêzentlikjen is. Foar ‘t neist hat dat Anne Jousma oanberne west en is sa’n elemint yn aard en oanlis troch de inerlike en uterlike ûntjouwing fan syn libben allinne mar fuortsterke. It begryp, de doem (?), in ienling te wêzen, yn mannich ding sa dúdlik, faaks wol pynlik dúdlik óars as oaren, sil dêr sines noch ta bydroegen hawwe. Anne Jousma syn poëzy draacht de spoaren fan syn oanhâldende wrakseling om klearrichheid te krijen oangeande (d)it libbensriedling'.

Yn 1940 ferskynde syn earste fersebondel Kimelûd, der soene noch sân folgje. De lêste, syn Samle fersen, ferskynde nei syn ferstjerren yn 1981. Jousma wurdt sjoen as de dichter mei in teosofyske libbenshâlding, as sadanich yn de Fryske literatuer fan syn tiid in ienling. Dat kin mei de reden west hawwe dat syn gedichten net altyd like goed begrepen, en derút fuortkommend, wurdearre waarden. Ek yn syn opfetting oer erotyk liet Jousma sjen in eigensinnich tinker te wêzen. Ofsjoen fan de publikaasje fan syn jongesboek, Hans en syn maten (1929), debutearre Jousma as romanskriuwer op lettere leeftyd, hy sette him ta it skriuwen fan romans neidat er ôfskied naam hie fan it ûnderwiis. Syn earste roman, mei de titel Faes efter glês, ferskynde yn 1968 by de KFFB. Dêrnei soene by deselde útjouwer noch trije ferskine: Dûmny’s twilling (1974), Wibe professor (1975) en De pleats oan de feart (1981). Yn 1980 kaam syn autobiografyske roman Dêr’t de woartels lizze, út. Tuskentroch wie der ek noch in Hollânsktalige roman fan him útkaam mei de titel Toetanchamon, in roman oer in Egyptyske farao. Syn ynteresse yn en kennis fan easterske religy en fan it âlde Egypte koe er yn dy roman kwyt.

Anne Jousma wie op in breed mêd aktyf as skriuwer: foar syn skoalle hat er in grut tal, Hollânsktalige, toanielstikken en revu’s skreaun. Sels spile er ek faak toaniel mei syn learlingen. Fierders skreau er stikken oer it Frysk en de Fryske beweging, lykas Redbad : Histoaryske forbylding yn tsien tafrielen (1941), skreaun foar it Ljouwerter Toaniel. Mei koarte ferhalen hat er fjouwer kear in Rely Jorritsma-priis wûn en like faak hat er dy priis foar in fers takend krige.

Wurk

Poëzy
1940: Kimelûd
1963: It twadde lân. In samling fersen
1965: Tweede stem. Een bundel gedichten (Hollânsktalich, yn eigen behear útjûn)
1969: Redbad. Fersen
1971: Nijtsjerkster lûden
1974: De profeet. Gedichten (Hollânsktalich)
1976: Libbensgong
1976: Kleiliet om Auk. In requem
1980: Forballe/Verbannen. Fersen/gedichten. (Yn eigen behear, net útjûn)

Proaza
1968: Faes efter glês
1974: Dûmnys twilling
1975: Wibe professor
1980: Dêr’t de woartels lizze. Autobiografy
1981: De pleats oan ‘e feart

Prizen
1955: Rely Jorritsma-priis (fers: Trije roundielen)
1956: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De mantel fan de profeet)
1956: Rely Jorritsma-priis (fers: It sil allegearre wol gewoan wêze)
1958: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Goadejefte)
1961: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Reis nei Switserlân)
1961: Rely Jorritsma-priis (fers: Redbads dea)
1964: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: In snein)
1965: Rely Jorritsma-priis (fers: Sawn kwatrinen)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

© Tresoar, 22-05-2019