Berne: 25-11-1912, Aldtsjerk
Ferstoarn: 03-10-1996, It Hearrenfean

Libben en wurk

Johannes Doedes de Jong is berne yn Aldtsjerk en hat dêr ek in grut part fan syn libben wenne. Letter ferfarde er nei It Hearrenfean. Berne in tal jierren nei de earste wrâldkriich en opgroeid yn de krisisjierren, moast er al jong sels yn syn libbensûnderhâld foarsjen.

Lês mear...

Berne: 15-12-1975, penjum

Martsje de Jong makke ferskate oersettingen fan (berne)boeken nei it Frysk. Ek skriuwt se ferhalen, gedichten, teksten en reportaazjes foar ferskate media. Dêrneist is se ferhaleferteller (foar jong en âld), lid fan Dichterskollektyf Rixt en fertelt se op skoallen oer har wurk. Mei Hilda Talsma organisearre se Boeksimmerboek en Boekwinterboek, jûnen mei koarte ferhalen. Se is ek bestjoerslid fan de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).

 
Lês mear...

Berne: 02-06-1898, Dokkum
Ferstoarn: 21-03-1973, Assen

Libben en wurk

Petrus Jans de Jong waard yn 1898 berne yn Dokkum as soan fan in slachter. Nei de mulo gyng er nei de doe krekt oprjochte kristlike kweekskoalle yn syn wenplak. Net omdat er sa graach it ûnderwiis yn woe, mar omdat der doe oars yn Dokkum gjin mooglikheden wiene om fierder te learen. Efterôf hat er nea spyt hân fan syn kar fan destiids. Syn doel wie eins om wat fan de wrâld te sjen en om as ûnderwizer nei Ynje te gean. Hy waard lykwols twa kear ôfkeurd.

Lês mear...