Berne: 12-02-1935, Ljouwert
STOARN: 31-08-2018, BURGUM

Libben en wurk

Steven Hotse Pieter de Jong waard berne te Ljouwert op 12 febrewaris 1935 en is op 31 augustus 2018 ferstoarn. Nei syn ûnderwizersoplieding oan de kristlike kweekskoalle Mariënburg yn Ljouwert stie er in jiermannich yn Surhuzum oan skoalle. Yn 1964 sette De Jong yn Grins útein mei de m.û.-stúdzje Nederlânsk. Dêrnei wie oant syn pinsjoen as learaar Nederlânsk ferbûn oan de kristlike skoallemienskip it Lienward kolleezje yn Ljouwert. 

Lês mear...

Berne: 22-04-1921, Skoatter Uterdiken
Ferstoarn: 21-03-1996, It Hearrenfean

Libben en wurk

Kees (Cees) Jongsma waard berne te Skoatter Uterdiken, in oantal pleatsen op in stripe lân tusken de Tsjonger en de Ychtendyk. Fan 1952 ôf buorke er op de Koaipleats ûnder Bantegea. Sûnt 1958 wie er lid fan de PvdA-fraksje yn de ried fan Lemsterlân, dêr’t er yn de jierren tachtich fan de 20e iuw ek wethâlder wie.

Lês mear...

Berne: 11-02-1905, Jellum
Ferstoarn: 01-10-1952, Nijmegen

Komôf en famylje

Aurelius Hotze Theodorus Jorritsma waard op 11 febrewaris 1905 as earste bern berne út it houlik fan Hotze Theodorus Aurelius' Jorritsma (Nijlân, 1869 - Nijmegen, 1942) en Emilie Catharina Rappard (Tiel, 1882 - Nijmegen, 1934). Doe't Hotze Jorritsma op 15 augustus 1903 yn Weidum troude, libben syn beide âlden al net mear. Fan har moat er in grut fermogen urven hawwe.

Lês mear...