Berne: 15-10-1962, Grins

Libben en wurk

Alpita (Aaltje Pietertje) de Jong waard yn 1962 berne yn Grins. Har âldere broers en suster wiene yn Ljouwert berne en thús waard Frysk praten. Doe’t se seis wie ferfarde de húshâlding nei Voorschoten by Den Haach. Nei har stúdzje Nederlânske Taal- en Letterkunde en Algemiene Literatuerwittenskip yn Leien folge se in oanfoljend programma Italjaanske Taal- en Letterkunde. Sûnt 1998 publisearret se oer Fryske literatuer.

Lês mear...

Berne: 02-08-1946, Tsjerkwert

Libben en wurk

Anny de Jong waard yn 1946 berne yn Tsjerkwert. Se learde oan de kristlike kweekskoalle te Snits ta ûnderwizeres. Neidat se slagge wie, wurke se fiif jier as ûnderwizeres yn Gaasterlân. Dêrnei krige se in beneaming oan de kristlike basisskoalle yn Bûtenpost, dy skoalle is se dêrnei trou bleaun. Se wennet mei har hûn en in tal siameeske katten yn Kollum.

Lês mear...

Berne: 12-07-1918, Wânswert
Ferstoarn:10-04-2001, Snits

Libben en wurk

Eelke Simens de Jong waard berne as âldste yn in boerehúshâlding fan Simen Eelkes de Jong en Grytsje Jinses Talsma te Wânswert. Om’t er as beuker syn hân ferbrânde, koe er neffens eigen sizzen syn heit net mear opfolgje as boer. Nei syn oplieding ta ûnderwizer krige er in beneaming yn syn berteplak. Hy troude mei Trijntje Sterk en krige acht bern. Nei in jier yn Wolvegea ferhuze er yn 1947 nei Boalsert, dêr’t er redakteur fan it Bolswards Nieuwsblad waard.

Lês mear...

Berne: Oranjewâld, 22-02-1969

Libben en wurk

Mei it takennen yn 2012 fan de twajierlikse literêre Rink van der Veldepriis foar syn twadde boek It dak fan dewrâld, hat Ferdinand de Jong de erkenning krigen dat er in betûft skriuwer foar in breed Frysk publyk is. De skriuwer is boeresoan en waard grut yn Oranjewâld. Hy folge de Legere en Middelbere Lânbouskoalle. Nei syn oplieding wurke er earst in skoft as produksjemeiwurker by it suvelfabryk yn Wolvegea en letter by Koudijs yn de produksje fan feefoer. Doe't er dêr syn nocht fan hie, sette er útein as zzp-er. De Jong docht no as selsstannich behearder it ûnderhâld fan sawol de grêven as de begroeiïng fan ferskate begraafplakken yn Fryslân. Njonken syn eigen webloch Stikelstekker skriuwt er û.o. alle wiken in column foar Omrop Fryslân. Dêrneist hat er it inisjatyf nommen om de Sutelaksje yn fernijde foarm nij libben yn te blazen. Ek yn de sportwrâld (fuotbal en iishockey) is er in bekende ferskining.

Lês mear...