Berne: 11-10-1955, Burdaard

Libben en wurk

Elske Kampen waard grut yn Burgum yn in frysksinnige húshâlding. Har heit Herre Kampen wie sjoernalist, fakbûnsman en in skoft wethâlder foar de PvdA yn Tytsjerksteradiel; mem Dukke van der Meer joech op lettere leeftyd lêzingen oer Nynke van Hichtum. Elske Kampen folge de Pedagogyske Akademy yn Drachten en dêrnei de learareoplieding tekenjen, net om les te jaan mar om mei tekenjen en skilderjen oan de slach te gean.

Lês mear...

Berne: 02-05-1948,Snits.                                                                                                                                                                                                                                     FERSTOARN: 17-02-2019

 

Libben en wurk

Jelle Kaspersma is berne te Snits, in grut part fan syn jeugd hat er trochbrocht yn Starum. Op ’e Snitser kweekskoalle hat Kaspersma de ûnderwizersoplieding folge. Dêrnei hat er as basisskoallelearaar wurk fûn bûten Fryslân, fan 1973 ôf stiet er yn Genemuiden oan skoalle.

Lês mear...