Berne: 25-11-1876, Twizel
Ferstoarn: 05-12-1938, Ljouwert

Libben en wurk

Simke Kloosterman is op 25 novimber 1876 yn Twizel berne. Hja wie it iennige bern fan de Fryske dichter Jan Ritskes Kloosterman.

Har heit hie in buorkerij, mar fielde dêr neat foar en liet it al gau oan in oar oer. Foar in famke yn dy tiid krige Simke Kloosterman in goede oplieding. Hja waard earst nei de Hofskoalle yn Ljouwert stjoerd en krige letter fuortset ûnderwiis oan in partikuliere skoalle yn Grins. Har oplieding waard ôfrûne op in kostskoalle yn Wijk bij Duurstede. Hoewol't Simke Kloosterman net troud west hat, hat hja nea in baan hân. Troch it jild fan har âlden hat hja by steat west en lis har alhiel ta op it skriuwerskip.

Hja debutearre yn it Nederlânsk yn it blêd De Hollandsche Lelie, mar skreau, neidat der yn 1898 wurk fan har opnommen wie yn Sljucht en Rjucht , fierder allinne noch mar yn it Frysk.

Har earste publikaasje yn boekfoarm wie Ruth : i n hânfol ieren , in bondel mei proaza en poëzy dy't yn 1910 útkaam. In tal jierren letter soe dat wurk foar de Jongfryske dichter Douwe Kalma de oanlieding wurde om kontakt op te nimmen mei de skriuwster. Hja rekken offisjeel ferloofd, mar dy bân waard al rillegau wer ferbrutsen. De freonskip mei Kalma bleau lykwols har libben lang bestean en oan har wurk is te fernimmen, dat hy wol ynfloed op har hân hat.

Yn 1932 liet hja in kar út har lyryske fersewurk ferskine ûnder de titel De wylde fûgel . De bondel lit sjen, dat Simke Kloosterman oansluting fûn hat by de yndividualistyske dichtkeunst fan de Jongfriezen. Hja waard priizge om har moed, omdat hja as frou utering joech oan har gefoelens. Nei Titia Brongersma yn de 17e ieu en Kynke Lenige yn de 18e dy't beide mar in bytsje Frysk wurk skreaun hawwe, wie Simke Kloosterman de earste Fryske dichteresse fan formaat. Mar hja wie net de iennige: har justjes jongere tiidgenoate Rixt utere har doe yn de Fryske tydskriften ek al op in persoanlike, iepenhertige wize.

Yn 1952 ferskynde in útwreide edysje fan De wylde fûgel dêr't ek epyske (ferheljende) fersen yn opnommen binne. It is spitich, dat de dichteresse nettsjinsteande har sa priizge moed dochs it alderneiste foar harsels hâlde wollen hat en fan har lêste siikbêd ôf opdracht jûn hat in pakje (yn har eagen) al te persoanlike fersen te ferbrânen.

Har betsjutting as proazaskriuwster is nammers dochs it grutst. Simke Kloosterman wie de earste dy't in folsleine roman yn it Frysk skreaun hat. Yn De Hoara's fan Hastings út 1921 hat hja in neoromantyske fisy jûn op in stik sosjale en famyljeskiednis út de omkriten fan har berteplak. Har twadde grutte boek, It jubeljier , is in histoaryske roman dy't yn de Frânske tiid spilet. De skriuwster is wat iensidich yn har foarkar foar de Oranjepartij en dramatysk is de roman net sa sterk, mar hja kin sa moai fertelle en sa moai in sfear oproppe, dat it boek him dochs tige lêze lit.

Oan proaza skreau Simke Kloosterman noch twa bondels mei novellen en ien mei keunstmearkes. In tige apart boek foar in literêre auteur is har itensiedersboek De Fryske Petiele. Om har kennen te learen is it nuttich de brieven dy't hja mei Douwe Kalma wiksele hat te lêzen. Dy binne yn boekfoarm útjûn troch dr. Dina Simonides.

Simke Kloosterman hat har neilittenskip ûnderbrocht yn in lien, dat har namme draacht. Ut de fûnsen dêr't it bestjoer fan it Simke Kloostermanlien oer te kedizen hat, wurdt ienris yn 'e trije jier in bedrach beskikber steld foar de `Simke Kloosterman-priis' dy't ornearre is foar berne- en jongereinboeken.

Literatuer
1925: A.N. (Douwe Kalma) yn Sljucht en Rjucht, 3-01-1925, no. 52, s. 653-655 (fraachpetear)
1928: D. Kalma yn De Fryske Skriftekennisse fen 1897-1925, diel I
1938: Simke Kloosterman's lêste gong. Op de njuggende fen wintermoanne 1938 to Twizel. Boekje in memoriam, in hilde oan hjar neitins (gearstald troch freonen)
1940: P.J. Wiersma yn De Schouw, 13-04-1940,  'Een Friesche Simke Kloosterman, (1875-1938)'
1940: Dr. D. Kalma yn It Beaken, jiergong II, 1940, s. 99-104, 'Oer Simke Kloosterman’s literêre neilittenskip'
1956: J.H.B. yn It Heitelân, novimber 1956, 34e jiergong nû. 9, s. 180-183, 'Simke Kloosterman. De skriuwster út 'e Wâlden'
1956: Y. Poortinga yn De Tsjerne, 1956, s. 338-343, 'Alderserf by Simke Kloosterman'
1960: Dina Simonides yn Fryske stúdzje oanbean oan Prof. Dr. J.H. Brouwer op syn sechstichste jierdei. 'Simke Kloosterman's famkesjierren (1876-1893)'
1960: M.A. Boonstra yn Fryske stúdzjes oanbean oan Prof. Dr. J.H. Brouwer op syn sechstichste jierdei, s. 219-225, 'Trijeris it Kollumer oproer , E. Halbertsma, S. Kloosterman, F. Haverschmidt'
1963: Dr. Dina Simonides yn De fleanende Krie, sept. 1963, 'Eat oer it libben en wurk fan Simke Kloosterman'
1963: Betinkingswurd fan A.D. Wumkes, útsprutsen op 25 novimber 1963 to Bûtenpost
1963: Durk van der Ploeg yn De Stim fan Fryslân, 22-11-1963, 'Bitinking fiifentwintichste stjerjier fan skriuwster Simke Kloosterman'
1977: Lyts Frisia , 1977 nr. 1-2. Wurden by de Simke Kloosterman Bitinking to Twizel op 26 nov. 1976 sprutsen fan Ds. A.D. Wumkes, Prof. Dr. W.J. Buma en Dr. Dina Simonides
1970:  Dr. D. Simonides, Tekst en útliz
1983: Wieke de Haan, skripsje oer De Fryske Petiele
1991: Jan Dotinga, Fan wurden oermânsk: in gedichtesyklus nei oanlieding fan poëzy en proaza fan Simke Kloosterman
1992: Ph.H. Breuker, Oer de skriuwster, boek en útjeften yn De Hoara's fan Hastings, 1992, Fryske Klassiken: nr.1
1994: Ph.H. Breuker, Oer de skriuwster, boek en útjeften yn It Jubeljier, 1994, Fryske Klassiken: nr.10

Wurk

Proaza
1921: De Hoara's fen Hastings (2de pr. 1940; 3de pr. 1943; 4de pr. 1950; 5de pr. 1963; 6epr. 1978; 7epr. yn 1992)
1927: It Jubeljier:  1793-1813 (2de pr. 1948; 1978 werprintinge fan de 2de pr.; 3de pr. 1994)
1933: Hengist en Horsa (419 nei Chr.) Proaza, novelle, beärbeide nei de âlde saga fan Hengist en Horsa. (2e pr. 1976)
1936: Ut de gielgoerde (novellen)
1944: Ut de gielgoerde (oarde diel) (novellen en oar proaza)
1963: Ut de gielgoerde (Karlêzing út Gielgoerde 1936 I en 1944 II)

Poëzy
1910: Ruth: In hân fol ieren (bondel mei santjin fersen en fiif ferhalen)
1932: De wylde fûgel: fersen (2de pr.1952 De wylde fûgel - it samle fersewurk fan Simke Kloosterman, gearst. D. Kalma en A.D. Wumkes)
1941: Lisck fen Eijsinga: ballade (besoarge troch Ds. A.D. Wumkes)
1982: Myn lân: kar út de fersen fan Simke Kloosterman (besoarge troch ds A.D. Wumkes)

Ferskaat
1928:Twiljochtteltsjes: mearkes  (2de pr. 1928; 3de pr. 1981)
1932-1933:  Lyts Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart) 3 dielen 
1932: Great Teltsjeboek for Fryske bern (mei T. Hellinga-Zwart)
1936: Beppe yn ’e fleur (De Fryske Rige VII)
1938: De Fryske Petiele en hwet der op en yn leit (2de bew. pr. 1986, bewurke troch Wieke de Haan)
1962: Simke Kloosterman Spreuken (Mei in artikel fan A.I. Brouwer-Prakke) 
1976: De briefwiksel tusken Simke Kloosterman en Douwe Kalma (besoarge fan Dr. Dina Simonides )

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Webside Simke Kloosterman Stifting
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 19-08-1988

©Tresoar, 12-06-2019