Berne: 30-03-1936, Dokkum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
Biografy NL
Libben en wurk
Skriuwer, oersetter en literêr stimulator Jacobus Knol is berne en opgroeid yn Dokkum. Oan de kristlike kweekskoalle dêr hat er de oplieding ta ûnderwizer folge.
Hy wurke fan 1958 oant 1962 op Nieuw-Guinea yn it sindings-ûnderwiis. Werom yn Nederlân stie er twa jier oan in skoalle yn Beverwijk. Letter krige er in beneaming ta learaar Nederlânsk en skiednis oan de mulo te Snits. Doe't de mulo fusearre en de skoalle folle grutter waard wie neffens Knol de tiid oanbrutsen om earne oars om wurk te sjen. Hy hat doe noch in lyts tweintich jier as learaar Nederlânsk en Frysk ferbûn west oan de kristlike pabû's yn Dokkum en Ljouwert.
It earste wurk fan Jacobus Knol dat yn boekfoarm ferskynde wie de skripsje dy't er skreau foar syn stúdzje foar de akte mû B Frysk yn 1977; in wurkstik oer de dichter J.C.P. Salverda (1783-1836). It ferskynde as nûmer 6 fan de 'Iduna-rige' mei de titel It samle wurk fan J.C.P. Salverda.
Skriuwer
Yn 1995 kaam syn earste roman In libben as Styntsje by de KFFB út ûnder de skûlnamme Styntsje Piters. In jier letter publisearre er dêr syn twadde roman In earsten dragonder ûnder syn eigen namme, folge troch In opwinend fraachteken (1997) en Tusken Boedapest en Burgerheide (1998). De romans In earsten dragonder en Tusken Boedapest en Burgerheide binne respektivelik yn 1995 en 1997 bekroand yn de romanpriisfragen fan de KFFB.
Oare literêre aktiviteiten
Jacobus Knol hie geregeld kontakt mei skriuwster Ypk fan der Fear (Lipkje Post-Beuckens) Hy hat postúm de útjefte besoarge fan har roman oer Salverda In earme swalker yn 'e wrâld (1988). Fierders hied er in oandiel yn de publikaasje fan har dichtbondel Fernijd fiergesicht (1981), útjûn ûnder de skûlnamme Ella Wassenaer.
Troch syn literêr wurk krige Knol in soad kontakten yn de Frysk literêre wrâld. Hy hie in oandiel yn in grut tal útjeften lykas: de blomlêzingen út de Fryske literatuer Frysk út fiif ieuwen (1976) en Kar út fjouwer ieuwen Fryske poëzij (1977); de útjefte fan de bondel Ljochte nachten (1981) fan de dichter Gerben Brouwer; in Fryske oersetting fan Piet Paaltjens Snikken en grimlachjes ûnder de titel Pier Pealtsje Snokkerjende Grymgnyskes (1994); de werútjefte fan trije dielen fan de Hillige Histoarje (1982) fan Ulbe van Houten (Nije Testamint).
Fierders publisearre er yn De Stim fan Fryslân en hat er ferskeidene jierren in sit hân yn de redaksjes fan de Iduna- en Holderrige en fan de rige Minsken en Boeken fan de Fryske Akademy.
Yn 1979 siet Jacobus Knol yn de sjuery foar de Gysbert Japickx-priis, dy't dat jier advisearre om de priis ta te kennen oan Ypk fan der Fear foar har histoaryske romans. Foar de KFFB makket er fan 1998 ôf diel út fan de sjuery foar har romanpriisfraach; bekroande auteurs wiene ûnder oaren Willem Tjerkstra foar de roman Ridder fan Snits en Piter Terpstra foar syn roman In flechteling.
Oersetter
Yn it begjin fan de jierren tachtich fan de tweintichste ieu kaam Jacobus Knol yn 'e kunde mei it wurk fan de joadske skriuwer en publisist Elie Wiesel, waans wurk him yn 'e besnijing krige. Nobelpriiswinner (1986) Elie Wiesel, dy't Auschwitz oerlibbe en as jonge fan sechtjin befrijd waard út Buchenwald, hat mear as fjirtich publikaasjes op syn namme stean.
Knol hat it op him naam om in grut tal tal boeken fan Wiesel yn it Frysk oer te setten; De Nacht (1956) wie de earste publikaasje út in lange rige dy't er oersette, yn 1995 útbrocht troch de KFFB. De mânske autobiografy Tous les fleuves vont à la mer fan Wiesel hat Knol ek oerset. By de KFFB binne se yn twa dielen útkaam ûnder de titel Alle rivieren rinne nei see (1999-2000). It ferfolch …et la mer n'est pas remplie (1996) ferskynde yn Fryske oersetting fan Knol yn 2001-2002 ûnder de titel …mar de see rekket nea net fol (twa dielen).
Jacobus Knol hat mear boeken fan Wiesel oerset, mar net alle útjeften binne publisearre.
Wurk
Romans
1995: In libben as Styntsje (ûnder skûlnamme Styntsje Piters)
1996: In earsten dragonder
1997: In opwinend fraachteken
1998: Tusken Boedapest en Burgerheide
Oersettingen
1980: Jezus komt yn 'e wrâld - Lukas 1 : 1-2 : 40
1982: De Hillige Histoarje (Ulbe van Houten)
1984: Sa gong it mei Friedrich (Hans Peter Richter)
1988: Snokkerjende grymgryskes – Pier Pealtsje (Piet Paaltjens)
1995: De nacht (Elie Wiesel)
1996: Fiif kear Markus - it Evangeelje neffens Markus yn it Frysk
1997: De bearejacht (Theun de Vries)
1998: Untfermje Jo… - gebeden (C. de Boer-Bergsma)
1999: Alle rivieren rinne nei see (2 dielen) (Elie Wiesel)
2002: … mar de see rekket nea net fol (2 dielen) (Elie Wiesel)
2002: De nacht; De dage; De dei (Elie Wiesel)
2006: De stêd fan it lok (Elie wiesel)
2009: Twiljocht (Elie Wiesel)
2017: De skilderesse fan de fjoerstoarm (Alexandra Guggenheim)
2020: Nina (Frédéric Lenoir en Simonetta Greggio)
Ferskaat
1976: Frysk út fiif ieuwen: blomlêzing út de Fryske literatuer
1997: It samle dichtwurk fan J.C.P. Salverda
1978: Wiersizzerij fan âlde Foekje fan Heech : spjeldeboekje oan de Fryske fammen oanbean (Piter Jelles Troelstra)
1979: De wylde boerinne en oar wurk (T.E. Holtrop)
1981: It ferhaal fan God mei de minsken (ferskynd by: Kristlik Frysk Selskip)
1995: Wat wie 't wat (Paulus Akkerman)
2004: Teatske Alzum har wrâld, mei in karlêzing út har ferhalen (Kate Ashton)
Prizen
1995: Bekroaning yn romanpriisfraach KFFB foar In earsten dragonder
1997: Bekroaning yn romanpriisfraach KFFB foar Tusken Boedapest en Burgerheide
Mear ynformaasje
Wikipedia
©Tresoar, 19-06-2019