Berne: 17-12-1946, Aldebiltsyl
Ferstoarn: 25-02-1990, Ljouwert

Libben en wurk

Sybe Krol is berne en opgroeid te Aldebildtsyl. Syn heit wie boer. Neidat er oan in kweekskoalle te Ljouwert slagge wie foar ûnderwizer wurke er in tiidlang yn it biblioteekwêzen.

Dernei stie er in tal jierren foar de klas yn it leger ûnderwiis. Yn 1976 kaam er yn tsjinst by de Fryske Akademy as leksikograaf by it Wurdboek fan de Fryske taal. Fanôf twadde helte jierren tachtich joech er dêr by les oan studinten fan de oplieding Frysk oan de Noordelijke Hogeschool Noord Nederland (NHL). As literator is Krol bekend as dichter, mar dêrnêst ek as skriuwer fan sjongteksten, oersetter en besprekker fan literatuer.
Sybe Krol ferstoar op 2 febrewaris 1990.

Hy debutearre as dichter yn Hjir (nr. 2, 1972) mei inkelde fersen en it liet ‘Ik kom werom’. Fan 1974 oant 1981 wie Krol redakteur fan Hjir, dat yn ’e rin fan de jierren tsientallen fersen en inkelde ferhalen fan syn hân opnimme soe. Syn earste fersebondel, Fossyl fan fjûr, ferskynde yn 1978 (werprintinge 1982). Dêrnei folgen Korrektyf (1983) en Rymtwang (1984). Yn syn wurk beskriuwt Krol it isolemint dêr’t de dichter yn ferkeart omdat it ynstrumint dat er ta syn foldwaan hat, de taal, net oer de wurden beskikt om de oare te berikken. De tema’s taal en poëzy spylje in wichtige rol yn de beide earste bondels, yn de lêste bondel Rymtwang ferwurdet er net allinnich syn eigen sitewaasje, mar ek dy fan oaren. Ferwizings nei syn homoseksualiteit binne ûnder oaren te finen yn guon fersen yn syn lêste bondel Rymtwang; bygelyks yn de earste rigels fan it lêste gedicht dy’t referearje oan in bekend fers fan de, ek homoseksuele, dichter Obe Postma: ‘Ik bin mar in smel en behindich persoan / mar dochs haw ik myn freonen wol (...)’.

Lietteksten makke Krol benammen foar sjonger Roel Slofstra, mar ek de Frysktalige folkgroep Irolt fan Nanne Kalma makke geregeld gebrûk fan teksten dy’t Sybe Krol foar har skreau. Op de elpee ‘O Fryslân fol fan swidens’ (1971) song Slofstra foar it earst lieten en balladen op teksten fan Krol, op de folgjende ‘Hjoed in jier’ binne de measte teksten fan syn hân. Yn 1994 presintearre Roel Slofstra de cd ‘Moai yn septimber’ dy’t allinnich lieten befettet op teksten (en oersettings) fan Sybe Krol. De cd is in hommaazje oan syn jong ferstoarne freon.

Krol hat njonken eigen wurk as dichter en skriuwer fan lietteksten in hiel soad oersettings yn it ljocht jûn. Hy wurke as oersetter benammen yn opdracht, foar de Afûk sette er berneboeken oer en foar Tryater toanielstikken. Foaral syn oersettings fan twa stikken fan Shakespeare, ’Richard III’ (1988) en ‘Romeo en Julietta’ (1986) wiene hichtepunten yn it repertoire fan Tryater. Ut it Frâns wei fertaalde er ‘Les Bonnes’ (De fammen) fan Jean Genet, ek spile troch Tryater.

Fan de Deenske skriuwer Hanne Børner sette er, ûnder oaren, it berneboek De reis fan Kristoffel oer, útjûn troch de Afûk. Guon oersettings dy’t er útjoech wiene eigen kar; de Deenske novellen Denudaasje (1982), de blomlêzing mei ferhalen fan de Noarske skriuwer Knut Hamson Tramkondukteur yn Chicago en oare ferhalen (1983) en fan Oscar Wilde De tawijde freon (1994), binne op eigen inisjatyf troch him útjûn. By de troch himsels keazen titels liket ek homoseksualiteit in kritearium te wêzen.

Yn 1987 wurdt de Obe Postma-priis, de provinsjale oersetpriis, takend oan Sybe Krol en seis oaren dy’t oersettingen foar Tryater makke hiene. Tegearre mei ien fan har, Piter Boersma, wegeret Krol de priis. Neffens har wie de priis in wurdearring foar it repertoire fan Tryater en hie de sjuery gjin kar makke foar in oersetter.

Wurk

Poëzy
1978: Fossyl fan fjûr (2e printinge 1982)
1983: Korrektyf
1984: Rymtwang

Oersettings proaza (in seleksje)
1982: De reis fan Kristoffel (út it Deensk, jeugdroman, auteur, Hanne Bøner)
1982: Denudaasje, in rige Deenske novellen (ferskillende auteurs)
1983: Tramkondukteur yn Chicago en oare ferhalen (út it Noarsk, auteur, Knut Hamson)
1983: Fan in skipke en syn kammeraten (út it Hollânsk, auteur Sjouke Visser)
1984: Mem en heit sille byinoar wei (út it Deensk, auteur Birgit Erup)
1994: De tawijde freon, mearkes (auteur, Oscar Wilde)

Oersettings toaniel (in seleksje)
1984: Út (oersetting Broken up, Nick Hall)
1985: De fammen (oersetting Les bonnes, Jean Genet)
1986: Romeo en Julietta : trageedzje (William Shakespeare)
1988: Richard III (William Shakespeare)

Prizen
1987: Obe Postma-priis, tagelyk mei 6 oare oersetters (priis wegere)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite

Picture poem: 'Hjir leit de see'. Produksje: Metafoor Media, yn opdracht fan Tresoar

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

©Tresoar, 02-04-2021