Berne: 15-10-1949, AMERSFOORT
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Nanne Kalma is multy-ynstrumintalist en komponist. Hy siet yn ferskate bands lykas Pugh’s Place, Farmers Union, Irolt, De Peerelaar, Kajto, Kat yn ’t Seil, Liereliet en foarmet mei Ankie van der Meer it duo Nanne & Ankie.
Libben en wurk
Nanne Kalma is berne yn 1949 yn Amersfoort, mar groeide op yn Ljouwert. Yn 1964 kaam hy foar it earst yn de kunde mei The Beatles dy't in soad yndruk op him makken. Hy rjochte syn earste band The Example op (mei Jan van der Heide, Hans Kerkhoven, Jan Ottevanger en George Snijder). Letter waard de namme feroare yn Pugh's Place. Se spilen net inkeld yn Fryslân, mar yn it hiele lân. De groep waard opmurken by de lanlike omroppen en mei Boudewijn de Groot as producer waarden in single en in lp opnommen. Yn 1970 hâlde de band op, der moast in kar makke wurde tusken stúdzje en fierder gean as beropsband.
Nanne Kalma kaam yn de kunde mei folkmuzyk. Mei Piet Kok en Sido Martens en Liedwien Schaper begûn er yn 1972 de folkgroep Farmers Union. De band bestie in jier. Kalma begûn te ûndersykjen oft er yn it Frysk of Nederlânsk wurkje koe en begûn sels ferskes te meitsjen. Hy frege in tal befreone dichters om teksten foar him te skriuwen. Mei Inez Timmer makke er in plan foar in studioprojekt, dat yn 1975 late ta in folkrock-lp yn it Frysk. De studiogroep neamden se Irolt en de plaat wie 'De Gudrun Sêge'. Dy waard goed ûntfongen en it stimulearre oaren om ek yn it Frysk te sjongen. Mei elkoar waarden sân lp's opnommen (yn wikseljende formaasjes, mar wol mei Nanne Kalma en Inez Timmer as fêste leden). Yn 1987 wie op it folkfestival Tsjoch 10 it ôfskiedskonsert fan Irolt. Yn 2015 waarden in tal reünykonserten holden.
Hy learde Ankie van der Meer kennen dy't him frege om muzyk yn it Esperanto te meitsjen. Under de namme Kajto presintearren se yn 1989 har earste Esperanto cd, dy't ek de earste cd oait yn dy taal bliek te wêzen. Mei de groepen Kajto (Esperanto) en Kat yn 't Seil (Frysk en Nederlânsk) spile er yn binnen- en bûtenlân. Fan beide bands kamen tal fan cd's út. Mei Ankie van der Meer wie er ek fêst lid fan a-capellagroep Liereliet. Yn 2002 hâlde dy groep op.
Sûnt ein jierren 90 woenen Nanne Kalma en Ankie van der Meer wer mear mei Fryske teksten dwaan. Sûnt dy tiid meitsje se muzyk as it duo Nanne & Ankie, wylst se ek de namme Kajto noch hieltyd brûke. Sjongend yn ferskate talen, trede se yn binnen- en bûtenlân op, net allinnich yn Europa mar ek yn Amearika, Australië en Azië.
Kalma hat neist muzyk meitsjen ek in soad organisearre. Hy stie oan de basis fan it jierlikse Tsjoch-festival, oant en mei Tsjoch 25 hat hy yn de festival-kommisje sitten. Ek stie er oan de basis fan de Feriening fan Fryske Folkmuzikanten. In soad fan syn ideeën sitte ek yn Liereliet, it jierlikse Festival fan Maritime Muzyk yn Warkum dêr't er tal fan muzykteäterproduksjes foar makke. En hy siet yn it bestjoer fan it Frysk Festival, dat de edysjes fan 1980 en 1985 organisearre. Jierren oanien siet er ek yn de Musikologyske Wurkgroep fan de Fryske Akademy. Foar ferskate iepenloftspullen hat er de muzyk skreaun en ek útfierd, faak mei Ankie mar ek wol mei oare muzikanten.
Oant it jier 2020 ta hat er mear as 600 lieten skreaun yn it Frysk, Nederlânsk, Esperanto, Ingelsk en ‘Leewaddes'. Yn it begjin faak allinnich de tekst, dêrnei faak allinnich de muzyk en wer letter sawol tekst as muzyk. De measte fan syn lieten binne opnaam en op mear as 50 albums op lp en/of cd útbrocht.
Hy is ûnderskieden mei de Fryske Anjer (yn 2000) en beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau (yn 2003).
WURK
Publikaasjes (seleksje)
Irolt:
1975: De Gudrun Sêge
1977: Kattekwea
1979: De Smid fan Earnewâld
1982: Bûtertsjerne
1983: Spylman
1984: Doarmje (mei Brouwer's Akkordeonorkest)
1986: Wêr sille wy ús nei wenjen sette?
2015: Ik wit it noch (maksy-single)
Nanne & Ankie:
2004: Mei de guozzen mei
2007: Spreuklieten
2009: Moai mei dij
2009: Smûzje
Prizen
2000: Fryske Anjer
2003: Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
2004: FAME-Kulturpremio, de wichtichste Esperanto kultuerpriis foar Kajto
Mear ynformaasje
www.nanne-ankie.nl
Jacob Haagsma, LC 30-10-2015
Jacob Haagsma, LC 24-09-2015
Fedde Dijkstra, LC 07-09-2007
Foto: Haye Bijlstra, Tresoar