Berne: 03-04-1896, Boksum
Ferstoarn: 18-10-1953, Ljouwert

Douwe Kalma waard op 3 april 1896 yn Boksum berne en groeide op yn Dearsum. Syn heit en mem kamen beide út in boerelaach. Kalma gyng yn Snits nei it gymnasium, dêr't er yn 'e kunde kaam mei de Hellenistyske kultuer.

Nederlânsk krige er fan Piter Sipma, dy't doe al tige warber wie yn Fryske fermiddens. Yn dy jierren moat Kalma de kar makke ha foar it Frysk.

Hy debutearre yn 1913 yn Sljucht en Rjucht. Yn 1914 sette Kalma út ein mei kritiken yn de Leeuwarder Courant. Hy pleite dêryn foar `persoanlike' keunst en wiisde de folksaardige poëzy radikaal ôf. Ek op it mêd fan de Fryske Beweging woe er fernijing. It `Ald Selskip' wie him te konservatyf en te nuet.

Om stal te jaan oan syn idealen rjochte er op 20 novimber 1915 mei Reinier Regenbogen, Rintsje Sybesma, Bokke Pollema, Meint Bottema, Klaske Sipma en Piter Sipma de Jongfryske Mienskip op. It heechste tal leden, goed 700, berikte de Mienskip yn 1919. Yn syn brosjuere De Jongfryske Biweging (1915) en syn rede Fryslân en de wrâld (1916) joech Kalma oan, dat Fryslân it provinsjalisme ôflizze moast en in brêgefunksje hawwe koe tusken de Angelsaksyske en de Skandinavyske kultuer. Yn Frisia, it tydskrift fan de Mienskip, naam Kalma oersettingen op en bespriek er boeken út it bûtenlân. Foar it Jongfrysk Toaniel, dat sjen litte moast dat der yn Fryslân mear mooglik wie as allinne ferdivedaasjetoaniel, skreau Kalma û.o. Kening Aldgillis (1920) en foar it Jongfrysk Sjongkoar levere er lietteksten. Yn de op de eilannen hâlden kampen fan de Mienskip joech er geregeldwei lêzingen.

Yn 1918 wie Kalma in skoft ferloofd mei de tweintich jier âldere skriuwster Simke Kloosterman. Dy ferloving skuorde út, mar de freonskip bleau. Tige nei wie Kalma ek befreone mei de yn 1918 oan de Spaanske gryp ferstoarne skriuwer Marten Baersma (pseudonym fan M.H. Bottema). Yn De ljochte kimen (1925) joech er dy syn samle wurk út. Syn eigen wichtichst dichtwurk publisearre er yn trije bondels: Dage (1927), Sangen (1936) en De lytse mienskip (1944).

It wurk foar it Frysk hie Kalma sa bot yn 'e besnijing, dat er him dêr in jiermannich alhiel oan wijde. Yn 1922 joech er mei oaren de stjit ta de oprjochting fan De Fryske Bibleteek. Op ûnderwiiskundich mêd wie er warber as foarsitter en lesjouwer fan de Algemiene Fryske Underrjucht Kommisje. Al ier lei Kalma kontakten mei de Friezen yn Dútslân. As fertsjintwurdiger fan Westerlauwersk Fryslân naam er yn 1930 sit yn de doe oprjochte Fryske Rie.

Mei troch syn oerhearskjend karakter ferlear Kalma as lieder oansjen yn 'e rin fan 'e jierren tweintich. De Mienskip waard troch begjinselferoaringen en persoanlik skeel hieltyd lytser. Yn 1927 socht er oare wegen: hy skreau him yn as studint Ingelsk en stelde him (yn 1929) beskikber foar in sit yn de Twadde Keamer as kandidaat fan de Christelijk-Democratische Unie. Dat polityk aventoer rûn op neat út, mar syn stúdzje gie him goed ôf. Yn 1931 helle er syn doktoraal en yn datselde jier al waard er learaar Ingelsk yn Eindhoven. Yn de jierren tritich skreau er twa mânske stúdzjes: Skiednis fen Fryslân (1935), en syn dissertaasje Gysbert Japiks. In stúdzje yn dichterskip (1938). Kalma wie de earste dy't op in Frysktalich proefskrift promovearre. Syn promotor wie de Grinzer heechlearaar dr. J.M.N. Kapteyn, troch wa't Kalma behelle waard yn it wurk fan Saxo-Frisia. Doe't yn 'e oarloch troch dy stifting in Fryske Ried oprjochte waard, wie Kalma ien fan de leden. Hy wurke mei oan pro-Dútske blêden en akseptearre stipendia fan it Departement van Volksvoorlichting en Kunsten. Doe't de besetter him de Harmen Sytstra-priis takende, naam er dy earst oan, mar letter, doe't dúdlik waard, dat soks him nei de oarloch wolris kwea-ôf nommen wurde kinne soe, stjoerde er de priis werom.

Yn 'e oarloch sei Kalma syn baan yn Eindhoven op en sette er him by Wike Zylstra op 'e Rottefalle nei wenjen. Nei '45 rekke Kalma fanwegen syn hâlding yn 'e oarloch min-ofte-mear yn in isolemint. Dochs liet er nea de moedfearren hingje. Mei in lytse kliber meistanners rjochte er fannijs De Jongfryske Mienskip op en doe't bliken die, dat der op it net neilibjen fan it him opleine publikaasjeferbod gjin sanksjes folgen, joech er syn wurk al wer ridlik gau ûnder eigen namme út. Yn 'e Rottefalster tiid wijde Kalma him oan de oersetting fan it folsleine oeuvre fan Shakespeare. Doe't er op de 18e oktober 1953 ferstoar as gefolch fan in oanriding, hie er dat wurk op in pear siden nei klear. Nei syn dea waard it yn acht mânske dielen publisearre.

Kar út it wurk
1915: De Jongfryske biweging
1916: Fryslân en de wrâld
1918: Ut stiltme en stoarm (sonnetten)
1920: Kening Aldgillis (toaniel)
1921: Noarderljocht (toaniel)
1922: Jongfryske sangen
1927: Dage. Fersen I
1935: Skiednis fen Fryslân (3e pr., 1965)
1936: Sangen. Fersen II
1938: Gysbert Japiks. In stúdzje yn dichterskip, (proefskrift)
1944: De lytse mienskip. Fersen fen oantinken (2e pr., 1954)
1949-1951: Keningen fan Fryslân (toaniel)
1952: Fokke Hoara (toaniel)
1956-1976: Shakespeare's wurk (oersettings) Diel I-VIII
1996: Samle fersen

Mear ynformaasje
KNAW
De Kanon fan de Fryske skiednis
Webside Douwe Kalma-stifting
DBNL
Sietse de Vries, LC 29-06-2018 (fraachpetear mei Jelle Krol oer syn promoasje op û.o. Douwe Kalma)

©Tresoar, 22-05-2019