Berne: 11-10-1955, Burdaard

Libben en wurk

Elske Kampen waard grut yn Burgum yn in frysksinnige húshâlding. Har heit Herre Kampen wie sjoernalist, fakbûnsman en in skoft wethâlder foar de PvdA yn Tytsjerksteradiel; mem Dukke van der Meer joech op lettere leeftyd lêzingen oer Nynke van Hichtum. Elske Kampen folge de Pedagogyske Akademy yn Drachten en dêrnei de learareoplieding tekenjen, net om les te jaan mar om mei tekenjen en skilderjen oan de slach te gean.

Nei jierrenlang by de ûnderwiisbegelieding wurke te hawwen, lei se har nei har fyftichste definityf ta op it dichtsjen. De byldzjende keunst, sa die bliken, wie net de goede rjochting om har artistyk yn te uterjen. Yn in fraachpetear mei De Moanne [1] sei se hjiroer: 'Skilderijen komme te direkt by my binnen. Ik bin al gau fol, as ik in pear wurken sjoen ha. Dan moat ik earst bekomme, oars nim ik de rest net mear op. Taal, dêrfoaroer, komt folle yndirekter binnen.' (fraachpetear mei Marijke de Boer yn De Moanne nr 8. 2008).

Dichter
Elske Kampen folge poëzijkursussen by Jan Kooistra, Tsjêbbe Hettinga en Abe de Vries by Tresoar. Se publisearre op de Skriuwerskalinder, yn Hjir, De Moanne, Ensafh en skreau gedichten foar de foardrachtskriich 'FeRstival' foar it Fuortset Underwiis en wûn literêre prizen. Se makke lietteksten foar û.o. Nanne en Ankie en Frederike Kleefstra. Nederlânsktalich wurk fan har ferskynde yn sammelbondels mei jeugdpoëzij dy't Querido útjoech ûnder redaksje fan Ted fan Lieshout: Wie heeft er hier met verf lopen smijten, Vijf draken verslagen en Er zit een feest in mij.

Dichtsje is foar Kampen in foarm fan oarderje en harmonij skeppe. Har byldzjende oanlis komt werom yn har skriuwen. Ut itselde fraachpetear [1] mei De Moanne: 'Mei harmony skeppe je in byld yn konsintrearre foarm. In bepaalde fersfoarm, lykas it sonnet mei rym- en foarmtwang, twinge jin dêr ek ta. Ik hâld noch altyd fan de sonnetfoarm, mar kies sels foar in oare foarmtwang. As in gedicht fan my út fiif strofen bestiet, dan moatte dy alle fiif deselde foarm ha, wat oantal en lingte fan de sinnen oangiet. De beheining twingt my om ta de essinsje te kommen'.

Har debút, Fan glês it brekken, is in bondel dy't bestiet út fiif skiften. Yn de gedichten stiet de kwetsberens fan minsken sintraal. De ûntfangst fan dizze bondel wie tige posityf. Edwin de Groot stelde [2] yn Ensafh.: 'De poëzy fan Kampen sjongt'. Hy wurdearre de lagen ûnder har syktocht: 'It lêzen is in geniet, mar wat de mearwearde is, is dat de gedichten nei it lêzen net ophâlde'. Cornelis van der Wal [3] wie ek samar út 'e ried: 'Dit debút is folle mear as in ûnthjit, it is daliks al in klassiker'. Dat waard yn 2012 ûnderstreke mei it takennen fan de Fedde Schurerpriis foar it bêste debút, sawol troch it publyk as de sjuery.

Yn 2012 kaam Dit is it gedicht út, in bondel foar de jongerein, al kinne âlderen likegoed wurdearring opbringe foar dit troch de dichter sels yllústrearre wurk. Eppie Dam [4] hjiroer: 'Skilderje mei wurden is wat Kampen kin as gjin oar, en dan docht se it yn dizze bondel boppedat noch letterlik mei ferve'.

Man en mem, har tredde bondel, kaam út yn 2014. Yn de gedichten besiket se, sa't se oanjoech yn in fraachpetear [5] mei Sietse de Vries, mear ôfstân nei har eigen persoan te kreëarjen: 'It leafst soe ik skriuwe sa't Mondriaan skilderet'. Dêrmei doelt se op syn oergong nei abstraksje, sa't Kampen as dichter ek rikt nei in algemienere werklikheid, al bliuwt se sels dochs sintraal stean. Abe de Vries rekkene har yn syn besprek [6] ta de 'grutmasters fan de Fryske poëzy'.

Ynbyld waard publisearre yn 2017. De bondel befettet 23 fersen yn in fjouwertal skiften, ek no wer, lykas yn eardere bondels, beselskippe fan in oantal troch Kampen sels makke kollaazjes. Mei Ynbyld giet de dichter fierder op de wei dy't se al earder ynsloech, dy fan it ôfstân nimmen en it skôgjen fan de realiteit, hoe't sa har dêrta ferhâldt troch mei help fan al har sintugen yn taal fêst te slizzen wat se fielt. Abe de Vries [7] stelde yn syn besprek dat se hjirmei oer alle boegen oertsjûget. Tagelyk stelde er fêst dat Kampen net rjocht takomt oan it beäntwurdzjen fan de fraach nei it wêrom fan har driuwfearren: 'Wêrom't dat sa is, en wêrom't de taal in gedicht meitsje moat, is minder dúdlik'. Hy doelde hjirmei op ûnderlizzende emoasjes as it wanhoopjen, de ekstaze en it missen. Eppie Dam [7] seach yn dizze fjirde bondel in dichter dy't net frijbliuwend de werklikheid om har hinne ûndersykje wol, yn it teare gebiet tusken hier en nekke: 'Dêr toant de dichter in kwetsberens dy't fan ús allegear is'.

Yn 2020 folge Ntrije55, in titel dy't ferwiist nei de N355 by Hurdegaryp. Oer it ôffal dat Elske Kampen dêr oantrof, hat se in tal gedichten skreaun dy't net hingjen bliuwe yn bespegelingen oer de fynst sels, mar trochlutsen wurde nei it persoanlike fan de dichter sels.

Yn 2021 die Kampen mei oan it projekt 'IIsbaan yn 'e maaitiid', in digitale presintaasje fan in tal iisbanen bûten de wintermoannen om. Underdiel hjirfan wie in tal gedichten dat op fideo ferskynde, wêrûnder 'Underwrâld' [8] fan Elske Kampen.

Boarnen foar dit artikel
[1] Marijke de Boer, De Moanne 2008, nr 8, p. 35-36 (fraachpetear)
[2] Edwin de Groot, Ensafh. 01-10-2010
[3] Cornelis van der Wal, FD 29-01-2011
[4] Eppie Dam, LC 06-07-2012
[5] Sietse de Vries, LC 17-10-2014 (fraachpetear)
[6] Abe de Vries, FD 30-12-2014
[7] Eppie Dam, LC 21-04-2017
[8] YouTube, 11-05-2021

List fan belangrykste wurk

Poëzy
2010: Fan glês it brekken
2011: Lytse werklikheid [in bondel mei fersen fan Elske Kampen, Grytsje Schaaf en Abe de Vries by skilderijen fan Jopie Huisman]
2012: Dit is it gedicht / Dit is het gedicht (foar bern fan 11 jier en âlder, mei kollaazjewurk fan de dichter)
2014: Man en mem
2017: Ynbyld
2020: Ntrije55

Jeugdpoëzy (Nederlânsktalige bydragen oan sammelbondels)
2010: Wie heeft er hier met verf lopen smijten
2011: Vijf draken verslagen
2012: Er zit een feest in mij

Ferskaat
2018: Nei de top (ferhalebondel, mei oaren)
2018: It leafst bin ik in fûgel (mei oaren)

Prizen

Fedde Schurerpriis en Fedde Schurerpublykspriis
2012: Fan glês it brekken

Rely Jorritsmapriis
2008: Trije dagen (fers)
2008: De opdracht (ferhaal)
2009: Sy is, taal is altyd (fers)

Oare prizen
2009: Priisfraach Je Maintaindrai, priis foar it fers Altyd de loft, opnommen yn Mijn land is groen, mijn land is mooi
2018: Kultuerpriis 2017 gemmente Tytsjerksteradiel

Nominaasjes
2013: Simke Kloostermanpriis 2013, Dit is it gedicht
2013: Shortlist Gysbert Japicxpriis mei Fan glês it brekken
2017: Gysbert Japicxpriis mei Man en mem
2019: Piter Jellespriis (foar Ynbyld)

Mear ynformaasje
Sjueryrapport Fedde Schurerpriis 2012
Eigen webside
Hedwich Terpstra, Ensafh. 23-11-2012 
Arjan Hut, FD 23-08-2019 (út de searje Poëzij Priuwe)
Friduwyh Riemersma, Fers2 16-02-2020 (essee oer it wurk fan Elske Kampen)

©Tresoar, 12-02-2020