Berne: 16-09-1970, Wommels
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Bart Kingma is yn Wommels berne. It grutste part fan syn jeugd brocht er troch yn Kollum. Nei syn stúdzje Sjoernalistyk yn Zwolle wurke er by ferskate media yn Noard-Nederlân, as sjoernalist, senarioskriuwer en regisseur.
Skriuwerij
Sûnt 2000 makket Bart Kingma skoaltelefyzje en oare programma’s by Omrop Fryslân. De telefyzjesearje 11&30, de Kanon fan de Fryske skiednis is troch him opsetten, skreaun en regissearre, lykas programma’s foar basisskoallen en fuortset ûnderwiis. As senarioskriuwer en soms regisseur wurke hy oan dramasearjes foar jongeren, lykas Studio F, I.K. en De Koers. Ek wurket er as dokumintêremakker by FryslânDok.
Dêrneist docht er skriuwwurk, ûnder oare lietteksten. Hy wie de inisjatyfnimmer fan de cd Cohen in het Fries, mei foar in part oersettingen fan syn hân, mar ek fan oaren, en útfierd troch tolve bekende Fryske lietesjongers. De cd ferskynde yn 2008 en waard rûnom yn it lân tige goed ûntfongen, en folge troch in muzikale teaterfoarstelling Prachtige Ferliezers yn 2009, dy't in reprize krige yn desimber 2016, nei it ferstjerren fan Leonard Cohen.
Yn 2010 ferskynde syn earste novelle, Griene Simmer / Groene Zomer, dy't nominearre waard foar de Rink van der Veldepriis. It waard ek útbrocht as it earste Fryske e-boek. Yn novimber 2012 sette er útein mei de Nederlânsktalige site De Bûten Post, in side mei humoristysk kommentaar op de Fryske aktualiteit; earst yn maaie 2013 kaam der regelmjittich in nije bydrage, nei 2016 waard it stil.
Mei Marius de Boer makke er (as skriuwer en regisseur) yn 2013 de rockopera Swart Langstme, it wierbarde leafdesdrama oer de Frânske sjonger Bertrand Cantat, dy't syn freondinne aktrise Marie Trintignant nei in stoarmeftige relaasje om it libben brocht.
As pendant fan de tv-searje De Koers skreau Bart yn 2015 it jeugdboek De deikoersen fan Remco, dat yn it ramt fan it lêsbefoarderingsprojekt LêsNo troch 3000 jongeren lêzen en op skoalle besprutsen waard. Foar itselde projekt LêsNo kaam begjin 2019 syn twadde jongereinboek út: Sex to the Max, in boek dat troch in soad dielnimmende skoallen as te kontroversieel sjoen waard om yn de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis te lêzen. Yn it boek beskriuwt de 15-jierrige haadpersoan Max de syktocht nei syn seksualiteit.
As dielnimmer oan it projekt Oare Wurden, in útwikseling tusken skriuwers yn minderheidstalen, wie hy ein 2016 twa moanne yn Baskelân, om dêr ûndersyk te dwaan en de basis te lizzen foar in roman mei as wurktitel Sera.
Bibliografy
Romans
2010: Griene simmer
Jeugdboeken
2015: De deikoersen fan Remco
2019: Sex to the Max
2020: Jou my de romte!
Ferskaat
2013: Swart Langstme (rockopera, mei Marius de Boer)
Nominaasjes
2012: Rink van der Veldepriis foar Griene simmer
Mear ynformaasje
De Bûten Post
Yntroduksje Buchmesse 2019 (oer Sex to the Max)
Josse de Haan Ensafh 18-02-2011 (Josse de Haan besprekt Griene Simmer)
©Tresoar, 22-11-2020
(foto auteur: Joris Kalma)