Berne: 19-06-1955, Drachten
Ferstoarn: 03-02-2018, drachten
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
Biografy NL
Libben en wurk
Bertus Klazinga waard berne en groeide op yn Drachten, hy hat lang wenne yn de omkriten fan Feanwâlden. Hy wurke as mjit- en regeltechnikus op de Burgumermarsintrale. Yn Fryslân is Klazinga lykwols bekend as skriuwer, sjonger en muzikant, as tekener en as fotograaf.
Op al dy terreinen wie er autodidakt. Syn earste ferhalen ferskynden yn wykblêd Frysk & Frij (1984), letter publisearre er ek yn De Strikel (fan 1988 ôf) en de Skriuwerskalinder.
Toanielskriuwer
Foar it Burgumer iepenlofttoaniel hat Bertus Klazinga ferskeidene stikken skreaun, yn 1982 kaam er yn de Iepenloftkommisje. It stik Marije, nei de roman Marijke fan Abe Brouwer, hat er foar de kommisje op en nij foar iepen loft bewurke. It is yn 1986 opfierd. Twa jier earder spilen se yn Burgum It Gouden Uleboerd, nei it bekende boek fan G. Spaanderman-Wielenga, neffens in toanielbewurking fan Klazinga. Yn inkelde stikken, û.o. Marije spile Klazinga sels ek mei.
Tegearre mei skriuwster Froukje Annema skreau Bertus Klazinga in hiel nij stik foar it Burgumer iepenloftspul. It stik, in klucht mei de titel In Poepetoer, is spile yn 1985. De komeedzje Heal jild, opfierd yn 1987, skreau er allinne, krektsa as it histoarysk stik Keningsrjocht (1989). Klazinga skreau net allinnich foar ‘Burgum’, ek oare plakken diene in berop op him. Sa hat er bygelyks yn simmer 2000, doe’t rûnom yn de provinsje emigranten feestlik ûnthelle waarden, in histoarysk spektakelstik skreaun foar Snits mei de titel Goudsjeblom en Poddekrûd. Yn datselde jier spilen se yn Broeksterwâld/De Falom Fûken op ’e kaai, in troch Klazinga bewurke útfiering fan in stik fan de Ierske toanielskriuwer George Farquhar (1706). Yn Aldegea (Sm.) waard syn histoarysk iepenloftspul Livius (1997) opfierd.
Yn syn stikken figurearrert gauris in ‘echte wâldsjer’, in slach minsken dêr’t Bertus Klazinga graach oer mei. Yn in fraachpetear mei Jelma S. Knol [1] formulearrert er dat sa:’ De echte Wâldsjers binne rjocht foar de raap, se geane har eigen gong en se ha in prachtkarakter. Moatst se fansels net dwers sitte. Mar ik fyn it kostlik om tusken dizze minsken te wenjen. Se binne sa’t se binne’. Yn 1999 hat Klazinga him weromlutsen út de Iepenloftkommisje fan Burgum. Koarte ferhalen fan de hân fan Bertus Klazinga binne, bûten de al neamde blêden, opnaam yn de sammelbondels Skroei (1987), Nachtboek (1992) en Fryske misdiedferhalen (1991). Foar de Skriuwerskalinder skreau Bertus Klazinga fersen.
It earste langere wurk op it mêd fan proaza, de misdiedroman De ielfretters, ferskynde yn 1992. Yn De ielfretters spylje boppenatuerlike eleminten in rol, in net sa faak foarkommend ferskynsel yn in misdiedroman. Wat fierders opfalt yn it boek binne de libbene dialogen en it fantasyrike en kreative taalgebrûk fan de skriuwer.
By útjouwerij Frysk en Frij ferskynde Dûbeltsjûk: dit en dat en fan alles wat: grut lês- en dochboek (1998), de ferhaaltsjes, gedichtsjes, puzels, tekeningen ensafuorthinne binne allegear makke en skreaun troch Bertus Klazinga. Yn 2006 makke er de tekeningen foar útjefte fan de Bildtse Taalrotonde, in útjefte foar de groepen 7/8 fan it basisûnderwiis.
Muzyk
Sûnt 1999 foarme Bertus Klazinga mei Anko Bouma it sjongduo Ferbean. De Frysktalige teksten fan de lieten dy’t it duo foar it fuotljocht brochten wiene fan Klazinga, de muzyk fan Bouma. Harren earste cd Lik op stik kaam út yn 2003, de twadde Altyd wat yn 2007. Bertus Klazinga levere fan 1982 oant 1992 bydragen yn de foarm fan ferhalen en artikels oan it blêd Frysk&Frij, sûnt begjin jierren 2000 wurke er mei oan it Burgumer wykblêd Actief.
Boarnen foar dit artikel
[1] Jelma S. Knol, Frysk&Frij, 04-03-1992
Bibliografy
Proaza
1987: Skroei (ferhalebondel foar jongerein (meiwurke oan)
1991: Broei (ferhalebondel foar jongerein (meiwurke oan)
1991: Fryske misdiedferhalen (meiwurke oan)
1992: Nachtboek (ferhalebondel foar jongerein (meiwurke oan))
1992: De ielfretters (misdiedroman)
1994: Knyflok en Reidmannen en oare misdiedferhalen (meiwurke oan)
1997: Fryske winter ferhalen (meiwurke oan)
Toaniel
1984: It gouden ûleboerd (iepenloftspul Burgum, nei de roman fan G. Spaanderman-Wielinga)
1985: In poepetoer (mei Froukje Annema)
1986: Marije (iepenloftspul Burgum, nei de roman fan Abe Brouwer)
1988: Dûnsjende dieven (iepenloftspul Burgum, bewurking fan 'Le bal des voleurs' fan Jean Anouilh)
1989: Keningsrjocht (iepenloftspul Burgum, bewurking fan 'Brörs' fan Wilhelmina Siefkes)
1993: Wat yn it fet sit... (iepenloftspul Burgum)
1994: Blau bloed fan Bertus Klazinga (iepenloftspul Burgum)
1995: Libjend Apart Tegearre (blijspul yn trije bedriuwen)
Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
©Tresoar, 12-06-2019