Berne: 11-09-1964, Akkrum

Libben en wurk

Jan Kleefstra is berne yn Akkrum. Hy hâldt him ûnder oare dwaande as frijwillige fûgelteller.

Skriuwerij
Jan Kleefstra is in dichter dy’t ek mei lûdseksperiminten dwaande is. Mei syn sintugen op skerp lit er ynfloeden fan bûten ta him trochkringe en besiket dan syn belibjen, syn sensaasjes, te ferwurdzjen of te ferklankjen.

Neffens Jan Kleefstra mei skriuwen inkeld de útdrukking wêze fan in fassinaasje sa’t in bern dy hat. Skriuwe moat yn in abstrakte ekspresje útdrukking jaan oan wat de sintugen waarnimme. En de refleksje dêrfan falt yn fragminten dy’t diel útmeitsje fan in grutter gehiel dat noait ta in ein komt.

Sûnt in tal jierren trede de bruorren Jan en Romke Kleefstra tegearre op op in tal Nederlânske dicht- en muzykpoadia: Jan as dichter en Romke as muzikant. Yn ferskate projekten sykje sy de kombinaasje mei muzyk en fideo. Mei harren wize fan foardragen skeppe sy in sfear dy’t him ferhâldt ta de rûmte fan lân en wetter dêr’t de minske inkeld de boel ferbalje kin (‘de mens als verontruster’).

Syn gedichten ferskynden yn blomlêzingen lykas Dichters in de Prinsentuin (2006), Kastanjegedichten (2006), Schoonheid, Hernehim (2007), Mengelwerk Drentse open 2007, Openbare Bibliotheek Amsterdam (2007), 7e Regenboog, Breedevallei Dichters (2008), Haarlemse Dichtlijn (2008), Inkijk, interieuers in de Hollanderwijk (2009) en Giftige simmer (2009).

Yn 2008 kaam syn Frysktalich debút út, Fragminten, net in oersetting fan de eardere Nederlânske bondel fan deselde namme. Yn it Friesch Dagblad [1] ‘..It is (dan) krekt oft Kleefstra mei wetterferve oan it skriuwen is, sa moai rinne de poëtyske eleminten yn inoar oer. Fierders binne it de tiid, de dea en it ferline dy’t de dichter dwaande hâlde mei in glimk fan mankelikens.’ Fierders seach Harmen Wind [2] as it sintrale tema: '... de ferhâlding tusken mins (ik) en natoer, oproppen as in frou. Alle fersen binne dêr fariaasjes op, of leaver, fragminten fan. Dy jacht kin de lezer ûndergean, en neifolgje faaks.’

Fan 2021 ôf wurke Kleefstra [3] oan in 'residinsjeprojekt', dat opfierd wurde soe op it Oranjewoud Festival, yn in gearwurking mei syn broer Romke Kleefstra en in ferskaat oan nasjonale en ynternasjonale muzikanten. Sintraal hjiryn stie (de teloargong fan) it lânskip yn al syn fasetten. Al nei ien jier [4] waard de gearwurking beëinige. Ek waard er yn 2022 as dichter belutsen by de Krui-tocht [5] fan Henry Mentink, in tocht om oandacht te freegjen foar de teloargong fan de ierde.

Boarnen foar dit artikel
[1] Friesch Daglad, 16-05-2009
[2] Harmen Wind, LC 28-11-2018
[3] Diana Romashuk, FD 16-08-2021
[4] Gitte Brugman, LC 01-03-2022
[5] Diane Romashuk, FD 22-04-2022

Wichtichste wurk

Poëzy
2004: Stem van de stilte (byldwurk Minne Onnes)
2006: Fragmenten
2008: Fragminten (is gjin oersetting fan Nederlânske bondel út 2006)
2011: Uit het lege midden (dûbelbondel mei Floris Abraham Brown Sing vir my)
2014: Melk druppen
2015: Raaf verwantschap
2015: Sniefellen
2019: Windtoon
2020: Het verlegen land
2021: Laat het bos maar uithuilen

CD's
2008: Piiptsjilling (teksten by cd)
2009: Wink (cd)
2010: Tongerswel (cd mei Fryske gedichten, mei Nederlânske en Ingelske oersettings)

Ferskaat
2007: Tsjinlûd (muzyk/poëzij/byldzjende keunst; in poadiumproduksje mei Romke Kleefstra, Elmar Kuiper en Johan van Aken)
2020: Veldwerk (mei akwarellen fan Christiaan Kuitwaard)

Nominaasjes
2020: Jan Wolkersprijs (foar Veldwerk)

Mear ynformaasje
Jan Kleefstra, eigen webside
Jacob Haagsma, fraachpetear mei Romke en Jan Kleefstra, LC 12-11-2010
Stik oer ‘Tsjinlûd’, LC 19-01-2007
Jacob Haagsma oer Piiptsjilling, LC 06-06-2008
Harmen Wind oer Fragminten, LC 28-11-2008
Eppie Dam oer Uit het lege midden, LC 09-12-2011
Karel Wasch, Literair Nederland, 24-06-2011 (resinsje Uit het lege midden)
Karel Wasch oer Melk druppen, Poëzie Leestafel 19-01-2015
Hedwig Terpstra, fraachpetear op Ensafh., 17-09-2010
Eric van Loo, Meander 22-04-2019 (resinsje Windtoon)
Gitte Brugman, LC 22-05-2020 (oer Veldwerk)
Omrop Fryslân, 27-09-2020 (oer Het verlegen land)
Frits Tromp, Heerenveense Courant 26-08-2021 (oer It Deel)
Gitte Brugman, LC 09-04-2022 (oer bydrage 'Krui-tocht voor de aarde')
Gitte Brugman, LC 15-10-2022 (oer Veldwerk)

Wikipedy

©Tresoar, 16-11-2022