Berne: 08-12-1947, Ljouwert

Libben en wurk

Jacob (ropnamme Jaap) Klimstra waard berne yn Ljouwert, mar groeide op yn Ljussens. Hy folge de HBS-B, HTS Elektro en dêrnei oan de universiteit Wurktúchkunde. Klimstra wurket as Konsultant Enerzjy, Emissie, Ekonomy.

Skriuwerij
Jacob Klimstra hâldt fan it Frysk, oargelspyljen en it skriuwen fan ferhalen. Yn 1999 skreau hy in ferhaal oer Simke Kloosterman en har healsuster yn it Nieuwsblad van Noord-Oost Friesland.

Al hast hast tweintich jier skriuwt Klimstra foar de rubryk 'Koart ferhaal' fan it Friesch Dagblad. Yn dizze perioade binne de Sibbeltsje-ferhalen ûntstien en ek de Jelle-ferhalen wêrfan't ien kear yn 'e moanne in nije ôflevering ferskynt. 

Yn 2009 folge út dizze ferhalen wei it boek Sibbeltsje (skreaun ûnder de skûlnamme Jabik Jans Klimstra) dêr’t op de webside fan It Nijs oer skreaun waard: ‘It boek jout in moai tiidsbyld yn in taal mei prachtige útdrukkings dy’t yn dizze ieu net sa faak mear brûkt wurde.’ As boekhâlder kaam Klimstra gauris by Sibbeltsje, in frou út it begjin fan de tweintichste iuw, dy't him in soad ferhalen fertelde. De skriuwer mocht se pas nei har ferstjerren publisearje en dat hat er dan ek dien.

Omdat Klimstra graach fertelle mei, hat er in namme opboud yn it fertelsirkwy, benammen by ferieningen. Hast alle wiken giet er der op út , dat hy is yn guon fermiddens ûnderwilens in bekende namme wurden. Nei ferrin fan jierren hat er oare ferhalen oan syn oeuvre tafoege, bygelyks oer Jelle, dy't allike kleurryk wie as Sibbeltsje (sjoch foar in ferhaal oer Jelle de link ûnderoan)

Bibliografy
2006: It is mei sizzen net te dwaan – 1905-2006 Ien ieu kristlik ûnderwiis yn Twizel
2009: Sibbeltsje (roman)  

Mear ynformaasje
Eigen webside
Gerbrich van der Meer, FD 07-07-2018 (fraachpetear)
Koart ferhaal, FD 07-07-2018

©Tresoar, 23-09-2020