Berne: 20-08-1722, Makkum
Ferstoarn: 25-05-1798, Makkum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Durk Pieters Lenige hat syn hiele libben yn Makkum wenne, hy is dêr berne op 20 augustus 1722 en ferstoarn op 25 maaie 1798. Lenige hearde ta de Makkumer middenstân, hy wie seilmakker en izerhandler.
Yn april 1746 troude er mei Rightie Hylkes, dy’t al nei twa jier yn it kreambêd ferstoar, tagelyk mei har soantsje. Sân jier letter, yn 1753 troude Durk Lenige wer, doe mei Akke Syttes Rymersma. Se krigen tegearre fjouwer bern; Kynke (of Cynthia, 1755), Jetske (1763), Pieter (1766) en Ann (1771).
De achttjinde ieu wie de perioade fan in opbloeiende belangstelling foar de eigen skiednis en de eigen taal. Under ynfloed fan de noch jonge beweging yn keunst en literatuer, de Romantyk, waard rûnom yn Europa stúdzje makke fan dy saken dy’t ticht by it eigen libben en it eigen gefoel leine. It wie in reaksje op it Rasjonalisme dat útgie fan de ratio, it ferstân en de reedlikheid fan de minske. Ien fan de útkomsten fan de fernijde oandacht foar de eigen taal en kultuer wie it ûnstean fan dichtgenoatskippen. Ek yn Fryslân, te Makkum, waard sa’n genoatskip oprjochte. It krige de namme Konst Voedt ‘s Menschen Geluk. Durk Lenige wie ien fan de aktive leden fan it selsskip. De leden fan it genoatskip makken gedichten dy’t se elkoar foarliezen, beoardielen en dêr’t se kommentaar op joegen. De taal dêr’t se har wurk yn makken wie meastal it Nederlânsk, fan Durk Lenige is ek Frysk wurk bekend. Neidat it genoatskip opholden wie te bestean, dichte Lenige allinnich noch yn it Frysk, mar syn measte wurk hat er dochs yn it Nederlânsk skreaun.
It wurk fan Lenige is benammen fan belang omdat it in goed byld jout fan de tiid dêr’t er yn libbe, it wiene meast gelegenheidsfersen dy’t er skreau nei oanlieding fan in barren op polityk, godstsjinstich, maatskiplik of persoanlik mêd.
Lenige hearde ta de minnisten, yn 1743 waard er dêr doopt, hy hie in sit yn de tsjerkerie fan 1765 ôf; yn 1794 moast er dêr yn ferbân mei syn sûnens mei ophâlde. In grut tal fan syn gelegenheidsfersen wize werom nei syn tsjerklike eftergrûn. Hy dichte yn de ferheven styl fan syn tiid, mar it folksaardich karakter kaam der dochs altyd trochhinne. Neffens prof. J.H. Brouwer wie Lenige de earste Fryske skriuwer dy’t de sonnetfoarm brûkte (It Beaken, 1955). Syn taal wie kleure troch it Súdhoeksk en somtiden troch it wurk fan Gysbert Japicx (1603-1666). It earste fan Durk Lenige bekende gedicht is fan 1750. In protte fersen hat er wijd oan syn jong ferstoarne dochter Kynke, dy’t harsels as dichteres Cynthia neamde (1755-1780). Se wie, krekt as har heit ek lid fan it Makkumer dichtgenoatskip. Kynke hie in swakke sûnens, se ferstoar doe’t se noch gjin 25 jier âld wie.
Njonken eigen wurk hat Lenige ek fersen fan oaren oerset, bekend binne oersettings fan de Hollânsk-Sieuske dichter Jac. Bellamy (1757-1786), mar ek wurk fan syn dochter Cynthia sette er oer fan it Hollânsk nei it Frysk, krekt sa as er dat ek mei eigen wurk die.
Wurk
1959: De Fryske fersen fan Durk Lenige en oare Makkumers (Magnus-rige, mei ynl. en oant. fan J.H. Brouwer)
Mear ynformaasje
Wikipedia
©Tresoar, 10-07-2019