Berne: 30-12-1821, sint-anne
Ferstoarn: 07-02-1903, ljouwert

Jacobus van Loon wie in stienfabrikant (syn fabryk stie yn Húns) en Frysk foaroanman. Hy stipe de Fryske saak moreel en finansjeel. Mei Tiede Roelofs Dykstra en Harmen Sytstra wie hy de oprjochter fan it Frysk Selskip (1844). Hy wie foarsitter fan it selskip fan 1862-1896, en waard yn 1896 beneamd ta earefoarsitter.

Libben en wurk
Jacobus van Loon wie de soan fan notaris Everhardus van Loon en Hiltje Oosterlo. Hy troude op 29 july 1858 mei Aafke Noordenbos yn Wommels. Se krigen fjouwer bern. Syn frou stoar yn 1899.

Yn 1840 waard er as studint yn de medisinen ynskreaun yn Frjentsjer. Yn 1844 moast er fanwegen sykte mei de stúdzje ophâlde. Hy waard doe eigener fan it pan- en tichelwurk yn Húns.Dêr hat er jierrenlang wenne.
Van Loon wie in liberaal politikus. Yn 1851 waard er beneamd ta lid fan de gemeenteried fan Baarderadeel en letter ek ta sekretaris fan dy gemeente. Hy waard by de earste streekrjochte ferkiezing foar de Provinsjale Steaten yn haadkiesdistrikt Frjentsjer keazen. Hy wie oanhinger fan de ideeën fan Mr. Thorbecke. Yn 1860 waard er beneamd ta lid fan Deputearre Steaten. Hy hie oant 1901 in sit dêr. Op syn grêf is yn 1907 troch it Selskip 1844 in tinkstien oprjochte.

Van Loon besoarge mei M. de Boer yn 1876 it Frysk Lieteboek mei ek inkele lietsjes fan syn hân. Hy die war foar in Frysk Wurdboek en wie redakteur foar de Fryske Almenak. Syn wurk is ûnder te finen yn Swanneblommen (1851-54, 1882), Bijekoer (1848-49) en yn de Friesche Volksalmanak (1837, 1841, 1842, 1849, 1863, 1885-87). 
  

WURK

Publikaasjes (seleksje)
1876: Frysk Lieteboek
1877: Catalogus van de gedrukte Friesche letterkunde en handschriften aanwezig op de historische tentoonstelling te Leeuwarden

Mear ynformaasje

DBNL
Wikipedy

©Tresoar, 19-05-2020