Berne: 17-06-1913, follegea
STOARN: 09-12-2001, gytsjerk
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
- DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Libbe Leistra waard berne yn 1913 yn Follegea. Hy wie feehâlder en biologysk túnker en skriuwer. Hy debutearre op syn 87ste mei in roman.
Libben en wurk
Libbe Leistra waard berne yn 1913. Hy wie feehâlder (greidboer) en biologysk túnker Gytsjerk. Skriuwen die er in grut part fan syn libben. Al yn de tritiger jierren wie er dermei begûn. Hy hat ferskillende sjenres beoefene. Nei de oarloch skreau er koarte ferhalen foar it tydskrift Frysk en Frij. Ek yn de doarpskrante ferskynde syn wurk. Yn de tachtiger jierren skreau er tal fan toanielstikken en ienakters. Ein tachtiger jierren begûn er mei dichtsjen en publisearre er fersen yn literêr tydskrift Hjir. Hy wûn de Rely Jorritsmapriis yn 1998 foar it fers 'Meditaasje'.
Yn 2000 debutearre Leistra op 87-jierrige leeftiid as romanskriuwer mei it boek Reinwetter op 'e stêd. Hy beskriuwt dêryn de perioade 1948-1980, in tiid fan grutte feroarings op it plattelân. It ferhaal is opboud as in rige opsetlike en ûnopsetlike - faak eroatyske - foarfallen wêrby't romanpersonaazjes harsels ôffreegje: Bestiet tafal? Of is der in beskermingel dy't alles stjoert en regelet?
Yn 2002 ferskynde postúm de novelle Trelit yn de Trynwâlden oer in widner-boer en syn dochter fan 18 dy't beide op syk binne nei in nije partner.
WURK
Publikaasjes
2000: Reinwetter op 'e stêd
2002: Trelit yn de Trynwâlden
Prizen
1998: Rely Jorritsmapriis (foar it fers 'Meditaasje')
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 22-12-2000 (fraachpetear) (diel ien en diel twa)
©Tresoar, 22-03-2021
Byld: Libbe Leistra neffens in pintekening fan Klaas Bokma (2002) (Frysk en Frij)