Berne: 19-07-1952, terwispel

Johanneke Liemburg is politikologe. Yn 2010 promovearre se op Fedde Schurer, dêr't se in biografy oer skreau.

 

Libben en wurk

Johanneke Liemburg is berne yn 1952 yn Terwispel. Se studearre politikology yn Amsterdam. Se is troud mei LC-sjoernalist Pieter de Groot.

Se wurke as sjoernalist by de Leeuwarder Courant (1970-1973) en wie stêfmeiwurker by de Fryske Kultuerried (1976-1981). Foar de PvdA wie se Steatelid fan 1978 oant 1995 en fan 1981 ôf ek fraksjefoarsitter. Se wie deputearre fan 1987 oant 1994 (mei as portefúljes kultuer, sosjaal-kultureel wurk, emansipaasje, jeugd, lytse kearnen en finânsjes). Fan 1994 oant 1998 wie se lid fan de Twadde Keamer. Fan 1998-2000 wie se koördinator fan emansipaasjeburo Equa.

Yn 2000 waard se boargemaster fan Littenseradiel oant dy gemeente by de weryndieling yn 2018 opdield waard yn trije oare gemeenten.

Yn 2010 promovearre se oan de Rijksuniversiteit Groningen op Fedde Schurer (1898-1968), dêr't se in biografy oer skreau. Se is no dwaande mei it skriuwen fan in biografy oer Geertje Lycklama à Nijeholt.

WURK

Publikaasjes 
1995: In tik fan Domela (Ljochtmoanneboekje útjûn by 25-jierrich bestean Koperative Utjowerij)
2010: Fedde Schurer (1898-1968): biografie van een Friese koerier
2019: 'Fryslân 2030, paadsljochter yn Nederlân' yn: De Fryske Utopy

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite (besprek biografy Fedde Schurer)
Sietse de Vries, LC19-03-2010 (diel 1) en (diel 2) 
Marijke de Boer,
Letterhoeke 2019 (nr 2, side 16-19)

©Tresoar, 05-04-2021

Byld: Eigen foto