Berne: 1-12-1947, amsterdam
-
BOEKEN, AV MATERIAAL, ARTIKELS
-
DIGITALE BIBLIOTHEEK NEDERLANDSE LETTEREN
-
Gedichten
-
BYLDMATERIAAL
-
biografy nl
Huub Mous is publisist, keunsthistoarikus en blogger. Hy skriuwt benammen oer byldzjende keunst.
Libben en wurk
Hubertus Johannes Mous is berne yn Amsterdam yn 1947. Nei it gymnasium dêr die er ferskillende stúdzjes (boukunde, Nederlânsk en filosofy) mar yn keunstskiednis is er ôfstudearre. Yn 1977 kaam er nei Fryslân. Nei't er keunsthistoarikus ôfstudearre wie, sollisitearre er by de Fryske Kultuerried. Dêr waard er oannommen as stêfmeiwurker foar byldzjende keunst. De Fryske Kultuerried bestie oant 1991. In part fan de taken waard fuortset troch it Frysk Keunstynstitút, de foarrinner fan Keunstwurk, yn 1993 oprjochte. By Keunstwurk wurke Mous (1994-2007) as konsulint byldzjende keunst yn Fryslân. Yn 2000 wie er artistyk lieder fan it Frysk Festival. Fan 2001 oant 2007 wie er gastdosint by Academie Minerva yn Grins.
Mous skreau artikels yn tydskriften en museumkatalogy. Ek skreau er in tal katalogy en monografyen fan Fryske keunstners lykas Harmen Abma, Louis Le Roy, Eja Siepman van den Berg en Ids Willemsma. Fierder wurket er mei oan tydskrift De Moanne. Sûnt 2006 hâldt er op ynternet alle dagen in blog by dêr't er skriuwt oer keunst, filosofy en Fryske literatuer.
Mei it boek De kleur van Friesland (2008) oer de byldzjende keunst nei 1945 hat er syn aktive karriêre loopbaan beëinige. It giet oer de relaasje tusken keunst, identiteit en folksaard. Dêrby hat er ek in tentoanstelling gearstald foar it Fries Museum.
WURK
Publikaasjes (seleksje)
1987: Friese landschappen
1992: Anne Feddema
1994: Harmen Abma
2005: Reizen door de tijd, Publieke kunst in Fryslân 1945-2005
2008: De kleur van Friesland, beeldende kunst na 1945
2009: Gerrit Terpstra út 'e tiid
2010: 'Slauerhoff en het onbehagen in de cultuur', yn: De fascinatie voor Slauerhoff
2011: Tegen de tijdgeest, terugzien op een psychose (mei oaren)
2013: Modernisme in Lourdes, Gerard Reve en de secularisering
2016: De Fries die in de toekomst sprong
2017: Jihad of verstandsverbijstering
2020: Het virus van de melancholie
2023: Het algoritme van de waan
Mear ynformaasje
www.huubmous.nl
Jan Pieter Janzen, Trotwaer 1996 (ynterview)
Gitte Brugman, LC 18-03-2016 (oer De Fries die in de toekomst sprong)
De Moanne, 13-02-2023 (fragmint út Het algoritme van de waan)
©Tresoar, 15-02-2023
Byld: Eigen foto