Berne: 29-12-1928, Wynjeterp
FERSTOARN: 13-12-2007, Burgum

Libben en wurk

Swaantsje Monderman is berne yn Wynjewâld en hat dêr ek it grutste part fan har libben wenne. Har heit wie boer, doe’t Swaantsje fan de legere skoalle kaam hat se net fierder leard mar holp thús har mem en learde it melken. Se troude yn 1953 mei Haitze Duursma, dy’t ek boer wie. Se buorken op in pleats op Klein Groningen, in buorskip oan de Compagnonsfeart by Wynjewâld. It echtpear Duursma krige trije bern, twa soannen en in dochter. Haitze Duursma ferstoar yn 1992. Yn augustus 1997 troude Swaantsje mei Harm Zeinstra fan Feanwâlden, tegearre kamen se yn Burgum te wenjen. Zeinstra ferstoar yn 2005, Swaantsje Monderman twa jier letter yn desimber 2007.

Lês mear...

Berne:02-04-1921, Beetstersweach
Ferstoarn: 04-11-2010, Jellum

 

Libben en wurk

Tiny Mulder waard berne yn Beetstersweach. As bern wenne se op ferskate plakken bûten Fryslân, mar it langst yn Assen. Yn it 'kwartet foar Assen' (1968), hat se har tiid dêr dichterlik ferwurde. Doe't se trettjin jier wie, ferhuze de famylje Mulder nei Drachten. Tiny learde doe Frysk praten, foar lêzen en skriuwen folge se in kursus. Se gyng yn Drachten nei de mulo en letter yn Ljouwert nei de hbs.

Lês mear...