Berne: 09-07-1957, Skearnegoutum

Libben en wurk

Jurjen van der Meer is berne yn Skearnegoutum, mar wennet al sawat syn hiele libben yn Terkaple-Eagmaryp, de doarpen dy’t yn dy omkriten as de Lege Wâlden bekend binne. Hy wurket trije dagen yn ’e wike as ûnderwizer oan de kristlike basisskoalle It Haskerfjild op ’e Jouwer en twa dagen as tekstskriuwer.

Lês mear...

Berne: 11-08-1901, Langsweagen
ferstoarn: 01-10-1993, It Hearrenfean

Libben en wurk

Anna de Vries is berne as âldste dochter fan timmerman-oannimmer Hendrik de Vries en syn frou Tjitske Mulder. Nei Anna kamen der noch trije bruorren en ien suster. Se hat altyd yn Langsweagen wenne. Alhoewol’t it thús net stimulearre waard, lies Anna alles wat se yn hannen krije koe. By pake en beppe hearde wykblêd Sljucht en Rjucht ta har lektuer.

Lês mear...

Berne: 06-05-1824, Burgum
FERSTOARN: 16-3-1906, Burgum

Libben en wurk

Tjibbe Gearts van der Meulen waard berne op de Burgumerdaam yn Burgum, as jongste fan fiif soannen yn it gesin fan Geert Tjeerds van der Meulen (1776-1861) en Grietje Douwes Duursma (1781?-1857). Tsjibbe Gearts bleau syn hiele libben Burgumer. Syn heit wie klokmakker, Tsjibbe hat dat ek  besocht doe’t er fan skoalle kaam, mar wie fiersten te ûngeduerich.

Lês mear...