Berne: 08-01-1955, Stiens

Libben en wurk

Baukje Miedema hat yn ferskate plakken yn Fryslân wenne foardat se har yn Rie nei wenjen sette. By de learare-oplieding Ubbo Emmius wurke se in tiidlang as direksje-sektretaresse, letter joech se dêr les yn bedriuwsekonomy. Sûnt 1998 makket se, as selstannich ûndernimmer, firtuele simulaasjes foar ROC’s.

Lês mear...

Berne: 24-02-1951, Deinum
Ferstoarn: 22-02-2001, Ljouwert

Libben en wurk

Gys Miedema waard berne ûnder de reek fan Deinum op It Holt. Hy wie de jongste fan fiif bern. Nei in gelokkige jeugd rekke er op syn sechstjinde foar it earst yn in psygoaze. It soe net de lêste kear wêze. Nei syn skoaltiid gie er oan it wurk by it Ljouwerter Papier Fabryk, letter op in fersekeringskantoar.

Lês mear...

berne: 21-01-1929, Snits
ferstoarn: 14-04-2019, amsterdam

Libben en wurk

Hessel Miedema, berne op 21 jannewaris 1929 yn Snits, groeide op yn Amsterdam. Oan de Universiteit van Amsterdam studearre er keunstskiednis. Tidens syn stúdzje kaam er yn 'e kunde mei de dichters Marten Brouwer en Sybe Sybesma. Troch har krige er belangstelling foar de Fryske literatuer.

Lês mear...