Berne: 16-09-1922, Boalsert
FerSTOARN: 24-08-2015, It Hearrenfean

Libben en wurk

Sjoerd Theodorus Palstra waard yn 1922 berne te Boalsert yn in Roomske húshâlding. Syn heit wie klerk by it gasfabryk. ‘Wy wiene echt rooms-katolyk. Us heit wie kritysk tsjin tsjerketastannen oer, mar wol tige leauwich.’

Nei it leger ûnderwiis en in jier mulo gie er yn 1935 op 12-jierrige leeftyd nei it missykolleezje Sint Franciscus-Solanus yn Sittard, dêr’t er trije jier tahâlde. Fan de twahûndert learlingen op dy skoalle kamen njoggen út Boalsert. Palstra tocht letter mei nocht oan dy tiid werom. Der waard in soad songen, toanielspile en der waarden films fertoand. Yn 1938 gie it kolleezje ticht en moast Palstra nei it Willibrordkolleezje yn Katwyk, dêr’t in strakkere sfear hong. Ek nei dit kolleezje giene sa’n soad Friezen, dat der Fryske jûnen hâlden waarden. Yn dy tiid woe Palstra pryster wurde. De trije kear jiers dat er thús wie (mei Kryst, Peaske en yn ’e simmerfakânsje) fernaam er dat er folslein bûten it wrâldske libben stie. Hy gie alle dagen nei tsjerke, kaam amper yn ’e kunde mei de ‘gewoane minsken’ en mocht bygelyks net mei leeftydgenoaten nei dûnsjûnen. Yn 1940 makke er de Slach om Den Haach mei, wêrby’t it gebou fan it kolleezje ûnder fjoer kaam. Ien fan syn leararen ferlear it libben. Palstra wie yn de oarlochsjierren as kleasterling by de Fransiskanen yn Vlodrop. Yn july 1944 gie er definityf nei hûs en dûkte ûnder.

Nei de oarloch die Palstra earst in oplieding ta boekhâlder en bankier en wurke er yn Almelo, Amsterdam en Snits, mar de finansjele wrâld foldie him net. Hy folge in spoedkursus foar ûnderwizer en koe yn 1956 yn it ûnderwiis oan it wurk, mei de ferplichting om yn syn frije tiid de haadakte te heljen. Hy stie earst fjouwer jier yn Blauhûs oan skoalle, doe in jier yn Jirnsum en fan 1961 ôf wie er haad op de Sint Joazefskoalle op It Hearrenfean. Yn 1983 gie er mei pinsjoen.

De tiid dat er yn syn jonge jierren om utens wie, hat him bewust makke fan syn Frysk wêzen: ‘Yn Sittard en Katwyk fielden wy ús Friezen en dat woene wy ek wêze.’

Skriuwer
As Frysk skriuwer debutearre Palstra yn 1981 mei it berneboek Wat Klaas en Geartsje belibje. Hy publisearre yn tydskriften as Trotwaer, Hjir, De Strikel en de Stim fan Fryslân. Neffens eigen sizzen is in part fan syn ferhalen biografysk en autobiografysk en falt in oar part ûnder it skift ‘fantastysk’.

Palstra boarte yn syn ferhalen graach mei de bizarre, twingende en antylichaamlike kanten fan it roomsk-katolike Kristendom. Oan de oare kant hie er grutte bewûndering foar it sosjale, artistike, boartlike belibjen yn de katolike tsjerke. Eleminten dy’t ferwize nei syn roomske eftergrûn binne opfallend oanwêzich yn syn wurk. Jelle Krol preau yn de ferhalebondel Tusken pij en wierheid sawol argewaasje oer de katoliek wrâld fan earder as nostalgysk weromsjen. De novelle Minske en bist spilet yn de oarloch, in romantisearre ferhaal oer in jonge út ’e omkriten fan It Hearrenfean dy’t yn it ‘Arbeitseinsatzlager Erika’ yn Ommen-Wesseling telâne komt.

Yn eigen behear publisearre er syn debútbondel It seisde libben. It ferfolch Tinhûdich jier ferskynde by de KFFB. Jan Wybenga karakterisearre syn poëzij as ‘Notysjes yn fersfoarm’. Mei Jelle Bangma, Baukje Tsjerkje de Jong, Jurjen van der Meer, Tsjits Peanstra en Akke Wybenga siet er yn in dichtersfreonegroep, dy’t begjin jierren tachtich foarme wie op oantrún fan It Skriuwersboun. De rûnte joech twa kear in sammelbondel út: Wy jouwe in rûntsje (1987) en De twadde sirkel (1993).

List fan belangrykste wurk

Proaza

1981: Wat Klaas en Geartsje belibje. (mei tekeningen fan A.J. Roosenstein)
1989: Minske en Bist (novelle)
1994: Tusken pij en wierheid (ferhalen)
1995: Gjin lytse beroerte (koarte ferhalen)
2012: Hoedingels en oare dreamen (ferhalen)

Poëzy
1985: It seisde libben
1987: Tinhûdich jier
1987: Wy jouwe in rûntsje (mei oaren)
1993: De twadde sirkel (mei oaren)

Toaniel
1989: De wrâld is in boarterstún (L. Bender. Bewurking)
1991: Snoepy haaibaai (H.J. Preil. Bewurking)

Oersettingen toaniel
1983: In moardner yn 'e ploech (P. King en J. Boland)
1991: Sudewyn mei in sûpke (M. van Os-Loeffen)
1997: De gûvernante út Froubuorren (J. Hemmink-Kamp)

Prizen
1981: Rely Jorritsmapriis foar Una Giornata particolare (ferhaal)

Mear ynformaasje
Mensenlinq
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Jan Wybenga, LC 20-11-1987 (oer Tinhûdich jier)
Jan Wybenga , LC 29-12-1989 (oer Minske en bist)
Jelle Krol , LC 12-08-1994 (oer Tusken pij en wierheid)

©Tresoar, 24-07-2019