Berne: 12-08-1935, Frjentsjer
FerSTOARN: 27-12-2007, Frjentsjer

Libben en wurk

Tjittte Piebenga wie de âldste fan sân bern yn it gesin fan Haring Tjittes Piebenga (1907-1981) en Johanna Kuiper (1909-1978). De famylje Piebenga ferhuze noch al ris; se wennen û.o. yn Frjentsjer, Berlyn, Middenmar en Peins. Yn Peins hat Tjitte it langst op de legere skoalle sitten. Nei de mulo te Frjentsjer gyng er nei de kweekskoalle yn Ljouwert, earst nei de Rykskweekskoalle en letter nei de kristlike kweek-skoalle Mariënburg, dêr’t er syn diploma helle.

Tjitte Piebenga hat feitlik syn hiele libben in soad lêst hân fan de politike kar fan syn heit. Heit Piebenga studearre yn de jierren tritich fan de foarige ieu yn Berlyn, dêr’t er yn 1941 promovearre op in antropologyske stúdzje oer de befolking fan Urk. Yn de oarloch sleat er him oan by de SS.  Fuort nei de befrijing waard er ynterneard yn kamp Sondel, letter yn Westerbork. Tjitte waard fan gefolgen troch syn skoalgenoaten flink tramtearre, dat gyng troch oant syn tiid op de kweekskoalle. Studearje mocht er net, de kweekskoalle wie foar him de iennichste mooglikheid. Sels in beneaming as ûnderwizer yn Nij-Guinea yn 1959 gie net troch om it ferline fan syn heit. Dat hie wol as útkomst dat er, troch syn beneaming yn Arum, it op ien nei jongste skoallehaad fan Fryslân waard; syn broer Jancko, te Beers, wie de jongste.

Piebenga hat sân jier oan de skoalle fan Arum stien, doe naam er ûntslach omdat er pedagogyk studearje woe. Dy stúdzje gie net troch mei’t krekt doe syn houlik mis rûn, ynstee fan studint waard er freelance sjoernalist by Het Vrije Volk. Al ridlik gau murk er dat de sjoernalistyk him dochs net sa goed lei en gie er werom nei it ûnderwiis. Hy kaam te wurkjen by it Voortgezet Speciaal Onderwijs te Ljouwert, dêr’t er him ek nei wenjen sette. By de krant hie er syn twadde frou, Hannah Ludwig, kennen leard. Yn 1975 ferhuzen de Piebenga’s nei Peins, dêr’t se yn it âlderlik hûs fan Tjitte kamen te wenjen, letter ferfearen se nei Frjentsjer.

Hy koe yn 1990 út it wurk en wijde him dêrnei alhiel oan syn literêre aktiviteiten.

Skriuwer en kritikus
Syn skriuwtalint krige Tjitte Piebenga mei fan heite- en fan memmekant: beide pakes hiene aardichheid oan skriuwen, syn omke Jan Piebenga wie sjoernalist en publisist, mar ek syn heit skreau. Troch syn omke Douwe Tamminga, dêr’t er inkelde jierren yn ’e hûs west hat doe’t syn heit ynterneard wie, kaam er yn ’e kunde mei skriuwers as Fedde Schurer, Lolle Nauta, Freark Dam en Geart Jonkman. Sels begûn er ek al jong mei skriuwen, hy wie santjin jier doe’t twa fersen fan syn hân, Famke en , ferskynden yn it earste nûmer fan literêr tydskrift De Golle, de foarrinder fan it lettere Quatrebras.. Fiif jier letter debutearre er yn boekfoarm mei de dichtbondel Fersen foar Marida (1958). Mei Durk van der Ploeg en Jelle de Jong, dy’t yn datselde jier debutearren, hearde Tjitte Piebenga ta in nije generaasje Fryske dichters.

Fersen foar Marida is in leafdessyklus dy’t út twa parten bestiet, yntocht en delgong. Neffens besprekker Anne Wadman [1] lei de krêft fan de jonge dichter yn it muzikale, it wat sweevjende, it dizich melodieuze, mear as yn it konkreet belibjen of de byldtaal.

Yn syn twadde fersebondel De thermen fan Karratsjana (1959), komt dat noch sterker ta útering. Durk van der Ploeg [2] skreau yn syn resinsje: ‘De fersen, sammele yn dizze bondel, kin men suver stik foar stik muzikale fersen neame. (...) Oant no ta is der net folle muzikale poëzij yn Fryslân skreaun, mar Tjitte Piebenga blykt der in hantsje fan te hawwen – en yn de meast geunstige sin.’ In hiel oare kant fan syn dichtersskip liet Piebenga sjen yn syn folgjende bondel mei de simpele titel Fersen. Dêryn hat de sjongsumens plak makke foar koarte staccato sinnen en in somber wrâldbyld. De gedichten binne skreaun yn deselde tiid as dy fan De thermen fan Karratsjana, it like oft de dichter mei dizze bondels twa kanten fan syn dichterskip sjen litte woe.

Nei in mieningsferskil mei syn mei-redakteuren fan Quatrebras ferliet Piebenga dat blêd en publisearre dêrnei yn De Tsjerne, dêr’t doe settele dichters as Douwe Tamminga en Fedde Schurer fan yn de redaksje sieten. De literêre fernijïng dy’t Tjitte Piebenga sa fan belang achte, kaam ek by De Tsjerne net fan ’e grûn. Dêrom besleat er om yn ’e mande mei Bauke de Jong sels in tydskrift op te rjochtsjen, Asyl (1964-1968). Asyl fusearre op 1 jannewaris 1969 mei De Tsjerne en Quatrebras ta in nij literêr tydskrift Trotwaer. Tjitte Piebenga begûn doe in ienmanstydskrift Prym-19. Yn Alternatyf (jannewaris 1973) ferklearre er dy aksje sa: ‘Ik hie (haw) mei Prym ien doel, in konfrontaasje mei mysels: Tjitte en de nasjonalisten, Tjitte en Phillippus Breuker, Tjitte en dit en dat. En dan sjen wat der oerbliuwt.’

Ofsjoen fan syn tydskrift en wat toaniel- en kabaretwurk liet er in skoftlang net folle fan him hearre oant yn 1968 syn roman It lyk wurdt oantaast-anatomy fan in houlik ferskynde, in sterk autobiografyske bekentenisroman oer de mislearring fan it ambivalint begongen houlik fan in idealisearjende en narsistyske skriuwer-skoalmaster. De teloargong fan it houlik wurdt beskreaun út ferskillend perspektyf en fertelsituaasje wei, typografysk fan inoar ûnderskaat troch it brûken fan in oar lettertype. Fan de meastal fjouwer of fiif lagen yn elk haadstik falle de kursive, in poëtyske lofsang op de frou, en de yn dialoochfoarm printe it meast op. Yn in gewoane printletter beskriuwt Piebenga yn de hy-foarm de oanrin ta it houlik en guon episoaden dêr út. It weromsjen yn wrok beskriuwt er fanút de earste persoan, yn ik-foarm, it binne de meast felle en emoasjonele parten. As lêste, yn in oar kursyf en net yn alle haadstikken, (net-ferstjoerde) brieven oan Astrid, in wat dizinich soarte fan riedjouster oan beide partijen.
It boek waard oer it generaal goed ûntfongen by de resinsinten: ien besprekker, Piter Wybenga [3] wie benammen negatyf , mar syn ôfwizing wie mear rjochte tsjin de houlikspraktyk sa as dy yn it boek beskreaun waard as tsjin de roman as sadanich. Oer de opset fan it boek wie er posityf.

Anne Wadman kaam yn syn skôging ta de folgjende konklúzje: It lyk wurdt oantaast is in boek fan kwetsberheid en dat makket it oer alle boegen kwetsber, mar ek sympatyk, it makket der, by alle beswieren, úteinlik de bekoaring fan út: it is in minsklik dokumint, dat syn literêre ûnfolsleinens, syn lek en brek, oan dyselde minsklikheid te tankjen hat.’

In jier letter kaam der in novelle fan Piebenga yn it ljocht, Retour juster. Yn koarte haadstikjes beskriuwt er hoe’t de haadpersoan, in learaar fan middelbere leeftyd, by ferskate persoanen del giet dy’t earder in rol spile hawwe yn syn libben. Op dy wize besiket er yn it lyk te kommen mei syn ferline. Syn eigen wjerfarren as soan fan in heit dy’t yn de oarloch oan de ferkearde kant stie, beskreau er yn de ferhalebondel De rook fan mesjester (1970).

Dêrnei publisearre er noch trije fersebondels: De skabeljeuze útjefte Moaije Peal - limericks en tekeningen (1970) dêr’t er sels tekeningen by makke, Peins (1971, útjûn yn eigen behear) en Myn sêftgrien famke (1977). Neffens de besprekkers befetsje de beide lêstneamde bondels poëzy fan heech nivo. Benammen de fersen út Myn sêftgrien famke hearre ta de bêste dy’t Tjitte Piebenga publisearre hat.
Tusken 1961 en 1973 hat er njoggen kear in Rely Jorritsma-priis wûn mei in ferhaal en twa kear mei in fers.

Wer in oar genre beoefene Piebenga mei de útjefte fan berneliteratuer; tusken 1975 en 1981 ferskynden trije dielen fan Ut ’e wûndere Utdragerij, boeken mei ferhalen en ferskes. It mantsje fan plesier (1982) hat er boppedat sels yllustrearre.

Dêrnjonken skreau er toaniel- en harkspullen en in musical en skreau er tegearre mei Julius Boekema acht kabaretprogramma’s foar Ut Franeker Straetkabaret, dy’t er sels ek regisearre.
Hy hat yn ’e jierren sechtich as toanielspiler meidien by û.o. de Fryske Toaniel Stifting, dêr’t letter Tryater út fuortkaam is. Yn dy tiid wie er ek aktyf as oersetter fan toanielstikken, lykas fan Edward Albee Wa is bang foar Virginia Woolf.

Fierder skreau Tjitte Piebenga foar ferskate blêden literatuerkritiken, foar de Leeuwarder Courant skreau er poëzijkritiken yn it tiidrek 1994-2000.

Tjitte Piebenga is op 27 desimber 2007 yn syn wenplak Frjentsjer ferstoarn.

Boarnen foar dit artikel
[1] Anne Wadman, Het Vrije Volk 31-01-1959
[2] Durk van der Ploeg, Friesch Dagblad 09-10-1959
[3] Piter Wybenga, Friesch Dagblad 23-03-1968
[4] Anne Wadman, Het Vrije Volk 23-03-1968

Wurk

Poëzy
1958: Fersen foar Marida    
1959: De thermen fan Karratsjana
1963: Fersen
1970: Moaie Peal - limericks en tekeningen
1971: Peins (útjûn yn eigen behear)
1977: Myn sêftgrien famke
2011: Sammele wurk: diel 1 Poëzij - diel 2 Proaza

Proaza
1968: It lyk wurdt oantaast - anatomy fan in houlik (2e pr. 1998 Fryske Klassiken)
1969: Retour juster (novelle)
1970: De rook fan mesjester (ferhalen)
2011: Sammele wurk: diel 2 Proaza - diel 1 Poëzij

Berneboeken
1975: Ut de wûndere útdragerij - nije lêsfoarmen (tek. Rinse Klinker)
1976: Ut de wûndere útdragerij - nije lêsfoarmen II (tek. Rinse Klinker)
1981: Ut de wûndere útdragerij - nije lêsfoarmen III (tek. Rinse Klinker)
1982: It mantsje fan plesier (tek. fan de auteur)

Ferskaat
2018: Poetic Potatoes (mei oaren)

Prizen
1961: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Boartsje mar)
1961: Rely Jorritsma-priis (fers: Duet foar dy)
1967: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Kikkerts)
1967: Rely Jorritsma-priis (fers: Myn famke)
1968: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Hanneke)
1969: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Heit wie der net by)
1970: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Dekkleden)
1971: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Apels)
1972: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De mantels fan de leafde)
1973: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: De rokken fan Aukje)
1973: Rely Jorritsma-priis (ferhaal: Tusken peins en skingen)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
DBNL
Wikipedy
Josse de Haan, 'Analyze sammele wurk Tjitte Piebenga' yn: Reedride op glêd iis s.312-362 (2016)

©Tresoar, 24-07-2019