Berne: 17-02-1938, Warkum
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
-
Gedichten
-
Byldmateriaal
-
Biografy NL
Libben en wurk
Leo (Leo Obe Maria) Popma is op 17 febrewaris 1938 berne yn Warkum. Doe't er tsien jier wie, ferhuze it gesin Popma nei Frjentsjer. Syn gymnasiumoplieding folge er yn in ynternaat yn Megen, tichtby Oss.
Hy wie tolve jier doe't er dêr hinne gie, en earst slim ûnwennich. De fiertaal thús wie it Stedsk en Nederlânsk. Syn ûnwennigens brocht him der ta om wat behindich Frysk te learen, om't foar him de taal it meast represintative elemint fan syn bertestreek wie.
Op syn tweintichste kaam er werom nei Fryslân en begûn er mei in biblioteekoplieding yn Grins. De oplieding wie foar in part teory en foar in part praktyk. Hy kaam foar it praktyske part yn tsjinst fan de biblioteek Frjentsjer en gie foar de teory nei Grins. Yn 1965 makke er de ferfolchoplieding ôf oan de Keninklike Bibliotheek yn Den Haach. Neidat er de beropsoplieding ôfmakke hie, hat er in jier fearn foar de Holland-Amerikalijn en de Rotterdamsche Lloyd. Om de wrâld te sjen en om der efter te kommen wat er fierder mei syn libben woe. Syn hert lei dochs by it biblioteekwurk, hy krige wurk by de Sintrale Biblioteektsjinst yn Ljouwert. Dat wie doe in nije ynstelling, oprjochte om in netwurk fan biblioteken op it plattelân op te rjochtsjen. Hy klom op ta direkteur fan de Sintrale Bibleteektsjinst, yn 1993 waard er siktaris fan de Nederlandse Vereniging van Openbare Bibliotheken yn Den Haach. Sûnt 1999 is er mei de VUT en wennet er wer yn Fryslân.
Yn synfunksjes by de biblioteken koe er syn nocht oan reizgjen en syn nijsgjirrigens nei oare kultueren geregeldwei kombinearje mei syn wurk. Hy hat, ûnder oaren yn opdracht fan it Ministearje fan OCW (Onderwijs, Cultuur en Wetenschap), lieding jûn oan ferskate projekten rûnom op de wrâld, t.w. yn Suriname, Slowakije en Oekraine en Súd-Afrika. Foar Unesco hat er in soartgelikens projekt yn Grikelân begelaat. En foar PUM (Project Uitzending Managers) hat er syn kennis yn tsjinst steld fan in ûntwikkelingsprojekt yn Kenia, dêr't er noch altyd aktyf foar is.
Literêr wurk
Begjin jierren '60 oant sa likernôch 1972 wie Leo Popma warber op it Frysk literêre mêd. Syn earste Nederlânsktalige gedichten en ferhalen skreau er yn de skoalkrante. Nei't er him by de Afûk it Frysk goed eigenmakke hie publisearre er yn it literêr tydskrift De Tsjerne. Njonken eigen wurk, warde er him ek as besprekker fan boeken en skreau er skôgingen fan proaza en poëzy foar de tydskriften Sonde en Trotwaer. Boppedat liet er him hearre op de doetiids ferneamde dichtersfestifals, hy kaam foar it fuotljocht yn û.o. Drachten en Ljouwert. Hy debutearre yn 1966 mei de dichtbondel In weak reservaet. Yn 1971 kaam syn proazadebút mei de roman In kwestje fan hûd, yn datselde jier ferskynde ek syn toanielstik Dalek: in skimespul. Foar dat stik, dat lykwols nea spile is, krige er de Toanielpriis fan de Provinsje Fryslân. Ek foar syn oar literêr wurk krige er wurdearring; hy wûn tusken 1964 en 1967 seis kear in Rely Jorritsma-priis. Trije kear mei in fers en trije kear mei in ferhaal. Dêrnjonken hat er seis jier aktyf west as redakteur fan De Tsjerne en letter, doe't De Tsjerne oergong wie nei Trotwaer, foar dat blêd. Nei de earste trije publikaasjes yn boekfoarm like it literêre fjoer yn Popma dwêst te wêzen.
It hat tritich jier duorre foardat er him op ’e nij oppenearre yn de Fryske literêre wrâld. Skriuwe die er wol: hy skreau beliedsrapporten, artikels yn faktydskriften, lêzingen op syn fakgebiet ensfh., mar oan it skriuwen fan fiksje kaam er net mear ta. It ûntbriek him yn dy tiid oan tiid en oan ideeën. Boppedat kaam er wer bûten Fryslân te wenjen en feroare de Fryske stavering ek nochris (1980), sadat de distânsje letterlik en figuerlik alle kearen grutter waard. Earst doe't er as 'Vutter' yn 1999 werom kaam yn Fryslân, lôge it literêre fjoer wer op. Dat resultearre yn 2002 yn it útkommen fan de ferhalebondel Himelsk ferwulf. Twa jier letter kaam der in nije roman fan syn hân De wraakingel, in psychologyske roman dy't ek in aspekt fan in thriller yn him hat. Yn 2013 folge As gong dêr in oar, in boek dat ûnder oare de takomst fan in minderheidskultuer tematisearret en de posysjes ferbyldet dy't minsken yn dat ramt ynnimme kinne.
Tematyk en resepsje
Yn de tritich jier dat Popma 'der tuskenút' west hat, is it literêr klimaat gâns feroare: it kritysk nivo leit heger, de foarm is koarter en direkter, de tematyk eigentiidsk en de ynhâld mondialer. Leo Popma is wat dat oanbelanget mei syn tiid meigongen, syn 'nij' wurk is wat foarm, styl en ynhâld oangeane kompakt en modern. Syn taal is somtiden poëtysk, syn Frysk fersoarge.
It feit dat er in soad reizge hat is yn syn wurk werom te finen; lannen rûnom op 'e wrâld tsjinje as dekôr fan syn ferhalen. Se spylje yn hiel ferskillende lannen, fan it eardere East-Europa oant Afrika, mar oan alles is te fernimmen dat Popma wit wêr oft er it oer hat.
Dat Popma is troch syn wurk yn de biblioteekwrâld tige belêzen. Hy brûkt wurk út de wrâldliteratuer om plot en tema te ferdjipjen en bout, yn guon gefallen, bewust fuort op it wurk fan oare skriuwers. Yn in fraachpetear mei Sietse de Vries [1] seit er dêroer: 'Wêrom soest dy as lêzer net ôffreegje hoe't it ferhaal fierder giet nei't de skriuwer der in punt efter set hat?'
In foarbyld fan dy wize fan wurkjen is it ferhaal 'Abel Sánchez' út de bondel Himelsk ferwulf. Yn 'Abel Sánchez' lit er Reinier van Assendelft, de haadfiguer út it ferhaal, in man mei dy Spaanske namme moetsje op in cruiseskip. It slagget Popma om de persoanlikheden fan beide figueren op in oannimlike wize te ferfrisseljen. Jabik Veenbaas fûn benammen de sfear fan tsjusterens en it kweade oansprekkend. Ek ‘Wachtwurd’ fûn er in sterk ferhaal. As ferbinend elemint neamde er it sykjen nei de woartels fan it bestean, it ûndersyk nei it ferline [2].
Yn syn yn 2004 ferskynde roman De wraakingel bliuwt er tichter by hûs, al hat de haadpersoan Katryn Averkamp wol de hiele wrâld oer reizge doe't se noch troud wie mei in man dy't by Shell wurke. Nei har skieding set se har te wenjen yn it plak K., earne yn Nederlân. Jetske Bilker op Farsk oer wat sy ‘in komplekse roman’ neamde: ‘Dy man kin wier skriuwe. En it is hartstikke spannend’. Tagelyk komt se yn har einoardiel ta de konklúzje dat ‘it weachstik’ dat dizze roman neffens har is, net echt slagge. Sa fûn se dat guon dingen yn it begjin te swier oanset binne, lykas it molestearjen fan it hûs, sa’t ek oare parten ûnoannimlik binne [3]. Jelle van der Meulen referearre ek oan it begjin dat er ‘ongeloofwaardig’ neamde. Tagelyk hie er kompliminten foar de konstruksje fan dizze roman [4].
Yn 2013 waard As gong dêr in oar publisearre. Johan, arsjitekt, en Mare, tolk en allinnichsteande mem, moetsje elkoar nei safolle jier foar de twadde kear en bringe in wike troch yn in fakânsjehûs oan de kust. Hy wrakselet mei de treinkaping by De Punt, sy kin har net losmeitsje fan har jeugd yn Fryslân. Geandewei wurdt troch flashbacks dúdlik wat him yn it ferline fan beide haadpersoanen ôfspile hat. Yn it boek is ek in oantal passaazjes oer de taal opnommen. Popma is fan betinken dat it Frysk wol bliuwe sil, al is it de fraach wannear’t it punt berikt is dat men him ôffreegje moat oft der noch fan in taal sprutsen wurde kin [5]. Doeke Sijens seach yn As gong dêr in oar in knap opboude roman, skreaun troch in betûft skriuwer, al wie er wol fan betinken dat de geheimen út it earste part fan it boek te let ferklearre wurde, mei as gefolch dat de roman wat út it lead hinget. De passaazjes oer taal litte neffens him sjen hoe maklik minsken by inoar lâns prate: ‘Hy heart wat er hearre wol, it ûnthâld is in gatsjepanne as it op beteljen oankomt’ [6]. Henry Baron yn World Literature Today sei oer dizze roman: ‘The serious reader will appreciate the thought-provoking substance of this novel’ [7].
Boarnen foar dit stik:
Knipselmap Tresoar
[1] Fraachpetear fan Sietse de Vries, LC 18-10-2002
[2] LC 27-09-2002
[3] Jetske Bilker op literatuerside Farsk, 2005
[4] Jelle van der Meulen op Friese literatuursite
[5] Fraachpetear fan Sietse de Vries, LC 05-04-2013
[6] LC 17-05-2013
[7] World Literature Today, jannewaris 2014
List fan wichtichste wurk
Poëzy
1966: In weak reservaet
Romans
1971: In kwesty fan hûd: votyfboek
2004: De wraakingel
2013: As gong dêr in oar
2020: It sket fan Toussaint
Ferhalebondel
2002: Himelsk ferwulf
Prizen
1964: Rely Jorritsmapriis foar fers Blues fan de sûndfloed
1965: Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Komsik
1965: Rely Jorritsmapriis foar fers Stêd fan it werkennen
1966: Rely Jorritsmapriis foar ferhaal De trein
1966: Rely Jorritsmapriis foar fers Myn folk myn kening
1967: Rely Jorritsmapriis foar ferhaal Wachtwurd
1971: Toanielpriis provinsje Fryslân foar Dalek: in skimespul
2022: Rink van der Veldepriis foar It sket fan Toussaint
Nominaasjes
2014: Rink van der Veldepriis, As gong dêr in oar
2015: Longlist Gysbert Japicxpriis, As gong dêr in oar
Mear ynformaasje:
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Sietse de Vries, LC 08-05-2020 (fraachpetear oer It sket fan Toussaint)
Jan Ybema oer As gong dêr in oar yn it dossier Befrijing yn de Fryske literatuer
Wâldnet, 18-06-2022 (ferslach útrikking Rink van der Veldepriis)
Meindert Reitsma oer it oeuvre op 29-10-2022 by boekpresintaasje
©Tresoar, 13-02-2023