Berne: 12-05-1939, De Rottefalle

Libben en wurk

Popke Popma wie oant syn pensjoen wurksum yn it ûnderwiis, earst yn Ljouwert en letter as direkteur fan basisskoalle ‘De Wynbrekker’ yn Eastersee, dêr’t er ek wennet.

Al foar syn ôfskied yn 2000 wie er warber as skriuwer. Sa skreau er ynearsten tegearre mei Douwe Kootstra (dy’t ek oan de skoalle yn Eastersee ferbûn wie) revu’s oer it doarpsbarren. Letter lei er him ta op it skriuwen fan toanielstikken, lykas foar de feestjûnen op skoalle en it jierlikse sinteklaasmearke dat troch it personiel opfierd waard foar de bern fan de skoallen yn de gemeente. Yn De Strikel hie er in kollum oer it teäter, wylst er foar it ûnderwiisblêd Byntwurk it ûnderwiis kritysk folge. Foar De Pompeblêden, it tydskrift foar Fryske stúdzje, skreau er besprekken fan berneboeken. Ek wurke er mei oan de Fryske metoade Skiednisbylden fan Fryslân: tolve fan de fyftich ferhalen binne fan syn hân.

Tematyk en resepsje
Popke Popma hat in soad belangstelling foar ûnderwerpen dy’t mei skiednis te krijen hawwe. It sikerswurk dat dêrmei anneks is komt ek werom yn syn boeken. Dat wie al sa by it berneboek Poehei om in skilderij (1996), dat er skreau yn oparbeidzjen mei Reinder Postma. Dat boek giet oer in stellen skilderij fan lânskipsskilder Mancadan. In pear bern besykje om de kwestje op te lossen. Dat wurdt neat, de plysje moat deroan te pas komme. Baukje Wytsma (Friesch Dagblad) fûn dat de plot deeglik en trochtocht ynelkoar sit. Fierder fûn se it ferhaal wat te foarsisber: ‘In sljochtwei ferhaal sûnder humor of ferrassingen’ [1].

Yn 2012 ferskynde Smelle spoaren, Popma syn earste boek foar folwoeksenen. It waard in plysjeroman mei as haadpersoan de âlderwetsk tinkende Klaas Hoogendijk dy’t net allinnich konfrontearre wurdt mei in jonge froulike kollega, mar ek noch achte wurdt mei har in moardsaak op te lossen. Dat spilet him allegearre ôf tsjin in dekôr dêr’t de iissilerij in grutte rol yn spilet. Jelle van der Meulen seach frijwat ‘clichématige en oubollige kanten aan het verhaal’ [2]. Jaap Krol fûn yn syn besprek dat dekôr in moaie metafoar foar spanning. Fierder wie er fan betinken dat it wol goed siet mei de spanningsbôge, wylst ek it flotte tempo him oanspruts. Oan de oare kant fûn er dat de skriuwer literêr sjoen net altyd ta it uterste giet, de personaazjes bliuwe tefolle hingjen yn har eigen rol. Dêrtroch komt it ferhaal neffens him net altyd oannimlik oer [3]. Doeke Sijens seach yn Smelle spoaren in ‘aardich boek, skreaun mei de iennige bedoeling de lêzer ferdivedaasje te leverjen’. Ek hie er wurdearring foar it net sûnder gefoel foar humor opfieren fan in jonkje dat wyld fan it plysjewurk is en fan alles byhâldt yn in boekje [4].

Yn 2015 ferskynde de twadde roman Skerp ark. As yn 1943 in lytse skarrelder by de mar in geheim agint treft, dy’t dy nachts mei in wetterfleantúch nei Ingelân brocht wurde sil, hat dy moeting foar beide grutte gefolgen. De resjerzje kriget nei de oarloch mei de neisleep te meitsjen. Jaap Krol wie te sprekken oer Popma syn skriuwen: ‘Helder en strak’. Ek fûn er Skerp ark troch it ferskaat oan personaazjes lêsber en spannend, al wie er wol fan betinken dat de skriuwer wat mear omtinken oan de ferhaallinen en it slot jaan moatten hie [5].

Fierder is Popke Popma geregeld warber as ferteller fan ferhalen.

Boarnen foar dit stik
[1] Leeuwarder Courant, 01-11-1996
[2] Jelle van der Meulen, Friese literatuersite
[3] Friesch Dagblad, 01-06-2013
[4] Leeuwarder Courant, 28-09-2012
[5] Friesch Dagblad, 05-03-2016

Bibliografy

Proaza
2012: Smelle spoaren
2015: Skerp ark

Berneboeken
1996: Poehei om in skilderij (mei Reinder H. Postma)

Ferskaat
1995: Verhalen over Lemsterland in de Tweede Wereldoorlog (mei Koen Zondag)
2000: As in faas mei blommen (Mei oaren, oer de skiednis fan Eastersee)

Mear ynformaasje
YouTube, 21-09-2012 (fragmint Smelle Spoaren)

©Tresoar, 14-08-2019