Berne: 29-03-1868, Koarnwert
Ferstoarn: 26-06-1963, Ljouwert

Libben en wurk

Obe Postma waard op 29 maart 1868 te Koarnwert berne as âldste fan sân bern fan Piter Obes Postma en Sybrichje Tseards Rinia; ien fan de bern stoar jong. De heit wie greidboer en hie niget oan skiednis en poëzij.

Nei de legere skoalle yn Koarnwert folge Obe in tal jierren mulo-ûnderwiis yn Makkum, dêrnei kaam er yn de twadde klasse fan it Snitser gymnasium, dêr’t yn de fyfte klasse foar de bêta-kant keas. Nei syn eineksamen yn 1886 studearre er wis- en natuerkunde oan de Universiteit fan Amsterdam. Yn 1889 helle er cum laude syn kandidaatseksamen en yn 1892 die er syn doktoraal. Hy krige tydlike beneamings oan skoallen yn Tyl en Tilburch. Yn 1894 waard er dosint ‘wiskunde en meganika’ en ‘kosmografy’ oan de Ryks-hbs yn Grins. Dat bleau syn wurk oant syn pinsjoen yn 1933.

Postma wie net troud. Hy wenne oant 1904 op himsels yn ferskate kosthuzen. Dêrnei sette er mei Liezabeth, ien fan syn susters, in eigen húshâlding op. Hy wie in wurdearre dosint en die aktyf mei yn it skoallibben. Yn dy tiid wie de lesomfang foar dosinten yn it middelber ûnderwiis aardich minder as hjoeddedei, wat him romte joech foar syn trochgeand wittenskiplik wurk. Nei syn pinsjoen ferhuzen de Postma’s nei Ljouwert, dêr’t se wennen yn de Ingelske strjitte. Postma ferstoar yn ’e âldens fan 95 jier. Hy waard tehôfbrocht yn syn berteplak. Op de sarkstien stiet skreaun ‘Dichter fan it Fryske lân’.

Natuerwittenskipper en histoarikus
Postma promovearre yn 1895 by de lettere Nobelpriiswinner J.D. van der Waals op it proefskrift Iets over uitstraling en opslorping. Hy smiet him nêst syn learaarsbaan op de stúdzje fan de natuerkunde. Hy hie ûnder oaren kontakt mei H.A. Lorentz, yn dy tiid in sintrale figuer yn it ynternasjonaal netwurk fan natuerkundigen. Syn artikels ferskynden yn de ‘Verslagen en mededelingen’ fan de Koninklijke Nederlandse Akademie van Wetenschappen. Postma makke fan alles wat er bestudearre en skreau úttreksels en oantekeningen yn skriften, achthûndert yn totaal. Dy wurde bewarre yn it argyf fan Tresoar. Se jouwe in goed byld fan syn geastlike arbeid en ûntjouwing troch de tiid hinne en litte ek de filosofyske achtergrûn fan syn dichtwurk sjen.

Yn 1912 begûn syn ynteresse yn histoaryske ûnderwerpen grutter te wurden en fan 1918 ôf liet er it natuerwittenskiplik bedriuw foar wat it wie. Hy rjochte syn wittenskiplike aktiviteit no hielendal op de skiednis fan it Fryske lân en syn bewenners, yn it bysûnder op de lânbouskiednis. Dat resultearre ûnder oare yn 1934 yn De Friesche kleihoeve. Nei syn pinsjoen koe er him noch mear útlizze op it skiednisûndersyk. Op hege jierren wurke er noch mei oan de Geschiedenis van de Friese Landbouw (1952), dêr’t him (en J.J. Spahr van der Hoek) yn 1954 de Dr. Joost Halbertsmapriis foar takend waard. Foar en nei publisearre er artikels oer de buorkerij, it boerelibben en it Fryske doarp by âlds, sa’t er earder ek oer wis- en natuerkundige ûnderwerpen skreaun hie. Oant oer syn njoggentichste kaam er noch op de Kânselerij oan de Turfmerk yn Ljouwert, dêr’t it argyf fêstige wie. Oant syn dea gie er troch mei it publisearjen fan histoaryske stúdzjes, dy’t noch faak oanhelle wurde. Wichtiger as syn wittenskiplik wurk is lykwols syn Frysk dichterskip.

Dichter
Leafde foar de poëzij hie Postma al sûnt syn gymnasiumtiid yn Snits, mar hy begûn pas te dichtsjen yn 1900. Yn 1902 debutearre er yn Forjit my net, it tydskrift fan it Selskip foar Fryske taal- en skriftekennisse, mei fjouwer fersen tagelyk, wêrûnder it bekende gedicht ‘De boerinne fan Surch’. It hjit dat Simke Kloosterman him oantrune hat om te publisearjen. Wis is dat yn sechstich jier dichterslibben in grutte stream fan gedichten ûntstie, dêr’t de dichter aardich sekuer fan byhold wannear’t se skreaun wiene. Postma is dus frij let begûn te dichtsjen. It wittenskiplik wurk allinnich joech him doe net genôch foldwaning mear. Hy sei dat er yn de natuerwittenskippen it wêzen fan de dingen net fûn hie, earder wol reden om foar de bêta-kant te kiezen. It dichtsjen wie in nij besykjen om dat wol te finen. It makke ek dat er by steat wie en beskriuw syn gefoelens, syn ûnwennichheid fan Fryslân en syn jeugd.

In wichtich man foar Postma wie syn freon Tjitze de Boer (1866-1942) fan Wurdum. De Boer wie filosoof, arabist, histoarikus, teolooch en psycholooch, ûnder oare konservator oan de universiteitsbiblioteek yn Grins en fan 1906 ôf heechlearaar filosofy oan de Universiteit fan Amsterdam. Tegearre hiene se it oer ferskate saken lykas filosofy en de Fryske skiednis. Boppedat wie De Boer leafhawwer fan keunst en liet dat yn syn wurk ek sjen. Nei syn ferstjerren skreau Postma it fers ‘Fan in ferstoarne freon’ dat De Boer en de freonskip tusken de beide mannen moai typearret, mei de markante slotrigels: ‘No stiet syn libben ôfsletten as in keunstwurk, steld bûten romte en tiid / En duorjender as yn de Keningsstrjitte sil it bewarre bliuwe.’ (De Keningsstrjitte is wêr’t it Eysingahûs stiet, doe yn gebrûk as Fries Museum; De Boer hie dêr noch wurke as konservator fan it Fries Museum). Lykas De Boer hie Postma ek grutte ynteresse foar it Frysk en yn syn kar foar it dichterskip hat dat faaks ek net licht meispile. Postma wie ek aktyf lid fan de Grinzer krite ‘Halbertsma’ fan it Frysk Selskip.

De titel fan syn earste bondel út 1918 docht jin, sjoen syn wittenskiplike en literêre ynteresse, gjin nij: Fryske lân en Fryske libben. Foar It sil bestean út 1947 krige Postma yn datselde jier de earste Gysbert Japicxpriis. Doe waard ek tarissing makke om in samling fan al syn wurk út te jaan. Dy kaam yn 1949 yn twa dielen as Samle Fersen. Doe’t Postma al oer de tachtich wie skreau er noch Fan wjerklank en bisinnen (1957) en stalde er sels in blomlêzing gear út it sammelwurk, Eigen kar: in blomlêzing út de Samle Fersen (1963). Yn dy tiid waard er sjoen as ien fan âldste dichters fan West-Europa. Neist dichter wie er ek in betûft oersetter fan poëzij. Hy sette fersen oer fan P.C. Boutens, Emily Dickinson en Rainer Maria Rilke en fierder Sineeske poëzij en grutte parten fan de Aldsaksyske Heliand. Krekt as by syn wittenskiplik wurk gie er mei syn dichtwurk hast oan de ein fan syn libben ta troch mei publisearjen. It lêstpublisearre fers ‘Yn Grinslân’ stie yn De Tsjerne fan oktober 1962.

Ienfâldich dichter

It iere wurk fan Postma hat syn woartels yn dat fan de dichters Verwey en de jonge Gorter en yn de Romantyk, dêr’t it wurk fan Wordsworth in foarmjende krêft yn west hat, mar dêr’t ek de ynfloed fan Eeltsje Halbertsma te merkbiten is. Spesifyk hat it epyske gedicht Mei fan Herman Gorter fan belang west. Dat gedicht hat Postma nei alle gedachten ynspirearre om it Fryske lânskip as dekôr te brûken en om in op it each sljochte taal te hantearjen.
Yn dy sljochte taal skûlet neffens Tamminga de krêft fan Postma: ‘... de wurdkar is dy fan it boerehiem, ûntdien fan syn rûge kanten, sljochte tael op it each, mar dêr’t op in wûnderlike wize in stille, inerlike glâns oer leit.’ Lytse en skynber ûnbetsjuttende saken wurde troch de taal optild. It dichterskip hat dêrmei syn woartels yn it folk. Postma kin lykwols gjin folksdichter neamd wurde, dêr wie er te yndividualistysk foar ynsteld; boppedat is syn poëzij lang net altyd like ienfâldich as guon hawwe wolle. It wurk hat in filosofyske achtergrûn dy’t net daliks tagonklik is. Wadman hie it yn de jierren fyftich al oer it ‘dichterlik geheimskrift’ dêr’t er mei doelde op allerhanne stylferskynsels fan Postma dy’t it patroan fan de sljochte taal trochbrekke. Jabik Veenbaas sjocht de ienfâld benammen yn de toan fan Postma syn fersen: de dichter bringt syn boadskip sa spontaan en naturel mooglik oer, syn poëzij is net ‘opdwaanderich’.

Ivichheidserfaring
In tige wurdearre en markant kenmerk fan Postma syn poëzij is de ‘ivichheidserfaring’ dy’t er oerbringt. Hieltyd wer besiket de dichter wurden te finen foar it ûnútspreklike, it ûntsachlike, foar dat wat ivich en ûnfergonklik is. Dat belibbet er benammen yn de natuer om him hinne. Troch al syn sintugen fielt er him dêrmei ferbûn en dêryn opnommen, yn in momint fan ivich lok, bytiden sa sterk dat er der fan skrieme moat. Yn it fers ‘Jo lêze fêst faak yn jo eigen gedichten?’ bringt Postma it as kommintaar op syn eigen wurk sels ûnder wurden. In aspekt dat dêrmei gearhinget is dat Postma ek dichtet oer de histoaryske sensaasje dat ‘no’ en ‘doe’ ien wurde, wat allyksa soarget foar in momintaan gefoel fan ivichheid. Yn it begjin gie it dêrby benammen om Postma syn persoanlik ‘doe’ (oantinkens oan minsken út syn jonge jierren bygelyks), mar doe’t er him op de skiednisstúdzje útlei, kamen dy histoaryske sinsaasjes los te stean fan syn persoanlike skiednis.

Dichter fan de sublime erfaring
It jin oerweldige fielen troch de grutheid fan de natoer wurdt oantsjut as ‘de sublime erfaring’, in skaaimerk fan de Romantyk. Breuker yntrodusearre dy term foar Postma yn syn ynaugurele rede yn 1996, ‘Obe Postma als auteur van het sublieme’. Dêrmei brûkte er in kwalifikaasje dy’t doe yn it literêr-histoarysk begripe-apparaat yn Nederlân net brûkt waard; dêr wie de term ‘het verhevene’ húsriem. Breuker wiisde op de besibbens tusken Postma en Wordsworth, Keats en Emily Dickinson, trije dichters dy’t dichtsje oer de sublime erfaring en as sadanich ek oantsjut wurde. Neffens Abe de Vries sit yn it ‘jin oerweldige fielen’ ek in elemint fan eangst, fan ‘terror’ – dat mist by Postma, reden wêrom’t dy neffens De Vries net in ‘auteur fan it sublime’ neamd wurde kin. Breuker wurket syn omskriuwing yn 2008 fierder út en neamt Postma ‘dichter van de sublieme ervaring’: ‘Het individuele, concrete van de werkelijkheid wordt één met het allesomvattende en als machtig ervaren continue andere dat buiten tijd en ruimte staat. In die ervaring maakt een vreemd verlangen zich meester van de ‘ik’, een gevoel als vastgenageld aan de grond te staan. Er zit vaak een erotisch element in. Van zelfverlies, zoals in de mystieke ervaring, is echter geen sprake’.

Homo-erotyske fersen
Algemien wurdt oannommen dat Postma homoseksueel wie, al is de leafde foar jonges en manlju yn syn wurk faak bedutsen yn in eksplisitearre swijen. Hy is gjin typysk manlike dichter te neamen; hy mijt gjin inkeld lyts detail en lit syn emoasjes dúdlik sjen. Dêrneist dichtet er net oer de leafde tusken man en frou. Mear hat er skreaun oer manlju en de relaasje mei faak in âldere dichter. Lykas yn ‘Fertrouwen’ dêr’t beskreaun wurdt hoe’t er mei in fierrekiker nei in jonge stiet te sjen. Of yn ‘Blommejonge’ dêr’t Postma tige eksplisyt yn is: ‘Dyn antlit, sei ’k, is moaier as dyn blommen.’

Besibbens mei oare dichters
Postma fielde him oan in oantal dichters besibbe en koe yn har wurk dingen werom dy’t him ek dwaande hâlden. Neist de boppeneamden binne dat Boutens, Rilke, Slauerhoff en guon Sineeske dichters. Faker as ien kear neamt Postma Slauerhoff yn syn gedichten of ferwiist er nei syn wurk. Yn ‘Unierdsk petear’ hat er sels in twaspraak mei Slauerhoff. Bekend is ek it gedicht ‘By de dea fan de dichter Slauerhoff’ út 1936. Postma fielde him mei Slauerhoff ferbûn fanwegen dy syn Fryske ôfkomst – hy neamt him ris ‘in Frysk dichter’ – en hy hie bewûndering foar syn moed om him iepentlik te uterjen en foar dat er mear as Postma oan syn langsten bod jûn hie. Yn it ‘in memoriamgedicht’ ferwiist Postma ek nei de iennichste kear dat beide mannen elkoar moeten: Yn 1916, doe’t Slauerhoff mûnling hbs-eineksamen die en Postma kommitearre wie. Hoe’t Postma Slauerhoff opnimt yn syn wurk is karakteristyk. Hy ferwiist konkreet nei en jout kommentaar op de aktualiteit, syn persoanlike skiednis, minsken dy’t er ken, mar ek oar literêr wurk en yn it bysûnder syn eigen wurk. Sa skreau er as reaksje op in fraach fan Ype Poortinga it al earder neamde ‘Jo lêze fêst faak yn jo eigen gedichten?’
Jabik Veenbaas wiist yn syn stik út 2003 op it gefaar dat de oarspronklikheid fan Postma syn dichterskip op ’e achtergrûn rekket as de klam tefolle op syn besibbens mei oare dichters komt te lizzen. Veenbaas sjocht it eigene fan Postma yn de besieling fan it sljochte Fryske lân, yn syn toan, yn syn sykjen om harmony en yn syn sels-irony.

Sels-irony
Postma kiest geregeld de posysje fan de underdog om syn poëzij te presintearjen. Lykas yn it gedicht ‘Te Harns’, dêr’t er skriuwt dat Goethe in reis makke nei Itaalje en Rilke nei Ruslân, mar dat hy op syn âlde dei nei Harns west hat. Yn de besite oan dy lytse stêd sit foar Postma alles wat yn it libben fan belang is, en neigeraden’t it fers him ûntjout feroaret syn sels-irony yn kommintaar op Goethe en Rilke, dy’t mienden dat se nei fiere lannen moasten om de wrâld wier kennen te learen. Foar Postma wiene de lytse saken fan likefolle belang as de grutte, de kowestâl en de fiskershúskes like nijsgjirrich as it Empire State Building, sa’t Veenbaas stelt. Postma syn sels-irony slút goed oan by syn sljocht dekôr fan doarp en greide en by syn natuerlike toan.

Untjouwing yn tematyk
Yn essinsje is Postma syn wurk troch de tiid hinne net feroare. Lykwols kin dochs in ûntjouwing yn syn dichterskip sjoen wurde, dy’t Breuker as folget sketst Yn it begjin is op Postma syn poëzij fan tapassing wat de dichter oantsjut as ‘it oantinken oan in lokkich eagenblik’, wêrby’t dat wat er op it stuit fan it tebinnenbringen foar him hat, him ferbynt mei it moaie út it ferline, sadat it tsjintwurdige en it foarbije ta ien dream yn elkoar skine te rinnen. De tematyk is yn ’t earstoan benammen de eigen jeugd, mar om 1912 hinne begjint er mear besieling te finen yn it (Fryske) ferline, mei troch syn histoaryske ûndersiken. Sawat tweintich jier letter fielde er sa sterk dat er it ferline net mear nedich hie en wreide de wrâld fan de dichter him út nei syn eigen tiid ta. Hy krige ûntsach foar de wrâld om him hinne en pleatste lytse dingen yn in grutter, kosmysk ferbân. Syn wurk út de lêste perioade wurdt boartliker en frijer. Dêrneist liket er mear ôfstân te nimmen, objektiver te wurden. Likegoed sit Postma syn poëzij fol mei emoasje. Al mei al krijt it wurk in tiidleas karakter, wat ornaris as in grutte fertsjinste sjoen wurdt.

Foarm
Behalve by de tematyk is der ek yn de foarm in ûntjouwing te sjen. Yn it begjin wie de meast foarkommende foarm in gedicht mei strofen fan fjouwer rigels mei in ûnopfallend abcb rympatroan. Fan it begjin ôf skreau Postma ek al rymleaze gedichten en nei ferrin fan tiid liet er de regelmjittige strofebou ek los. Yn de jierren tweintich ûntstie by syn frije fersen de parlandostyl, wat ynhâldt dat it skreaun is yn alledeiske taal en mei metrum en ritme de sprektaal benaderje wol. It is de styl dy’t poergeskikt is om de sfear fan in âlde mimerjende man op te roppen.

Fersprieding, resepsje, stúdzje
Noch by syn libben, yn 1953, waard Postma syn wurk foarwerp fan ûndersyk. Doe kaam literêr tydskrift De Tsjerne mei in ôflevering dy’t oan Postma wijd wie, dêrneist ferskynde as apart boekje in essay fan Fokke Sierksma. By gelegenheid fan syn 90ste jierdei waard yn 1958 in spesjaal nûmer fan It Beaken, it tydskrift fan de Fryske Akademy, oan de dichter oanbean.

Yn 1978 ferskynde Samle fersen, mei in ynlieding fan D.A. Tamminga. By dy gelegenheid presintearre it Letterkundich Museum yn Den Haach in tentoanstelling oer Postma dy't earder op it FLMD stien hie en waard der yn lanlike blêden omtinken oan him bestege. Bûten Fryslân naam de belangstelling noch mear ta doe’t Postma sterk profilearre waard yn de earste edysje fan de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Yn 1997 kaam Van het Friese land en het Friese leven út mei oersettings fan Jabik Veenbaas en in neiwurd fan Philippus Breuker. Mei de Ingelsktalige blomlêzing What the Poet Must Know (2004) kaam it wurk ek beskikber bûten de lânsgrinzen. Earder wie dat al bard mei in lytse seleksje yn it Dútsk oersette fersen.

Abe de Vries ornearret yn syn ynlieding op syn blomlêzing It sil bestean yn 2004 dat Postma yn de resepsje anneksearre is troch hyltyd wer oare belange-groepen: frysk-nasjonalen, kristenen op syk nei in Ersatz-religy, tradisjonele dichters mei krityk op de eksperimentelen, kosmopoliten dy’t de agraryske kontekst fan de Fryske literatuer ûntkenne woene, literatuerpromotoaren dy’t har rjochtsje op it urbane lêzerspublyk en dy’t benammen de bûtenlânske dichtersynfloed beklamje.

De Vries sels sjocht twa wichtige aspekten yn Postma syn wurk: hy is dichter fan ’e ‘mienskip’ (fan it ferlies dêrfan en fan it sykjen dêrnei) en, yn in tiid dat Fryslân hyltyd foller boud wurdt, is hy de dichter fan it eroatyske natuerbelibjen. De Vries slút him yn it ‘mienskipssykjen’ fan Postma oan by Geart fan der Mear en Fokke Sierksma. Hy ferklearret dit aspekt yn Postma syn wurk út it gefoel fan ûnwennigens, dat Postma as Fries om utens grif altyd hân hawwe moat. De eroatyske natuerbelibbing lêst De Vries yn de langst ‘om de fruchtberens fan himel en ierde yn in duorjend byld fêst te lizzen’.

Noch oar sekundêr wurk ferskynde. Yn 1979 waarden eardere stúdzjes fan J.H. Brouwer, Anne Wadman en Fokke Sierksma bondele. Yn 1982 skreau J.J. Kalma in bibliografy fan en oer it wurk fan Postma en in pear jier letter ûndersocht Piter Boersma de frekwinsje fan de meast brûkte eigenskipswurden (1988). Breuker kaam yn syn ynaugurele rede yn 1996 mei it ‘sublime’ om Postma syn wurk te karakterisearjen. Literêr tydskrift Trotwaer joech yn 1997 in spesjaal nûmer oer Obe Postma mei alderhande stikken oer Postma en syn wurk. Jabik Veenbaas en Abe de Vries reagearren wer op de stúdzjes fan Breuker en dy kaam yn 2005 mei brede ynlieding yn de nije útjefte fan de Samle fersen.

Yn 2018 ferskynde ûnder de titel Dreaun fan ierde' dream in biografy oer Postma skreaun troch Philippus Breuker. Yn dy biografy besprekt Breuker ferskate aspekten fan it libben en wurk fan Postma, lykas de stúdzjetiid, it learaarskip yn Grins, syn freonen en syn wurk as dichter en histoarikus.

Oant de dei fan hjoed wurde der noch geregeld gearkomsten en dagen holden om Obe Postma en syn wurk hinne. Wichtich dêryn is it Obe Postma Selskip, dat oprjochte is yn 2006 en nije útjeften en stúdzjes fan syn wurk stimulearret mei it tydskrift Wjerklank en ien kear jiers in stúdzjedei oer aspekten fan Postma en syn tiid.
Yn novimber 2014 kaam der troch it krewearjen fan it Obe Postma Selskip in búste fan Postma yn de stúdzjeseal fan Tresoar mei de krakteristike dichtrigels:

En siele hat – o dream yn simmerlân –
Yn ierdsk begean fan it tideleaze wûn.


Postma op byld
Bewegende bylden mei Obe Postma binne seldsum, oant no ta binne der mar twa ûntdutsen. Yn 2012 waarden foar it earst filmbylden fûn dêr’t Postma op te sjen is. It fragmint is fan 3 novimber 1950 en makke yn Boalsert, dêr’t Postma de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis en de Joast Halbertsmapriis bywenne. Hy wie doe 82 jier. Underoan dizze side is dat filmke te sjen. Foar mear ynformaasje oer de ûntdekking sjoch hjir.

Yn 2019 waarden op 'e nij bylden ûntdutsen by it Frysk Film Argyf. Diskear is it fragmint fan 1952, dêr't Postma yn petear is mei keninginne Juliana yn De Harmonie te Ljouwert. 

In priuwke fan Postma syn wurk
Hjirûnder steane de gedichten ‘Mienskip’ en ‘Ein’. Sjoch ek ûnderoan dizze side foar in opname fan Postma dy’t it fers foarlêst yn 1959 (hy wie doe al 90+)

'
Mienskip'
De sleat mei kikkertsblom,
De úttrape wâl in byt begroeid,
Ofearte pôle en tehaff’le reid –
De miedkraach mei syn dracht
Fan klaver, blommeguod en al
Wat op ’e seine wachtet,
   Kaam gear yn my,


It lûd, dat fan ’e hiemen komt,
It balten dat oer ’e lânen klinkt,
En al ’t bedriuw
Dat libben om my hinne giet
   Kaam gear yn my.

It folk dat hjir syn wenstee hie,
En wat der bodde en wrotte d’ ieuwen oer,
En al wat hjir troch bloei en stjerren gong,
   Kaam gear yn my.


[1926]

'
Ein'
Noch in boek mei wat sangen; wat witnisspul
Ut âlde brief beskreaun?
Mear kin ik net wachtsje; de oere giet,
De dream is hast ferdreaun.

Fier oer de bergen it ljocht dat ea
Ut fergûne sinnen blonk;

Troch de beammen in rûzjen fan ivichheid,
Dêr’t al wat wie fersonk.

Ferstoarne geslachten’ wêzens skyn
Stiet bûten tiid en stee.
De weagjende siele naam har op;
Sa jou dy oer oan de see.

[1935]

Boarnen foar dit stik
Foar it skriuwen fan boppesteand stik is gebrûk makke fan de samle fersebondels út 1978 en 2005, de twatalige blomlêzingen Van het Friese land en het Friese leven / Fan it Fryske lân en it Fryske libben en What the Poet Must Know, fan Skriuwers yn byld 6, fan de literatuerskiednis Zolang de wind van de wolken waait, it spesjale nûmer fan Trotwaer út 1997, de stikken fan Jabik Veenbaas út 2003 en fan Abe de Vries út 2004, it artikel fan Philippus Breuker út 2008 en de bydragen fan Tineke Steenmeijer en Philippus Breuker yn Obe Postma. Dichter fan it Fryske lân út 2014.

Bibliografy

Dichtwurk

1918: Fryske lân en Fryske libben (2e fermeardere pr. 1923)
1929: De ljochte ierde: nije fersen
1937: Dagen
1946: It sil bistean
1957: Fan wjerklank en bisinnen
1949: Samle fersen (twa dielen)
1963: Eigen kar : in blomlêzing út de Samle Fersen
1978: Samle fersen (ynlieding fan D.A. Tamminga, besoarge troch Tineke Steenmeijer-Wielenga, mei help fan Freark Dam en Philippus Breuker)
1998: Van het Friese land en het Friese leven / Fan it Fryske lân en it Fryske libben (gearstalling en neiwurd troch Ph. Breuker; oersetting troch Jabik Veenbaas)
1998: Fryslân! De wrâld!/Friesland! Die Welt! (O. Postma en Tsj. Hettinga; oerset troch A. Posthuma en B. Gezelle Meerburg)
2004: It sil bestean (gearstalling en ynlieding Abe de Vries)
2004: What the poet must know (oersetting Anthony Paul, mei in ynlieding fan Jabik Veenbaas)
2005: Samle fersen (ynlieding troch Philippus Breuker, besoarge troch Tineke Steenmeijer-Wielenga)
2018: Selected poems (trijetalich)

Oersettingen

1933: Gedichten fen Rilke
1982: Twofold/Twilûd (tsien fersen fan Emily Dickinson yn Fryske oersetting)

Oaren oer Postma en syn wurk (in seleksje)
1953: F. Sierksma, Bern fan de ierde, in essay oer it dichtwurk fan Obe Postma, Drachten
1958: It Beaken, Dr. O. Postma, spesjale útjefte, oanbean ta gelegenheid fan syn 90ste jierdei
1978: D.A. Tamminga, Ynlieding by de Samle fersen.
1979: A. Feitsma (ed.), Oer Obe Postma, stúdzjes fan J.H. Brouwer, Anne Wadman en Fokke Sierksma, Ljouwert
1979: G. van der Meer, Ta skiente brocht wat net as libben wie, yn Trotwaer (nr. 4)
1981: A. Feitsma, Obe Postma, un tachtiger yn Fryslôn, yn Trotwaer (nr. 1),
1982: J.J. Kalma, Bibliografy fan en oer it wurk fan O. Postma, Ljouwert
1988: P. Boersma, ‘De frekwinsje fan it eigenskipswurd yn it wurk fan Obe Postma’, yn Wurdfoarried en wurdgrammatika, Ljouwert
1996: Ph. H. Breuker, Obe Postma als auteur van het sublieme, ynaugurele rede UvA, Amsterdam
1997: Skriuwers yn byld nr 6: Obe Postma (1868-1963), gearstald troch Philippus Breuker, Tineke Steenmeijer-Wielenga en Andrys Stienstra
1997: Trotwaer, ’t Hat west, it is. De aktualiteit fan Obe Postma, spesjaal nûmer
2003: J. Veenbaas, ‘De oarspronklikheid fan Postma’, yn De lêzer is in duvel.
2004: A. de Vries, ‘Eros yn ’e greide i - iv’, ynlieding by blomlêzing It sil bestean.
2005: Ph. H. Breuker, ‘It godlike fan dream en sinnen’, ynlieding op de Samle fersen.
2008: Ph. H. Breuker, ‘Obe Postma, dichter van de sublieme ervaring’, yn De dichters en de filosofen. Wijsgerige aspecten vande poëzie in Nederland rond 1900.
2014: Obe Postma. Dichter fan it Fryske lân. Ferskate auteurs. Utjefte by gelegenheid fan de ûntbleating fan de búste fan Postma yn Tresoar, 6 novimber 2014.
2017: T. Steenmeijer-Wielenga & G. fan der Mear, Obe Postma, In libben dat bloeide nei syn aard, Ljouwert.
2018: Ph. H. Breuker, Dreaun fan ierde' dream. Libben en wurk fan Obe Postma, Ljouwert.

2006 - ... Tydskrift Wjerklank (ferskynt twa kear jiers) en temabondels fan de stúdzjedagen fan it Obe Postma Selskip.

Prizen

1947: Gysbert Japicxpriis foar It sil bestean
1954: Rely Jorritsmapriis foar ‘Fan de fjouwer eleminten’
1954: Dr. Joost Halbertsmapriis foar Geschiedenis van de Friese Landbouw (mei J.J. Spahr van der Hoek)

Mear ynformaasje
Jelle van der Meulen, Friese literatuursite
Obe Postma Selskip, website
Doeke Sijens, LC 01-03-2019 (resinsje Dreaun fan ierde' dream fan Philippus Breuker)
Skriuwers yn byld, Omrop Fryslân, 26-05-1998
Pieter de Groot, LC 10-09-2021 (oer it fuortbestean fan it Obe Postma Selskip)

Media
Tresoar Treast Telefyzje


Postma, tankwurd by Gysbert Japicxpriis 1947 

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.

Picture poem: 'De Jefte'. Produksje: Metafoor Media, yn opdracht fan Tresoar

'ResponsiveMedia' plugin by Geoff Hayward.


©Tresoar, 13-10-2021