Berne: 02-06-1883, Makkum
Ferstoarn: 21-09-1948, Drylts

Libben en wurk

Bokke Reinder Pollema groeide op op de âlderlike pleats yn de omkriten fan Snits. Nei de middelbere skoalle gie er as studint nei it westen fan it lân, hy studearre ûnder oaren in skoftsje yn Delft. Dy stúdzje makke er net ôf. Hy kaam werom nei Fryslân en sette him nei wenjen yn Huzum by Ljouwert.

Lês mear...

Berne: 28-05-1910, Rinsumageast
Ferstoarn: 02-12-1985, Ljouwert

Libben en wurk

Ype Poortinga waard te Rinsumageast berne op 28 maaie 1910. Yn 1926 die er as sechstjinjierrige talittingseksamen foar it Grifformeard Gymnasium yn Huzum. Oan de Grinzer Ryksuniversiteit foel de kar úteinlik op de Dútske taal- en letterkunde mei it Aldnoarsk en it Aldfrysk as byfakken. Al yn syn gymnasiumjierren hie Poortinga belangstelling krige foar it Frysk, dat er letter `in part fan myn identiteit' neame soe.

Lês mear...

Berne:18-05-1953, Harns

Libben en wurk

Margryt Poortstra waard berne op 18 maaie 1953 yn Harns. Se groeide op yn Arum en Wytmarsum. Nei’t se har mulo-diploma helle hie, helle se op hafû-nivo noch in tal sertifikaten. Se wurke yn Ermelo yn de swaksinnigesoarch en kaam letter as sekretaresse by de RIAGG te wurkjen. Se hat in dochter en in soan wennet mei har man yn Seewolde.
Lês mear...