Berne: 16-05-1979, de westereen
-
Boeken, AV materiaal, artikels, hânskriften, brieven, muzyk
-
Digitale Bibliotheek Nederlandse Letteren
- Gedichten
-
byldmateriaal
- biografy nl
Libben en wurk
Jan Minno Rozendal is soan fan Anders Rozendal en Corry Boelens, beide ek skriuwer.
Op syn tsiende ferhuze it húshâlden nei Bûtenpost, letter gie er op keamers yn Grins, dêr't er no noch wennet. Nei in hiele syktocht by ferskate rjochtingen del keas er lang om let foar in jûnsstúdzje skiednis oan de RUG. Dêr helle er nei fjouwer jier syn master. Op dit stuit hat er in kommersjeel skriuwburo. Dêrneist wurket er oan in promoasje-ûndersyk oer Douwe Kalma, dat er yn 2024 hopet ôf te sluten mei in dissertaasje.
Op syn achttjinde hie er al ris in koart ferhaal foar in bondel fan de KFFB oanlevere, mar dêrnei heakke it. Pas by syn stúdzje krige er wer aardichheid oan it byldzjend skriuwen. Om better te wurden folge er kursussen folge by Jetske Bilker en Lupko Ellen.
Yn 'e simmer fan 2014 krige er âlde memoires yn hannen dy’t er ferwurke ta syn debútroman Drift, dy’t by de KFFB útkaam yn 2017. Drift is in roman dy't yn it ferline spilet. Haadpersoan Nelly is fan leger kom-ôf, mar wol hegerop. Se oertinkt har mooglikheden út in turfhok wei, dêr't se yn opsletten sit. Kwa tematyk slút dit debút samar oan by it wurk fan skriuwers út eardere tiden, fûn Doeke Sijens [1]. Hy neamde yn dat ferbân Haisma en Brolsma. Dat Rozendal likegoed in moderne ynslach hat, bewiist neffens him de keazen foarm fan it boek: út in ôfsletten lokaasje wei. Ek hie er wurdearring foar it úttekenjen fan de haadpersoan: 'in sympatyk en krigel famke'.
Oan it begjin fan 2018 kaam syn twadde boek De Fluchste Blanke út, krekt as Drift in histoaryske roman, dy't him ôfspilet om de twadde wrâldkriich hinne. Sintraal stiet Huub Verhoeven, basearre op de Nederlânske atleet Tinus Osendarp, dy't nei de oarloch deaswijd waard omdat er foar de Dútske kant keazen hie.
Yn 2018 kaam in biografy út fan de dichter en Fryske strider Anders Minnes Wybenga (1881 - 1948). Yn 2022 kaam Rozendal mei in roman oer Johan Wardenier, de útfiner dy't in soad omtinken luts mei in motor dy't amper brânstof nedich hie.
Yn de jierren dêrnei publisearre Jan Minno Rozendal ûnder de skûlnamme I.E. Bloem twa jeugdromans, dy't bei geunstich ûntfongen waarden, mei as útsetter yn 2022 de Simke Kloostermanpriis foar It neidiel fan'e twivel. By de útrikking stapte Rozendal ûnder syn skûlnamme wei en makke er dêrmei in ein oan alle spekulaasjes oer syn identiteit. Itselde boek waard letter dat jier foarsjoen fan in White Raven, in ynternasjonale oanbefelling foar bysûndere jeugd- en berneboeken.
Boarnen foar dit artikel
[1] Doeke Sijens, LC 14-04-2017
Bibliografy
Romans
2017: Drift
2018: De fluchste blanke
2022: De masine
Jeugdromans:
2020: Eudaimoania
2021: It neidiel fan 'e twivel
Ferskaat
2018: Yn eigen taal (biografy oer Anders Minnes Wybenga)
Nominaasjes:
2022: Simke Kloostermanpriis (foar It neidiel fan 'e twivel)
Prizen:
2022: Simke Kloostermanpriis (foar It neidiel fan 'e twivel)
Mear ynformaasje
Sietse de Vries, LC 28-04-2017 (fraachpetear)
Sietse de Vries, LC 21-09-2018 (fraachpetear oer Yn eigen taal)
Abe de Vries, FD 13-10-2018 (besprek Yn eigen taal)
Elisabeth Post, LC 24-09-2022 (oer útrikking Simke Kloostermanpriis)
Diane Romashuk, FD 24-09-2022 (oer It neidiel fan'e twivel en de útrikking fan de Simke Kloostermanpriis)
©Tresoar, 28-09-2022
Foto auteur: Haye Bijlstra, Tresoar